[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Carry van Bruggen

Ut Wikipedy
Carry van Bruggen
skriuwer
Carry van Bruggen
Carry van Bruggen
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Justine Abbing, May
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 1 jannewaris 1881
berteplak Smilde
stoarn 16 novimber 1932 (51 jier)
stjerplak Laren
wurk
taal Nederlânsk
bekendste
  wurk(en)
Het huisje aan de sloot (1921)
jierren aktyf 1907-1932
offisjele webside
gjin
Van Bruggen troch J.D. Hendriks (om 1920)

Carry van Bruggen, skriuwersnamme fan Caroline Lea de Haan (Smilde, 1 jannewaris 1881 - Laren, 16 novimber 1932) wie in Nederlânsk skriuwster. Se skreau ek ûnder pseudonym fan Justine Abbing en May. Se wie de hast ien jier âldere suster fan de Nederlânske skriuwer en jurist signifikus en politikus Jacob Israël de Haan, dy't berne waard op 31 desimber fan itselde jier.

Jeugd en ûntjouwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van Bruggen brocht har jeugd troch yn Saandam en wie ien fan sechtjin bern fan de strang joadsk-ortodokske godtsjinstlearaar Izak de Haan en Betje Ruben. Hja wenne fan 1882 oant 1885 op De Gordyk dêr't har heit foarsjonger wie. Yn 1900 waard se ûnderwizeres yn Amsterdam en yn 1904 troude se mei de sjoernalist en skriuwer Kees van Bruggen. Hja setten har ta wenjen yn Nederlânsk-Ynje.

Yn 1907 kamen Carry en Kees van Bruggen werom nei Nederlân. Doe waard ek har earste boek publisearre: In de schaduw. Yn 1914 ferfear it pear fan Amsterdam nei Laren, mar it houlik wie net goed dat se skieden yn 1917. Se wertroude yn 1920 mei dr. Adriaan Pit, in keunsthistoarikus, mar bleau skriuwen ûnder de namme Carry van Bruggen. Yn dizze perioade skreau se ûnder oare Prometheus (1919), Eva (1927) en har bekendste wurk Het huisje aan de sloot (1921). De lêste is in ferhalebondel mei 25 koarte episoades út it libben fan 'in famke en har twillingbroerke', oftewol oantinkens oan har jeugd yn Saandam. ar 'taalboek' Hedendaagsch Fetischisme (1925) befettet in krityske beskôging oer taal en taalkunde.

Van Bruggen hie te lijen fan depresjes, en fan 1928 ôf waard hja regelmjittich yn ferpleechhûzen opnomd. Yn 1932 stoar se oan in longûntstekking dy't se skipe hie nei't se yn koma rekke wie troch tefolle sliepmiddels. Om't se al in protte sliepmiddels (barbituraten) brûkte is it ûnwis oft se harsels tekoart dien wollen hat.

  • Carry van Bruggen, Verhalend proza: De verlatene, Het huisje aan de sloot, Eva, besoarge troch J.M.J. Sicking (Amsterdam: Delta/Van Oorschot 2007)
  • Heleen van Duijn, 'De Sprachskepsis voorbij. Undersyk nei de funksjes fan taal yn Eva en To the Lighthouse'. Voortgang, jaarboek voor de neerlandistiek 25 (2007), 89-121. (http://hdl.handle.net/1871/12691)
  • Madelon de Keizer, De dochter van een gazan. Carry van Bruggen en de Nederlandse samenleving 1900-1930 (Amsterdam: Bert Bakker, 2006)
  • Jan Noordegraaf, 'Nog eens ‘Hedendaagsch Fetischisme' '. Voortgang, jaarboek voor de neerlandistiek 4 (1983), 193-230. Werprinte yn Jan Noordegraaf, Van Hemsterhuis tot Stutterheim. Over wetenschapsgeschiedenis. Münster: Nodus Publikationen 2000, 126-157). (http://hdl.handle.net/1871/10329)
  • Jan Noordegraaf, 'Tekenen des onderscheids. Hedendaagsch Fetischisme herlezen'. In de marge 11 (2002), no. 3, 18-25. (http://hdl.handle.net/1871/10526)
  • Wouter de Koning, ' 'Meisjes kussen elkaar toch niet op de lippen?' Biseksualiteit in het werk van Carry van Bruggen'. Yn Lover, tijdschrift over feminisme, fol. 29 (2002), ôfl. 1 (mrt), side 42-45, 57. (http://bruggen1.tripod.com/eva.html)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]