[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Alberto Santos-Dumont

Ut Wikipedy
Alberto Santos-Dumont
Alberto Santos-Dumont mei de Demoiselle
Santos-Dumont #6 makket in rûntsje om de Eiffeltoer

Alberto Santos-Dumont (Cabangu (Minas Gerais), 20 july 1873Guarujá (São Paulo, 23 july 1932) wie in Frânsk-Brazyljaansk loftfeartpionier, erfgenamd fan in begoedige famylje fan kofjeplanters. Hy wie de earste yn Jeropa dy't yn in tastel swierder as lucht fleach.

Loftballonnen en loftskippen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Santos-Dumont krige bot niget oan fleanen doe't er 1888 foar 't earst in loftballon seach yn São Paulo. Om reden fan syn stúdzje ferhuze er nei Parys en yn july 1898 fleach er in syn earste loftballon, de Brazil. Omdat loftballonnen net bestjoerd wurde koenen, sette er útein mei de bou fan in loftskip. Dat mislearre in pear kear, mar letter slagge it him en meitsje in flecht fan tritich minuten. Mei N° 6 fleach er op 19 oktober 1901 om de Eiffeltoer.

Doe't er hearde dat de bruorren Wright in flecht makke hiene mei in tastel swierder as loft, waard dat syn nije fassinaasje. Op 23 oktober 1906 makke er yn it Bagatelle Park yn Neuilly de earste flecht, dêr't in mannichte minsken op ôf kaam wie. Op 12 novimber 1906 bruts er it wrâldrekord mei in flecht fan 220 meter. Dêrnei ûntwurp er in fleantúch dat sa licht en lyts wie dat it mei de auto ferfierd wurde koe, de Demoiselle.

Yn dy snuorje waard de sykte multiple sklerose by him fêststeld. Hy luts him tebek en ferfear nei syn heitelân Brazylje, dêr't er himsels op 23 july 1932 te koart die. It wêrom is net dúdlik.

Yn Brazylje is er in held, de 'heit fan de fleanderij'. De stêd Santos Dumont, de lofthaven Santos-Dumont yn Rio de Janeiro en in snelwei binne nei him ferneamd.

Syn hûs yn it simmerferbliuw fan de keizers fan Brazylje, Petrópolis, is no in lyts museum.

De Nederlânske skriuwer Arthur Japin hat in histoaryske roman mei Santo-Dumont as haadpersonaazje skreaun, De gevleugelde (2015).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Alberto Santos-Dumont fan Wikimedia Commons.