[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Dieltrekker

Ut Wikipedy

Dieltrekker of dieltsjogger is in ornitologyske term foar in fûgelsoarte dy't by 't simmer yn (û.m.) Nederlân briedt, mar syn briedgebiet foar de winter foar in part ferlit. Dêrby wurdt dan yn 'e súdliker dielen fan it briedgebiet de fuorttrekkende simmerpopulaasje yn 'e winter ferfongen troch in oare populaasje, dy't by 't simmer yn it noardlike diel fan it briedgebiet libbet. It begryp dieltrekker moat net betize wurde mei in simmerfûgel, in fûgel dy't syn briedgebiet yn (û.m.) Nederlân by 't winter folslein ferlit. Foarbylden fan dieltrekkers binne de bûnte lyster, de protter, it readboarstke, de toefein, it waarlamke en de wylde ein.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Camphuysen, Kees; Bijlsma, R.; en Hustings, Fred, Avifauna van Nederland, Deel 2: Algemene en Schaarse Vogels van Nederland, Seist, 2001 (KNNV), ISBN 978-9 07 43 45 217, s. 2.