Utingeradiel
Utingeradiel | |
---|---|
it eardere gemeentehûs fan Utingeradiel, yn Akkrum. | |
flagge | wapen |
Wapen fan Utingeradiel | |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Fryslân |
sifers en geografy | |
haadplak | Akkrum |
grutste plak | Akkrum |
ynwennertal | 5.364 (1981) |
befolkingstichtens | 86,5 / km² |
oerflak | 62,00 km² |
tal doarpen | 6 |
skiednis | |
oprjochte | 1851 |
oant 1851 | Gritenij Utingeradiel |
opheft | 1984 |
opgien yn | Boarnsterhim Skarsterlân |
no part fan | De Fryske Marren It Hearrenfean |
oar | |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
Utingeradiel (Nederlânsk en offisjeel Utingeradeel) is in eardere gemeente yn 'e midden fan Fryslân. Dizze gemeente hie op 1 jannewaris 1981 5.364 ynwenners,[1] en besloech in oerflak fan likernôch 62 km².[2]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Utingeradiel ûntstie as gemeente yn 1851, doe't troch de ynfiering fan 'e Gemeentewet fan Thorbecke alle gritenijen omfoarme waarden ta gemeenten. It wie in fuortsetting fan 'e âlde Gritenij Utingeradiel, dy't tebek gie oant de fjirtjinde iuw. Utingeradiel hearde ta it kertier Sânwâlden.
By de gemeentlike weryndieling fan 1984 gie it grutste part fan Utingeradiel yn 'e mande mei Raerderhim en Idaerderadiel op yn 'e nije gemeente Boarnsterhim. De doarpen Eagmaryp en Terkaple kamen lykwols by in oare nije gemeente, Skarsterlân, dy't fierders fierhinne gearstald wie út 'e âlde gemeenten Haskerlân en Doanjewerstâl.
Plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It haadplak fan Utingeradiel wie Akkrum, en de oare doarpen yn de gemeente wienen: Eagmaryp, Aldeboarn, Nes, Terherne en Terkaple.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|