[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Donald Trump

Ut Wikipedy
Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.



Donald Trump
politikus
echte namme Donald John Trump
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 14 juny 1946
berteplak Queens, New York City
etnisiteit Dútsk
Skotsk
partij Republikeinske Partij
Presidint fan de Feriene Steaten
amtsperioade 20172021
foargonger Barack Obama
opfolger Joe Biden
amtsperioade 2025 - 2029
foargonger Joe Biden

Donald John Trump (New York City, 14 juny 1946) is in Amerikaansk ûndernimmer, telefyzjepersoanlikheid, politikus (en skriuwer) dy't fan 2017 oant 2021 de 45e presidint fan de Feriene Steaten wie. By de Amerikaanske presidintsferkiezings 2016 op 8 novimber 2016 waard er keazen nei't er Hillary Clinton fan de Demokratyske Partij fersloech.[1] Hy wûn de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2024 en syn twadde termyn as presidint sette útein op 20 jannewaris 2025. Hy heart ta de Republikeinske Partij. Ear't er presidint waard wie er net warber yn 'e polityk. Hy wie warber yn fêstgoed en wie presintator fan it telefyzjeprogramma The Apprentice op NBC.

Komôf

Trump syn pake en beppe oan heitekant wiene Dútske ymmigranten út Kallstadt yn Rynlân-Palts. Syn pake Friedrich Trumpf emigrearre yn 1885 yn 'e âldens fan 16 jier nei New York dêr't er syn Dútske namme ta Frederick Trump feringelske.[2]

Trump syn mem Mary Ann MacLeod (1912-2000) waard yn it doarp Tong op it eilân Lewis oan 'e westkust fan Skotlân berne. Doe't se 18 jier âld wie, yn 1930 moete se Fred Trump (1905-1999) by in fakânsje yn New York. Hja boasken yn 1936.

Jonkheid en oplieding

Donald Trump yn 1964

Donald Trump waard op 14 juny 1946 as soan fan Fred Trump en Mary Ann MacLeoed berne yn Queens, ien fan de fiif stedsdielen (boroughs) fan New York. Hy hie twa susters en twa bruorren: Maryanne, Fred jr., Elizabet en Robert. Fred jr. ferstoar yn 1981 yn 'e âldens fan 43 jier as gefolch fan alkoholisme. Donald hat sein dat er dêrtroch sels nea alkohol drinkt. Maryanne wie oant 2011 rjochter yn it Hôf fan Berop foar it 3e sirkwy.

Yn 'e tiid dat de húshâlding fan Trump yn Jamaica Estates wenne, gie Donald nei The Kew-Forest School yn Forest Hills, in wyk yn Queens, New York, dêr't syn heit lid fan it skoalbestjoer fan wie. Guon fan syn sibben giene nei dy skoalle. Doe't Donald 13 jier wie, waard er fan dy skoalle ôftrape omreden syn hâlden en dragen. Dêrnei waard er troch syn âlden nei de New York Military Academy stjoerd, dêr't er syn enerzjy goed kwyt koe.[3] Doe't er 17 jier we, helle er de rang fan kapitein op dy skoalle. Yn augustus 1964 sette er útein mei in stúdzje oan 'e Universiteit fan Fordham yn The Bronx. Twa jier letter gie er nei de Wharton School fan de Universiteit fan Pennsylvania, dy't as ien fan mar in bytsje yn de Feriene Steaten in fêstgoedstúdzje oanbea. Hy studearre dêr ôf yn 1968 mei in Bachelor of Science yn 'e ekonomy.

Yn 'e snuorje fan 'e Fjetnamkriich koe er de militêre tsjinstplicht ûntrinne. Earst yn syn studintetiid (1964-1968) waard him fjouwer kear útstel jûn en dêrnei op medysk grûn omreden in hakspoar. Letter besleat de oerheid om neffens lotterijen út te meitsjen wa't nei Fjetnam stjoerd wurde soe, waard Trump ek nea oproppen.

Saaklik libben

Nei syn stúdzje sette er syn karriêre útein yn it famyljebedriuw Elizabeth Trump & Son, dat hannele yn ûnreplik guod. Op basis fan it famyljebedriuw, opboud troch syn heit, makke hy in ympearium yn ûnreplik guod, kasino's, sport en transport, wêrby't der in soarte satiryske kultus ûntstien is om syn persoan. De namme "Trump" komt werom yn gebouwen dy't er bouwe litten hat (Trump Tower, Trump Taj Mahal ensfh.) en by gelegenheden komme grutte "T"'s in soad foar yn it dekor.

Yn 1999 hat Trump him ree ferklearre kandidaat te wêzen foar de presidintsferkiezings yn 2000 foar de Amerikaanske Reform Party. Yn 2004 waard Trump de útfierend produsint en stjer fan it NBC reality programma "The Apprentice", wêryn hy in opfolger siket foar syn ympearium. Op 16 jannewaris 2007 krige Trump syn eigen stjer op de Hollywood Walk of Fame.

Yn 2010 liet Trump it opnij yn him om gean om te besykjen presidint fan Amearika te wurden liet hy witte oan Fox News. "Dit is de earste kear dat ik der echt foar gean wol", seit de Republikein. "Ik wit it noch net seker, mar it fielt goed." "Ik moat myn stientsje bydrage. Dit lân is fallyt en dat is in feit."

