[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Bûtan

Ut Wikipedy
འབྲུག་ཡུལ
Druk Yul
Flagge fan Bûtan Wapen fan Bûtan
Flagge Wapen
Lokaasje fan Bûtan
Offisjele taal Dzongkha
Haadstêd Thimphu
Steatsfoarm Absolute monargy
Gebiet
% wetter
47.000 km²
0,0­%
Ynwenners (2006) 672.425
Munt Ngultrum (BTN)
Tiidsône UTC +6
Nasjonale feestdei 8 augustus
Lânkoade BTN
Ynternet .bt
Tillefoan 975

Bûtan is in keninkryk yn Súd-Aazje. Thimphu is de haadstêd en de grutste stêd. De kening fan de monargy is sûnt 2006 Jigme Namgya.

Bûtan wurdt begrinzge troch:

It lytse keninkryk Bûtan op de súdlike helling fan de Himalaya is slim tagonklik. Geweldige toppen omfiemje it plato, dat stadich ôfrint súdlike foarberchtme fan oan de Yndyske grins. It hiele lân is bercheftich útsein in lyts gebiet fan subtropyske flakten yn it suden dat trochsnien wurdt fan delten dy't Duars hjitte. Tusken de subtropyske flakten en it mei snie bedutsen Himalaja-berchte is in hichteferskil fan mear as 7.000 meter.

It lân hat in grut ferskaat oan klimaten. Wylst der yn it suden foaral in tropysk oant subtropysk klimaat hearsket, ha de delten fan sintraal Bûtan in tuskenbeiden klimaat mei koele winters en waarme simmers. Yn de bergen binne de winters ekstreem strang en de simmers koel. Foaral yn de súdlike gebieten fan it lân hat men in yn de reintiid faken te krijen mei oerstreamings.

De namme Bûtan is mooglik ôflaat fan it Sanskryt wurd Bhu-Utthan dat “heech lân” betsjut. In oare útlis yn it Sankrit kin Bhots-ant dat “Ein fan Tibet” of “súdlik fan Tibet” betsjut, wêze. Lykwols neame guon Bûtanezen har lân Druk Yul en har ynwenners Drukpa. De Dzongkha (en Tibetaanske) namme foar it lân is Druk Yul (“Lân fan de draak”). Fanwegen syn útstrielen fan rêst en net oantaast wêzen wurdt it bytiden oantsjut as “It lêste Shangri-La” (ferburgen paradys).

Histoarysk waarden ferskate nammen brûkt foar Bûtan, lykas as Lho Mon (“Súdlik lân fan it tsjuster”), Lho Tsendenjong (“Súdlik lân fan it sandelbosk”), Lhomen Khashi (“Súdlik lân fan de fjouwer wegen?”) en Lho Men Jong (“Súdlik lân fan de medisinale krûden”).

Stiennen ark, wapens en oerbliuwsels fan grutte stiennen bousels jouwe oan dat Bûtan al 2.000 jier foar Kristus bewenne wie. Skiedkundigen ha úttocht dat de steat Lhomon (letterlik: “súdlik tsjuster”) of Monyul (“Tsjuster lân, in referinsje nei de Monpa, de oarspronklike bewenners fan Bûtan) bestien hat fan 500 f.Kr. oant 600 n.Kr. De namme Lhomon Tsendenjong (Sandelbosk-gebiet) en Lhomon Khashi of súdlik Mon (gebiet fan de fjouwer wegen) binne oantroffen yn âlde Bûtaneeske en Tibetaanske kroniken.

It earste barren yn Bûtan dat delskreaun is, is dat de Bûdistyske hillige Padma Sambhava (ek wol Goeroe Rinpoche neamd) troch it lân reizge yn 747 n.Kr. De âldste skiednis fan Bûtan is ûnwis om’t de measte bestannen ferneatige waarden doe’t yn 1827 in brân Punakha, de âlde haadstêd ferwoaste. Fan de 10e iuw ôf waard Bûtan syn politike ferrin sterk beynfloede fan syn religieuze skiednis. Ferskate sekten fan it Bûdisme kamen nei foarren trochdat hja stipe waarden fan de ferskate Mongoalske en Tibetaanske oerhearen. Nei it tebekrinnen fan de Mongoalen yn de 14e iuw bestriden dy sekten inoar fûl op polityk en religieus mêd, wat der mei einige dat de Drukpa-sekte oerhearskjend waard.

