[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Protter

Ut Wikipedy
protter
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje protterfûgels (Sturnidae)
skaai protters (Sturnus)
soarte
Sturnus vulgaris
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

lânseigen:
     stânfûgel
     simmergast
     wintergast

yntrodusearre:
     stânfûgel as eksoat
     simmergast as eksoat


De protter (Sturnus vulgaris) of rûts, staar, staring, stark en starring, is in lânseigen fûgel yn Jeropa en Aazje. Hy is ek oerbrocht troch de minsken nei Noard-Amearika, Súd-Afrika, Austraalje en Nij Seelân. Omdat protters harren maklik oanpasse wurde se yn inkele fan dy lannen al as in pleach sjoen.

De 19-22 sm grutte protter is hielendal swart mei grize spikkels. Hy hat glânzjende fearren mei in brûnsgriene of pearse gloed. De fûgel yt fan alles, bygelyks ynsekten, beien en wjirms.

Protteraaien

De protter hat syn nest yn in holte, bygelyks yn in beam of in nestkast. Hy leit 3-6 aaien dêr't beide fûgels sa'n 2 wiken op briede. De jongen bliuwe 3 wiken op it nest foar at se útfleane.

Yn de hjerst en winter foarmje de protters grutte kloften. By jûntiid sammelje sy har' yn in grutte groep en sykje in sliepplak op. De fûgels yn Nederlân binne foar it grutste part trekfûgel en lûke nei it suden en westen ta, sa as Frankryk en Grut-Brittanje. Op de plakken dêr't se oerwinterje foarmje de protters somtiden wol kloften fan oant 1 miljoen fûgels.

Protters binne by steat om de lûden fan oare fûgels nei te dwaan.

Protters op it menu

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn eardere iuwen stiene jonge protters yn grutte parten fan Europa op it menu. De jonge fûgels waarden fongen yn saneamde protterpotten, in keramyske nêstgelegenheid. De protterpot hie in fleangat en wie oan de efterkant, dy't tsjin de muorre hong, iepen, sadat de jonge fûgels der krekt foar it útfleanen maklik út heljen wienen. Oan wjerskanten fan it fleangat sieten gatsjes, dêr't men, as de fûgels grutter waarden, stokjes troch stuts om foar te kommen dat de protters útfleagen. It Nederlânsk sprekwurd "Ergens een stokje voor steken" komt dêr fan ôf. Protterpotten binne tsjintwurdich wer yn swang as nêstgelegenheid.

De protters waarden ferwurke ta pastei of der waard prottersop fan makke.