[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

47 Ronin (film út 2013)

Ut Wikipedy
47 Ronin
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Carl Rinsch
produsint Chris Morgan
Hossein Amini
senario Chris Morgan
Walter Hamada
basearre op de Sânenfjirtich Ronin
kamerarezjy John Mathieson
muzyk Ilan Eshkeri
filmstudio H2F Entertainment
Mid Atlantic Films
Moving Picture Company
Stuber Productions
Relativity Media
3 Arts Entertainment
distribúsje Universal Pictures
spilers
haadrollen Keanu Reeves
Hiroyuki Sanada
voice-over Ron Bottitta
byrollen Tadanobu Asano
Ko Shabasaki
Rinko Kikuchi
Min Tanaka
Jin Akanishi
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 6 desimber 2013
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske fantasyfilm
taal Ingelsk
spyltiid 118 minuten
budget en resultaten
budget $175 miljoen (of mear)
opbringst $151,8 miljoen

47 Ronin (útspr.: Forty-seven Ronin) is in Amerikaanske histoaryske fantasyfilm en samoeraifilm út 2013 ûnder rezjy fan Carl Rinsch, mei yn 'e haadrollen Keanu Reeves en Hiroyuki Sanada. De titel ferwiist nei it histoaryske foarfal fan de Sânenfjirtich Ronin dêr't de film (loskes) op ynspirearre is, al fermingt it senario boppenatuerlike eleminten yn 'e plot, sadat 47 Ronin ta it sjenre fan sword and sorcery rekkene wurde kin. It ferhaal giet oer in groep rōnin (masterleaze samoerai) yn it achttjinde-iuwske Japan, dy't beslute de dea fan harren hear te wreekjen, ek al witte se dat se dêrfoar neitiid de deastraf krije sille. 47 Ronin krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy en flopte yn 'e bioskopen. Nettsjinsteande dat kaam yn oktober 2022 in ferfolchfilm út ûnder de titel Blade of the 47 Ronin.

Yn it achttjinde-iuwske Japan, dat suver hielendal isolearre is fan 'e bûtenwrâld, wurdt yn it domein Akō de healbloedjonge Kai oantroffen, in heal-Japanske, heal-Ingelske ferstjitling fan wa't sein wurdt dat er grutbrocht is troch demoanen. De goede en rjochtfeardige hear Naganori Asano, dy't oer Akō hearsket, wjerhâldt syn samoerai der lykwols fan om 'e jonge te deadzjen, en nimt him ynstee oan as in tsjinstfeint. De wûnen fan Kai wurde fersoarge troch de jonge ienlingsdochter fan hear Asano, de frouwe Mika. Mei't de jierren foarby geane, en Kai en Mika folwoeksen wurde, reitsje se fereale opinoar, ek al wurdt Kai omreden fan syn mingd komôf ferachte troch de samoerai fan hear Asano.

As Akō oandien wurde sil troch Tsunayoshi Tokugawa, de shōgun dy't oer Japan hearsket, stjoert dyselde syn seremoanjemaster foarút om it besyk ta te rieden. Dy seremoanjemaster is hear Yoshinaka Kira, dy't it woltierige Akō foar himsels begearet. Om it te bemachtigjen slút er in ferbûn mei in stalferwikseljende kitsune (in soarte fan heks), Mizuki, dy't ûnthjit om Kira hearsker oer hiele Japan te meitsjen.

Mizuki stjoert in meunster, in kirin, om hear Asano te deadzjen as dy yn it wâld fan Akō op jacht giet. De moardoanslach mislearret lykwols as Asano de konfrontaasje troch tuskenkomst fan syn samoerai oerlibbet. Neitiid hawwe de samoerai der lykwols klauwen oan om it meunster te oerwinnen. Uteinlik komt ien fan harren, Yasuno, allinne en sûnder wapens foar de kirin oer te stean. Syn libben wurdt rêden troch Kai, dy't no as spoarsiker foar hear Asano wurket, en dy't mei de ferlerne katana, it samoeraiswurd, fan Yasuno it meunster deadet. Neitiid is Yasuno net tankber, mar yn ferlegenheid brocht en lulk dat er troch in healbloed rêden is. Kai wurdt ûnderwilens in wite foks gewaar mei ien brún en ien blau each, dy't út it strewelleguod wei tasjocht.