Polityk

Presidintsferkiezings 2016

Op 16 juny 2015 stelde Trump him foar de Republikeinske Partij kandidaat foar it Amerikaanske presidintskip. Yn 't earstoan wiene der net folle dy't syn kandidatuer serieus namen, mar hy wist freon en fijân te ferrassen mei de oanhing dy't er mei syn populistysk boadskip mank benammen konservative Amerikanen wist te winnen. Hy fersloech yn 'e Republikeinske foarferkiezings û.m. de âld-gûverneur fan Floarida Jeb Bush, de jonge Latino-politikus Marco Rubio en de kristlik-fûnemintalistyske senator Ted Cruz. Dat died er troch syn tsjinstanners kwetsende bynammen te jaan en op oare net-ynhâldlike manearen lytsman te meitsjen (lykas doe't er op folslein ûnfeitlike basis úthold dat de heit fan Ted Cruz belutsen west hie by de moard op presidint John F. Kennedy). Om't er mei sok dwaan de fêstige oarder fan 'e Republikeinske Partij folslein fan him ferfrjemde, hie Trump der klauwen oan om 'e partij wer op ien line te krijen nei't er op 19 juny 2016 op 'e Republikeinske Nasjonale Konvinsje yn Cleveland (Ohio) nominearre wie as de offisjele presidintskandidaat fan 'e Republikeinen. Foar in oansjenlik part slagge him dat ek net, en in grut diel fan 'e partij wegere om Trump syn kampanje te stypjen of sels om foar him te stimmen, eat dat noch nea earder foarkommen wie yn 'e Amerikaanske politike skiednis. As syn fise-presidintskandidaat keas Trump Mike Pence út, de uterst konservative gûverneur fan Indiana.

Donald Trump mei syn frou Melania Trump.

Underwilens hie de Demokratyske Partij Hillary Clinton oanwiisd as offisjele presidintskandidate. Dat wie de earste kear dat ien fan 'e beide grutte Amerikaanske partijen in frou as presidintskandidaat keas. De dêropfolgjende kampanje foar de presidintsferkiezings ûntpopte him ta in ordinêrens en in dreksmiterij, sa't sels yn 'e Amerikaanske polityk noch nea earder sjoen wie. Trump hold út dat in soad yllegale Latino's yn Noard-Amearika ferkrêfters en moardners wiene, ûnthiet syn oanhingers dat er in muorre by de grins mei Meksiko lâns bouwe soe en dêr Meksiko foar betelje litte soe, en sei fierders dat er de grinzen fan 'e Feriene Steaten slute soe foar alle moslims.

Trump betocht ek de bynamme Crooked Hillary ("Kriminele Hillary") foar Clinton, om't se neffens him skuldich wie oan machtsmisbrûk en moard (op 'e trije Amerikaanske diplomaten dy't omkommen wiene by de oanfal op de Amerikaanske ambassade yn Benghazi). Hy warskôge har dat er derfoar soargje soe dat se yn it tichthûs bedarje soe as hy de ferkiezings wûn. Ek Clinton har e-mailskandaal waard wer oprakele en Trump besocht sels it Lewinsky-skandaal, út 'e tiid fan it presidintskip fan Hillary har man Bill Clinton, tsjin har te brûken. Clinton sels sloech werom mei û.m. ferwizings nei Trump syn misse setten yn it sakelibben en syn denigrearjende útspraken oer en hâlding foar froulju oer, sa't bgl. oan it ljocht kaam troch in lûdsopname út 2005, dêr't er op swetste oer it útheljen fan ûnwinske yntimiteiten by froulju, û.m. troch se by de fagina te gripen. Neitiid kamen fyftjin froulju nei foarren dy't him fan seksuële oantaasting beskuldigen.

Neffens opinypeilings wiene beide kandidaten tige ympopulêr by de gewoane Amerikanen, mar Trump noch mear as Clinton. Nettsjinsteande dat, en tsjin 'e útslaggen fan alle opinypeilings yn, wûn Trump op 8 novimber 2016 de presidintsferkiezings fan Clinton. De reden dêrfoar wie net, sa't de Republikeinen hawwe woene, dat de Trump in nije groep kiezers foar harren oanboarre hie, want der stimden minder minsken op him as dat der yn 2012 op Mitt Romney en yn 2008 op John McCain stimd hiene. Krektoarsom, de reden dat Trump de ferkiezings wûn, wie dat in grut part fan it Demokratyske elektoraat thúsbleau. Hoewol't der goed 2,5 miljoen stimmen mear op Clinton útbrocht waarden as op Trump, krige dy lêste troch it Amerikaanske kiesstelsel (dat net per útbrochte stim rekkenet, mar steat foar steat) de mearderheid fan 'e kiesmannen yn it Electoral College efter him.

By de tige polarisearre Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2020 waard Trump ferslein troch syn Demokratyske tsjinstanner Joe Biden.

Trivia

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Matt Flegenheimer en Michael Barbaro, Donald Trump Is Elected President in Stunning Repudiation of the Establishment, The New York Times, 9 novimber 2016, online.
  2. (in) Michael Cranish, Marc Fisher, Trump Revealed: An American Journey of Ambition, Ego, Money, and Power 33 (2016).
  3. Yes, Donald Trump really went to an ivy league school. The Washington Post (17 july 2015). Argivearre op 14 desimber 2018. Oproppen op 9 oktober 20169 oktober 2016.
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Donald Trump fan Wikimedia Commons.