[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Edmund Burke

Ut Wikipedy
Edmund Burke

Edmund Burke (Dublin, 12 jannewaris 1729Beaconsfield, 9 july 1797) wie in Iersk filosoof en politikus dy’t as grûnlizzer fan it moderne konservatisme beskôge wurdt.

Edmund Burke kaam yn 1750 nei Londen om dêr jurist te wurden, mar de rjochtswittenskip fûn er dôchs mar neat. Hy begûn politike stikken te skriuwen foar it krekt oprjochte tydskrift “The Annual Register". In skoftke letter soe Burke sels ek de polityk yngean as lid fan de Whigpartij.

Burke wie in fûl bestrider fan de Frânske revolúsje dêr't er de Ingelske Glorious revolution en de Amerikaanske revolúsje tsjinoer sette.

Burke seach de rol fan de steat wat de maatskippij oanbelanget foaral as dy fan in túnman mei syn tún. De túnman besocht de tún te ûnderhalden. Progressiven en revolúsjonairen seagen Burke as boukundige dy't de boel hieltiten oan de fan blaudrukken en utopyen feroarje woe. Burke wiisde it utopysk radikalisme fan de hân. Hy foarseach al yn syn “Reflection on the Revolution in France’ dat de Frânske revolúsje op in diktatoriaal skrikbewâld útrinne soe. Ûnder lieding fan Robespierre ûntwikkele de Frânske revolúsje har yndie yn dy rjochting.

Yn Nederlân komt de Edmund Burke Stifting op foar de konservative saak. Yn Belgje is dat de Deltastifting, as útjouwerij fan it blêd TeKos. (teksten, kommentaren en stúdzjes).

Edmun Burke skriuwt yn 1757 syn ûndersyk. In filosofysk ûndersyk nei de oarsprong fan ús tinkbylden oer it sublime en it skjinne. Yn dit ûndersyk stelt hy dat skoanderens en oerweldiging inoars tsjinpoalen binne. Hy jout formele skaaimerken fan wat minsken as moai erfare. Bygelyks rûn en sêft.

Edmund Burke wie lid fan de Frijmitselderij.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Edmund Burke fan Wikimedia Commons.