[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Arthur Japin

Ut Wikipedy
Arthur Japin
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Arthur Valentijn Japin
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 26 july 1956
berteplak Haarlim
wurk
taal Hollânsk
sjenre Histoaryske roman
bekendste
  wurk(en)
De zwarte met het witte hart (1997)
De droom van de leeuw (2002)
Een schitterend gebrek (2003)
De overgave (2007)
jierren aktyf 1996-no
offisjele webside
Hiemside

Arthur Valentijn Japin (Haarlim, 26 july 1956) is in Nederlânsk skriuwer en akteur, dy't foar syn roman Een schitterend gebrek yn 2004 de Libris Literatuer Priis krige. Japin syn romans en ferhalen hawwe faak in autobiografyske of histoaryske kearn.

Yn 2006 skreau er it boekewikepresint De grote wereld, dat yn in rekordoplage fan 813.000 stiks printe waard.

Japin woe yn syn bernetiid út en troch immen oars wêze. Bert Japin, syn heit, wie ûnder mear toanielresinsint en naam him mei nei it teäter. Dêr fielde er him thús. Op skoalle waard er narre en sawol lichaamlik as geastlik mishannele en hy siet yn in isolemint. Heit Japin die himsels te koart doe't Japin trettjin wie.[1] It pesten gie troch oant syn sechtjinde. It skeppen fan in fantasywrâld, de flecht út de realiteit (ek teäter), wie in middel om te oerlibjen.

Nei de middelbere skoalle keas er foar in fak dêr't er 'út en troch in oar wêze koe'.

Japin ferfear nei it gymnasium nei Londen, om in oplieding te folgjen oan de toanielskoalle, The School of Dramatic Arts. Werom yn Amsterdam studearre er twa jier Nederlânske Nederlandse taal- en letterkunde en stapte dêrnei oer nei de Lytskeunstakademy. Yn 1982 studearre er dêr ôf.

Hy spile rollen foar radio, film en telefyzje (bygelyks in tal byrollen yn de searje Flodder en de telefyzjerigen Goede tijden, slechte tijden en Onderweg naar morgen) en op it toaniel by ûnder oare Toneelgroep Centrum en de Teäteruny. Teffen song er yn in lytse rol by de Nederlânske Opera.

Yn 1987 joech Arthur Japin it aktearjen oer en begûn te skriuwen. Yn 1996 debutearre er mei Magonische Verhalen, dy't - lykas syn lettere boeken - útjûn waard troch De Arbeiderspers. Yn 1997 folge — as risseltaat fan 10 jier ûndersyk — De zwarte met het witte hart. Wilens skreau Japin ek senario’s, harkspullen en toanielstikken, dy't him ferskate literêre prizen opsmieten. Yn 2000 waarden in stikmannich Magonische Verhalen ferfilme. Yn maart 2002 ferskynde De droom van de leeuw, in mânske roman oer leafde en ferbylding. Een schitterend gebrek waard yn 2003 publisearre, dat it jier dêrop de Libris Literatuer Priis krige.

Japin wennet hjoed de dei yn de binnenstêd fan Utert, mei de Amerikaanske skriuwer Benjamin Moser [2] en Lex Jansen: syn partner en ek syn útjouwer.

  • 1996: Magonische verhalen
  • 1997: De zwarte met het witte hart, roman
  • 1998: De vierde wand, reisferhalen
  • 2002: De droom van de leeuw, roman
  • 2002: De vrouwen van Lemnos, goreografysk senario
  • 2003: Een schitterend gebrek, roman
  • 2004: Dooi & Zeep, twa ferhalen yllustrearre mei fan Arthur Japin skildere portretten
  • 2006: De klank van sneeuw, twa novellen
  • 2006: De grote wereld, novelle (Boekewikepresint)
  • 2007: De overgave, roman (NS Publykspriis 2008)
  • 2008: Zoals dat gaat met wonderen, deiboeken 2000-2007
  • 2010: Het lied van de moeder, ferhaal
  • 2010: Vaslav, roman
  • 2012: Maar buiten is het feest, roman
  • 2013: De man van je leven, roman
  • 2015: De gevleugelde, roman
  • 2017: Kolja, roman
  • 2019: Geluk, een geheimtaal, deiboeken 2008-2018
  • 2020: Mrs. Degas, roman
  • 2021: Honden voor het leven, autobiografysk ferhaal
  • 2022: Wat stilte wil
  • 1982: 2007 regy: Peter Gest
  • 1983: De illusionist regy: Jos Stelling
  • 1996: Hoerenpreek, in telefyzjfilm troch Ineke Smits
  • 1996: De Wolkenfabriek, idem
  • 2000: Magonia, ferfilming fan Magonische verhalen troch Ineke Smits
  • 2010: De Vliegenierster van Kazbek mei Ineke Smits
  • 2007: Kwasi & Kwame, de zwarte met het witte hart.[3]
  • Onafhankelijk Toneel fertolke mei in sirkus-/dûnsfoarstelling it boek ‘De grote wereld’
  • Op fersyk fan Jeroen Krabbé bewurke Arthur Japin syn boek Vaslav yn 2014 ta in teäterstik
  • Yn 2008 en 2009 presintearreente Japin foar de VARA in Nederlânke ferzje fan it Britske telefyzjeprogramma QI.
  • Arthur Japin spile yn 1994 en 1995 de rol fan Buorman Marcel Vonk yn de telefyzjerige Flodder.
  • Arthur Japin spile yn 1994 in sektelieder yn Onderweg naar Morgen.
  • Arthur Japin spile yn 1991 oant en mei 1993 byrollen yn de soap-searje Goede Tijden, Slechte Tijden.
  • Yn 2011 wie er ien fan de fêste meidoggers fan it VARA-programma Kanniewaarzijn.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Onze medewerker Bert Japin overleden, De Telegraaf, 12 augustus 1969
  2. NYTimes.com: Living in a Dutch townhouse (23 jan. 2008)
  3. Japin hat it Ingelskstalige libretto foar dizze opera fan Jonathan Dove skreaun. In produsksje fan Onafhankelijk Toneel / Opera O.T. i.g.m. Domestica Rotterdam ûnder lieding fan Wim Steinmann
Keppeling om utens