[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Giorgio Napolitano

Ut Wikipedy
Giorgio Napolitano
politikus
Giorgio Napolitano (2006)
Giorgio Napolitano (2006)
echte namme Giorgio Napolitano
nasjonaliteit Italjaansk
bertedatum 29 juny 1925
berteplak Napels
stjerdatum 22 septimber 2023
stjerplak Rome
partij Democratici di Sinistra
presidint fan Itaalje
amtsperioade 2006-2015
foargonger Carlo Azeglio Ciampi
opfolger Sergio Mattarella

Giorgio Napolitano (29 juny 1925, Napels - 22 septimber 2023, Rome[1]) wie fan 15 maaie 2006 oant 13 jannewaris 2015 de presidint fan Itaalje.

Napolitano studearre rjochten, en wie al foar de Twadde Wrâldoarloch warber yn it kommunistyske ferset tsjin de fassisten fan Benito Mussolini. Under de Dútske besetting focht er yn it ferset. Hy bleau polityk aktyf, en al yn 1953 waard er parlemintslid.

Hy wie lid fan de Kommunistyske Partij fan Italië oant dy opheft waard yn 1991. Hy stipe it Eurokommunisme fan Enrico Berlinguer, en wie ien fan de foaroanmannen by de omfoarming fan de partij ta in sosjaaldemokratyske partij. Ek by it ta-inoar kommen fan oare linkse streamingen hie er grutte fertsjinsten.

Yn syn lettere karriêre wie er ûnder mear minister fan ynlânske saken (1996-1998) en Europarlemintariër (1999-2004). Fan 2005 oant syn ferkiezing as presidint wie Napolitano senator foar it libben yn de Senato della Repubblica. By syn presidintskip is syn senatorskip fersteld.

By syn nijjierstaspraak op 31 desimber 2014 kundige Napolitano oan dat er meikoarten ôftrede soe.[2] Op 14 jannewaris 2015 waard dat ek effektyf. [3][4] Op deselde dei waard senaatsfoarsitter Pietro Grasso beneamd as ynterim-presidint oant op 3 febrewaris 2015 Sergio Mattarella as presidint ynstallearre waard. [5]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: