[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Enklave

Ut Wikipedy

In enklave is gebiet dat gâns binnen it eigen gebiet fan in oare partij leit. Guon enklaves binne ûnôfhinklik, lykas San Marino, in enklave yn Itaalje. Oare enklaves hearre ta in oar lân, en binne dêrmei ek eksklaves, lykas Busingen, in enklave yn Switserlân dy't in eksklave fan Dútslân is.

Somtiden wurdt it begryp beheind troch territoriale wetters út te sluten as mooglike grins. Oarsom wurdt it ek wol útwreide mei dy gefallen dêr't it omsletten land al in kust hat, mar dy mar koart is, yn fergelyk mei dy fan it omslettende lân. Bygelyks, Monako hat syn eigen territoriale wetters, dy't net troch de Franske omsletten wurde. Mar de kust fan Monako is folle koarter as dy fan Frankryk, dat Monako wurdt somtiden doch sjoen as in enklave fan Frankryk.

It begryp wurdt meastal brûkt foar steaten, mar kin ek oars tapast wurde: de gemeente Frjentsjer wie yn de 19e iuw in enklave yn de gemeente Frjentsjerteradiel. Ek wurdt it begryp brûkt foar bygelyks in gebiet mei in oar leauwen as yn it omlizzende gebiet, of mei inwenners fan in oar etnysk of kultureel komôf. Ek foar fakânsjeoarden mei in grut tal fakânsjegongers fan ien nasjonaliteit wurdt wol sprutsen fan in enklave.

Binnen-enklaves

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn guon gefallen lizze yn enklaves wer oare enklaves, binnen-enklaves. De ienichste binnen-binnen-enklave is in Yndyske enklave yn in Bangladeeske enklave yn in Yndyske enklave yn Banglades.

Ynternationale enklaves

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Kairagach Tadzjikistan yn Kirgyzje.
  • Kalacha - Oezbekistan yn Kirgyzje.
  • Kalmion - Oezbekistan yn Kirgyzje.
  • Karki - Azerbeidzjan yn Armeenje.
  • Koetsjbehar - Yndia yn Banglades (104 enklaves, 2 binnen-enklaves en 1 binnen-binnen-enklave).
  • Ksylotimbou - Syprus yn Grut-Brittanje.
  • Tatly - Azerbeidzjan yn Armeenje (2 enklaves).

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]