[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Agnes fan Rome

Ut Wikipedy
Agnes fan Rome
   hillige
Sint-Agnes op in wurk fan Giovanni Battista Moroni.
Sint-Agnes op in wurk fan Giovanni Battista Moroni.
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 245/246 of 291
berteplak Rome
stjerdatum 258/259 of 304
stjerplak Rome
hillichferklearring
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke
guon protestantske tsjerken
Koptysk-Otterdokse Tsjerke
Eastersk-Otterdokse Tsjerke
Oriïntaalsk-Otterdokse Tsjerken
Armeensk-Apostoalyske Tsjerke
hjeldei 21 jannewaris
attributen Laam, swurd, martlerspalm

Agnes fan Rome libbe yn it lêste diel fan de 3e en it begjin fan de 4e iuw en wie in jongfaam fan goede komôf, dy't yn de katolike, otterdokske en guon protestantske tsjerken as hillige fereare wurdt. Hja is ien fan de sân froulju dy't mei de Hillige Jongfaam neamd wurdt yn de Canon Missæ, it eucharistyske gebed neffens de romeinske ritus.

Yn de keunst wurdt Agnes ornaris mei in laam útbylde. Agnes is patroanhillige fan jongfammen, bern en túnkers. Har feestdei is op 21 jannewaris. De tsjerke fan Goutum is ferneamd nei Sint-Agnes.

Libben neffens oerlevering

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de tradysje stamde Agnes út in aadlike romeinske famylje. Hja waard troch kristlike âlders grutbrocht yn de tiid doe't de kristenferfolger Diokletianus hearske. It wie in kreas famke, dêr't in soad manlju harren each op falle lieten. De trettjin jier âlde Agnes wiisde harren allegear ôf en sei dat hja har al mei Kristus ferlove hie. Sa waard Agnes by de prefekt oanklage dat se kristinne wie, dy't har foar it rjocht bringe liet.

Sint-Agnes wurdt beskerme troch in ingel

It driigjen fan rjochters helle lykwols neat út en ek nei de útstalling fan allegear martelreau om har skrik oan te jeijen bleau Agnes har ûnthjit oan Kristus trou. De prefekt joech doe opdracht om Agnes hielendal út te klaaien en har troch de strjitten nei in bordeel te slepen om har dêr troch wa't it mar woe te skeinen. Tal fan jonge manlju fleagen fan begearte gau nei it bordeel, mar doe't se it famke seagen doarsten se har net te naderjen. Neffens de Legenda aurea bedekten har lange lokken it hiele lichem en brocht in ingel har in kleed dat de hiele romte mei ljocht folle. Eltse man dy't har tenei komme woe waard op slach blyn en doe't de soan fan de prefekt it besocht rekke er dwylsinnich fan in demon en ferstoar. Agnes' gebed om him it libben werom te jaan waard ferheard, mar doe waard se beskuldige fan hekserij en woene se har op de brânstapel deadzje. It fjoer hold lykwols genôch ôfstân fan Agnes en op 'e nij like de eksekúsje te mislearjen. By eintsjebeslút pakte in romeinske soldaat syn swurd en ûnthalze Agnes op in wize sa't in laam slachte waard.

Agnes waard begroeven oan de Via Nomentana yn Rome, dêr't letter de Sant'Agnese fuori le mura oer hinne boud waard. In pear dagen nei har dea waard Emerentiana, de dochter fan Agnes' amme, biddend oantroffen by it grêf. Nei't se wegere it grêf te ferlitten waard se oppakt en stiennige. Ek Emerentiana waard letter hillich ferklearre. Fan de dochter fan Konstantyn, Konstantina, waard sein dat se fan melaatsens genêzen waard nei't se bidden hie by it grêf fan Agnes.

In iere beskriuwing oer de dea fan Agnes jout Ambrosius. Hy makket melding oer har âldens, stânfêstigens en keinens, mar ûnthâldt him fan de legindaryske ferhalen om har dea hinne.

De ferearing fan Agnes as hillige datearret al teminsten út de tiid fan Ambrosius. Se wurdt betocht yn de Depositio Martyrum fan Filokalus (354), de âldste list fan romeinske martlers.

It omskot fan Agnes leit ûnder it heechalter yn de Sant'Agnese fuori le mura yn Rome, dy't boud waard oer de katakombe dêr't har grêf lei. Har skedel wurdt bewarre yn in kapel fan de Sant'Agnese in Agone oan it Piazza Navona yn Rome.

Sint-Agnes is beskerhillige fan minsken dy't in kein libben liede wolle. Ek is hja patroanhillige fan bern en jongfammen.

De âldste foarstelling fan Agnes is te finen yn de Sant'Agnese fuori le Mura. It is in 4e-iuwsk reliëf dat ôfkomstich is fan har grêf. Hja wurdt faak ôf- en útbylde mei in laam. De reden dêrfoar is dat har namme op it wurd agnus liket, latynsk foar laam. In oare reden soe wêze dat hja it martlerskip ûndergyng op de wize sa't in laam by slachting mei in mes de kiel trochsnien wurdt. Ek draacht Agnes de martlerspalm by har. It komt ek foar dat se foarsteld wurdt as in neakene frou yn in bordeel of as in frou op de brânstapel.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Cäcilia von Rom