[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Eli Whitney

Ut Wikipedy
Eli Whitney
Eli Whitney is mei de útfining fan 'e cotton gin ferneamd wurden

Eli Whitney of Eli Whitney jr. (Westborough, Worcester County (Massachusetts ), 8 desimber 1765New Haven (Connecticut), 8 jannewaris 1825) wie in Amerikaansk útfiner. Hy is wierskynlik it meast bekend fan syn cotton gin, in egrenear- of ûntkerlmasine dêr't de siedsjes fan katoen automatysk fan de plant mei skieden wurde koenen.

Whitney is yn Worney Country berne as de âldste soan fan Eli Whitney sr., in rike boer. Syn mem, Elizabeth Fay Whitney, ferstoar yn 1777 doe 't Eli alve jier âld wie. Nei syn ôfstudearjen yn 1792 as jurist oan 'e Universiteit fan Yale reizge er nei Súd-Carolina om húslearaar te wurden. By oankomst die bliken dat it salaris folle leger as ôfpraat wie en hy betanke foar it wurk. Hy kaam telâne op de plantaazje dêr't syn reismaat Phineas Miller opsichter wie. Dêr seach er de problemen fan katoenplantaazje en dan benammen de hoefolle tiid dy't in slaaf nedich hie om de katoenfezels te ûntpitten. Doe ûntwurp en boude er yn 1793 syn cotton gin. Troch syn útfining koe ien persoan tenei it wurk fan 15 minsken (binnen deselde tiid) dwaan.

Troch de grutte fraach nei katoen waard syn egrenearmasine in grut sukses. Yn 1794 krige er patint op syn útfining. Tegearre mei syn sakepartner Miller begûn er yn New Haven in masinefabryk en ferkocht er syn masine oan plantaazje-eigeners yn it suden fan de Feriene Steaten. Al gau waard syn útfining troch oaren kopiearre, oan 'e iene kant omdat Whitney de tige grutte fraach nei egrenearmasines net byhâlde koe, oan de oare kant omdat hy en syn partner in part fan de produksjewinst fan de masines ôftwongen. Troch de breklike oktroaiwetjouwing koe Whitney syn útfining net beskermje en wie er in soad tiid en jild kwyt oan rjochtsaken – dy't er fan de ynfloedrike plantaazje-eigeners wol gauris ferlear.

Yn opdracht fan Samuel Colt produsearre Ely Whitney sûnt 1847 de Colt Walker (of 'Walker Colt') yn Whitneyville, in buertsje yn Hamden dat letter troch New Haven opslokt wurde soe. Nei 90 jier famyljebesit ferkocht de pakesizzer fan Eli Whitney jr., Eli Whitney IV (1847-1924), de wapenfabryk yn 1888 oan 'e Winchester Repeating Arms Company yn New Haven.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Commons Commons: Eli Whitney – foto, fideo en harktriemmen