Ernst Heinrich Göring
Ernst Heinrich Göring (Emmerich, 31 oktober 1838 - München, 7 desimber 1913) wie in Dútske jurist, gûverneur en diplomaat dy't in lang skoft yn de Dútske oerseeske koloanjes oan 't wurk wie.
Göring helle in graad yn de rjochten en fjochte mei it Prusyske leger yn de oarloggen fan 1866 en 1870-'71. Hy waard as Kaiserlicher Kommissar oansteld yn de nij stifte koloanje Dútsk Súdwest-Afrika (it hjoeddeiske Namybje) en kaam mei syn húshâlding augustus 1885 oan yn Angra Pequeña (it Lüderitz fan no). Yn Otjimbingwe hie er syn kantoar en in missyskoalle. Hy hie twa man ûnder him.
Göring syn taken wienen ûnder mear:
- tafersjoch op it neikommen fan de fredesakkoarden tusken de lânseigen folken ûnder elkoar en mei de nije kolonisator;
- it krijen fan de eksploitaasjerjochten foar de mynbou;
- it organisearjen fan wapen- en drankhannel.
Hy moast Namybje lykwols hommels ferlitte doe't it haad fan de Ovaherero Maharero, it ferdrach mei de Dútskers opsei. Göring flechte nei Walfiskbaai en ferliet Namybje augustus 1890 om nei Haïty te gean, dêr't er konsul waard. Hy gie mei pinsjoen yn 1895.
Hy wie de heit fan Hermann Göring en Albert Göring.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Gewald, Jan-Bart (1999). Herero heroes: a socio-political history of the Herero of Namibia 1890-1923. Oxford: James Currey. ISBN 0-85255-749-3.
- J. H. Esterhuyse: South West Africa 1880-1894. The Establishment of German Authority in South West Africa, Kaapstêd 1968.
- George Steinmetz: The Devil's Handwriting: Precoloniality and the German Colonial State in Qingdao, Samoa, and Southwest Africa, University of Chicago Press, 2007.