[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Basklarinet

Ut Wikipedy
In basklarinet

De basklarinet is in lege (bas) fariant fan de klarinet dy't syn úteinlike foarm krige troch Adolphe Sax.

De klarinettist Anton Stadler, dy't in soad by Mozart wie, hie klarinetten meitsje litten, de saneamde bassetklarinet, dy't 4 heale toanen leger spylje koene as in gewoane klarinet. Dat idee kaam fan de bassethoorn, dy't deselde eigenskip hat. Wolfgang Amadeus Mozart brûkte de bassetklarinet yn syn ferneamde klarinetkonserto, mar ek yn it klarinetkwintet en yn de opera "cosi fan tutte". Nei Mozart ferdwûn de ynteresse foar dit soart klarinet, al hat Süssmayr, dy't it requiem fan Mozart ôfwurke, noch in earste diel fan it bassetklarinetkonserto skreaun. (Dat diel is hjoed de dei (2007) ek op CD te beharkjen). Stadler neamde syn klarinet basklarinet. De term bassetklarinet is fan jongere datum, om betizing om de basklarinet fan no foar te kommen.

Adolphe Sax betocht in nij kleppesysteem mei 24 kleppen. Der wie sa't skynt al sokssawat as in 'basklarinet', mar dat hie net folle om de hakken. It hie foar 't neist in besykjen west ta it ferbetteren fan de kontrabassethoarn. Yn 1834 gong Sax junior mei syn 24-kleppesysteem oan de haal op dy 'basklarinet'. Hy ferbettere dy basklarinet troch de ergonomyske lizzen fan de kleppen better te meitsjen. Ornaris is in algemiene basklarinet yn Bes stimd, krekt as de gewoane Bes-klarinet.

De saksofoan dêr't Adolphe Sax de oanset ta joech waard earst ôfmakke yn 1841. Omdat er de basklarinet sa ferbettere hie dat dy sa goed as ôf wie yn 1843 wol dat dus sizze dat de basklarinet der earder wie as de saksofoan.

De basklarinet wurdt foar 't earst neamd yn in Paryske krante fan 11 maaie 1772. Dêr wurdt yn ferteld dat Gilles Lot it ynstrumint boud hat en dat er dat basse tuba neamt. Ut de fierdere beskriuwing fan it ynstrumint docht bliken dat it om in basklarinet giet. Dat faaks moatte wy Gilles Lot as de útfiner fan de basklarinet beskôgje, mar wis is dat net. Foar 't neist hat Gilles Lot in soarte fan ferbettering fan de bassethoarn makke dy't twa jier earder útfûn wie en neamde hy it in basklarinet.

Nettsjinsteande dat wurdt Adolphe Sax algemien sjoen as dé ûntwerper fan de basklarinet.

Berik fan de basklarinet

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In moderne basklarinet hat in grutter berik as in klarinet. Yn de leechte is de lege Es gewoanwei de leechste toan, inkeldris rikt in ynstrumint oan de lege D, mar de measte topmodellen gean oant de lege C. De lege C makket it mooglik partijen foar fagot te blazen, wylst de klarinet dan mear dinamyske mooglikheden hat. Tn de hichte hinget it fan de kundigens fan de spiler ôf wêr't it berik ophâldt. Fjouwer oktaven is in hiel gewoane omfang, mar de bêste spilers komme op fiif, wêrmei't de basklarinet it blaasynstrumint mei it grutste berik is.

De basklarinet yn orkesten en ensembles

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De basklarinet heart by de standertbesetting fan in modern harmony-orkest. Yn muzyk foar symfony-orkesten komt mar sa no en dan in basklarinetpartij foar. Dy partij wurdt dan meast waarnommen troch ien fan de besklarinettisten. Yn klarinettekoaren sitte altyd ien of mear basklarinetten.