[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Bist fan Gévaudan

Ut Wikipedy
In achttjinde-iuwske artistike werjefte fan it Bist fan Gévaudan.

It Bist fan Gévaudan (Frânsk: la Bête du Gévaudan, útspr.: [la bɛ:t dy ʒevo'dã], likernôch: "la bêt dú zjee-voo-dôn"; Oksitaansk: la Bèstia de Gavaudan) is de histoaryske beneaming foar de minske-itende grize wolf, of mooglik hûn of wolfshûn, dy't tusken 1764 en 1767 de doetiidske provinsje Gévaudan (it hjoeddeiske departemint Lozère) terrorisearre, yn it Margeride-berchtme fan súdlik-sintraal Frankryk. It tal fan 'e slachtoffers dat dit bist makke, ferskilt al neigeraden de riedplachte boarne. Ut in ûndersyk út 1987 die lykwols bliken dat der nei skatting 210 ûnderskate oanfallen west hiene, dêr't 113 deaden en 49 ferwûnen by foelen. Fan 'e ombrochte slachtoffers, dêr't sawol folwoeksen manlju en froulju as bern ûnder wiene, waarden 98 foar in diel opfretten.

De slachtoffers waarden gauris deade troch har de kiel út te biten, en ek ferwûnings oan 'e skonken kamen in protte foar, mooglik fral by lju dy't besochten út te naaien. De oanfallen fûnen plak oer in gebiet fan 7.200 km², en waarden neffens kontemporêne eachtsjûgen útfierd troch in bist (of bisten) mei tige grutte tosken en (foar hûneftigen) in útsûnderlik lange sturt. It Keninkryk Frankryk sette in oansjenlike hoemannichte mankrêft en finansjele middels yn om it Bist fan Gévaudan te deadzjen. Nettsjinsteande de ynset fan profesjonele wolvejagers en François Antoine, de persoanlike arkebusdrager fan kening Loadewyk XV, dy't ferskate wolven deaden, holden de oanfallen dêrmei net op. Dat barde pas doe't in lêste wolf úteinlik op 19 juny 1767 sketten waard troch in pleatslike jager mei de namme Jean Chastel. Yn 'e mage fan dy wolf waarden minsklike resten oantroffen.

Neitiid waard it Bist fan Gévaudan in wichtich ûnderdiel fan 'e Frânske folkloare, wêrby't it de basis waard foar ferhalen oer wearwolven. Yn dat ramt waard troch lettere skriuwers ek it idee yntrodusearre dat Chastel it bist deaskeat mei in sulveren kûgel fan eigen makkelei (wearwolven soene net oer sulver kinne). Dit hie alles te krijen mei de wiidfersprate publike hystery oangeande de oanfallen fan it saneamd boppenatuerlike Bist fan Gévaudan, dy't de lange tiid terrorisearre en byleauwige befolking fan it gebiet tsjin dy tiid yn syn greep krigen hie. Moderne wittenskippers skriuwe de oanfallen earder ta oan in stikmannich (natuerlike) wolven dy't yn isolaasje faninoar operearren of oan in gearwurkjende wolveridel, hoewol't ek de mooglikheid dat it om ien of mear hûnen of wolfshûnen gie, net útsletten wurde kin.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.