[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Alexander Pope

Ut Wikipedy
Alexander Pope om 1727

Alexander Pope (Londen, 21 maaie 1688Twickenham (no part fan Londen), 30 maaie 1744) wie in Ingelsk dichter, oersetter en skriuwer yn de begjintiid fan de Ferljochting.

Pope waard berne yn in katolike hûshâlding en waard fral thús ûnderrjochte.

Al mei tolve jier skreau er gedichten, faak die er oare skriuwers nei. Syn meast orzjinele wurk út dy tiid wie Pastorals (1709).

Pope syn earste wier grutte wurk wie An Essay on Criticism út 1711. Oare bekende wurken yn dy snoarje wienen The Rape of the Lock (1712, nije ferzje 1714) en syn oersettings fan Homerus' Ilias en Odyssee (1715-1726). Dy lêsten barde er genôch foar om him werom te lûken yn in bûtenpleats yn Twickenham, dêr't er it oare part fan syn mânske wurk skreau.

Pope wie goefreon mei Jonathan Swift.

Dit artikel is in stobbe oer skriuwer.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.

Pope hat in ferneamd gedicht oer Sir Isaac Newton skreaun, in sitaat út dat gedicht:

Nature and nature's laws lay hid in night;
God said "Let Newton be!" and all was light.

Wichtichst wurk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Alexander Pope
Búste fan John Rysbrack yn it Fitzwilliam Museum, Cambridge
  • Pastorals, (1709)
  • An Essay on Criticism (1711)
  • The Rape of the Lock (1712)
  • Windsor Forest (1713)
  • Oersetting fan de Ilias (1715-1720)
  • Eloisa to Abelard (1717)
  • Elegy to the Memory of an Unfortunate Lady (1717)
  • The Works of Shakespear, in Six Volumes (1723-1725)
  • Oersetting fan de Odyssee (1725-1726)
  • Peri Bathous, Or the Art of Sinking in Poetry (1727)
  • The Dunciad (1728)
  • Essay on Man (1734)
  • The Prologue to the Satires (1735)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]