Oant yn it begjin fan de 17e iuw bestie Bûtan út in los patroan fan lytse inoar befjochtsjende rjochtsgebieten, mar doe waard it gebiet troch de Tibetaanske lama en militêre lieder Shabdrung Ngawang Namgyal feriene. Om it lân te beskermjen tsjin sa no en dan plondertochten fan Tibetanen, boude Namgyal in netwurk fan dzong (forten) en fierde wetten yn dy’t der foar soargen dat de lokale hearskers ûnder it bewâld fan it sintrale regear kamen. In soad fan dy dzong besteane noch hieltiten. Nei de dea fan Namgyal yn 1651 ûntstie der gaos yn Bûtan. Dat wie foar de Tibetanen grûn om Bûtan yn 1710 oan te fallen, en nochris yn 1730 mei de help fan de Mongoalen. Dy twa oanfallen waarden lykwols opkeard en yn 1739 waard der in wapenstilstân tekene.

Organisaasjes yn it bûtenlân rûze it befolkingstal ornaris op likernôch twa miljoen ynwenners, bygelyks 2.163.000 ynwenners yn 2005, neffens de Feriene Naasjes. By in grutte folkstelling dy't yn april 2006 yn it lân hâlden waard kaam men lykwols op in befolkingstal fan 672.425 út.

Op 24 maart 2008 waarden op inisjatyf fan de kening ferkiezings hâlden. Hy woe in ein meitsje oan de absolute monargy. Der dienen twa partijen oan de ferkiezings mei. De partij foar frede en wolfeart fan âld-premier Jigmi Thinley krige 44 fan de 47 sitten yn it parlemint.

Bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bûtan is ferparte yn fjower dzongdey (administrative gebieten). Eltse dzongdey is wer ferparte yn dzongkhag (distrikten). Der binne twintich dzongkhag yn Bûtan. Gruttere dzongkhag binne fierder ferparte yn dungkhag (ûnderdistrikten).

  1. Bumthang
  2. Chukha
  3. Dagana
  4. Gasa
  5. Haa
  6. Lhuntse
  7. Mongar
  8. Paro
  9. Punaka
  10. Samdrup Jongkhar
  11. Samtse
  12. Sarpang
  13. Thimphu
  14. Trashigang
  15. Trashiyangste
  16. Trongsa
  17. Tsirang
  18. Wangdue Phodrang
  19. Zhemgang

De tradisjonele ekonomy bestiet út boskbou, feehâlderij en lânbou foar eigen gebrûk, mar dit leveret no minder as 50 persint fan it bruto nasjonaal produkt op, no't Bûtan in útfierder fan wetterelektrisiteit wurden is. Toerisme en ûntjouwingshelp, meastentiids út Yndia, binne ek wichtich.

Bûtan is ien fan de meast-isoleare lannen op de wrâld. Utlânske ynfloeden en toerisme wurde troch it regear regele om der sa foar te soargjen dat de tradisjonele Bûdiskyske kultuer bestean bliuwt. De measte minsken yn Bûtan folgje of de Drukpa Kagyu- of de Nyingmapa-skoalle fan it Tibitaansk Bûdisme. De offisjele taal is it Dzongkha (letterlik "de taal fan de dzong"). Bûtan wurdt faak beskreaun as it ienichste oerbleaune flechtplak foar de tradisjonele Himalayske-Bûdistyske kultuer. Bûtan is histoarysk en kultureel ferbûn mei syn noardlik buorgebiet Tibet, mar polityk en ekonomysk besjoen is it hjoeddeiske keninkryk tichter by Yndia kommen te stean.

Bûtan is sûnt 1907 in monargy. Under lieding fan de Trongsa Penlop waarden de ferskiedene dzongkhags feriene. Kening Jigme Singye Wangchuck, dy't stappen nei in konstitúsjonele monargy setten hat, joech yn desimber 2005 oan dat er yn 2008 ôfstân fan de troan dwaan woe ta geunst fan syn âldste soan. Op 14 desimber 2006 makke hy bekend dat er fuortendaliks ôfstân die en doe folge syn soan Jigme Namgyal him op.