As hear Yasuno en de oare samoerai sjogge dat de kirin deade is mei it swurd fan Yasuno, nimme se oan dat hy dejinge is dy't it meunster ombrocht hat, dat hy wurdt as held ynhelle. Inkeld frouwe Mika sjocht de skamte yn 'e eagen fan Yasuno en beseft dat it meunster oerwûn is troch Kai. As de shōgun en syn entoeraazje arrivearje, merkt Kai in hofdame op, de konkubine fan hear Kira, dy't deselde ferskillend kleure eagen hat as de foks yn it wâld. Hy giet nei Yoshio Oishi ta, de foaroanman fan 'e samoerai fan hear Asano, om him te warskôgjen dat der in heks mank de entoeraazje fan 'e shōgun is, mar Oishi, dy't net folle fan Kai hawwe moat, seit dat inkeld demoanen in heks weromkenne kinne, en wol dan witte oft Kai in demon is.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Letter bewurkmasteret Kira dat der foar it fermaak fan 'e shōgun in duël holden wurde sil tusken syn bêste samoerai en dy fan Asano, dy't yn folslein harnas fjochtsje sille, gesichtsbedekkende maskers ynbegrepen. De bêste samoerai fan Kira is, sûnder dat de oaren it witte, eins in reuseftige golem dy't troch Mizuki ta libben brocht is. Hear Asano set Yasuno yn. Om Asano foar de shōgun oer yn ferlegenheid te bringen, betsjoent Mizuki Yasuno lykwols foar it begjin fan it gefjocht, sadat er neat mear kin en it wol liket as is er smoardronken. Kai en Chikara, de teenagesoan fan Oishi, binne dejingen dy't Yasuno yn dy steat oantreffe. Kai beseft dat er betsjoend is, en om 'e ear fan syn hear te rêden, klaait er himsels yn it harnas fan Yasuno, ek al meie inkeld samoerai dat drage.

Kai wart him duchtich tsjin 'e golem, mar ferliest ûnder it duël syn masker, sadat syn identiteit ûntbleate wurdt. De shōgun wiist derop dat de deastraf stiet op it jin ûnrjochtlik foardwaan as in samoerai, mar as Kai op hannen en knibbels syn holle bûgd om ûnthalze te wurden, smyt frouwe Mika har njonken him del, sadat syn ûnthalzing ek har dea betsjutte soe. Hear Asano freget de shōgun dan om genede en nimt alle skuld op him. De shōgun jout opdracht om Kai in flink wan bruien te jaan, wernei't de samoerai fan hear Asano him mei houtene stokken slane oant er it bewustwêzen ferliest.

Dy nachts betsjoent Mizuki hear Asano, sadat de âldman wekker skrikt en mient dat er syn dochter Mika om help roppen heart om't se ferkrêfte wurdt troch hear Kira. Dwyljendewei falt Asano dan Kira oan en besiket him te fermoardzjen. As er wer ta himsels komt, docht lykwols bliken dat hear Kira rêstich lei te sliepen doe't Asano him, skynber sûnder reden, tenei kaam. Inkeld it yngripen fan 'e samoerai hat foarkomd dat er Kira deadie. Foar dizze ûnútlokke moardoanslach op in hofdignitaris út it gefolch fan 'e shōgun wurdt hear Asano troch de shōgun ta de deastraf feroardiele. Ut respekt foar syn reputaasje wurdt it de âldman lykwols tastien om earfol seppuku (rituele selsmoard) te dwaan, ynstee dat er as krimineel ophongen wurde soe.

Nei de dea fan Asano jout de shōgun sawol Akō as frouwe Mika oan hear Kira, it lân om te bestjoeren en de ealfrouwe om mei te trouwen. Dat houlik kin lykwols pas plakfine nei't Mika in jier hân hat om om har heit te roujen. De samoerai fan hear Asano, dy't no rōnin (masterleas) binne, ferbiedt de shōgun op straffe fan 'e dea om wraak te sykjen foar wat hear Asano oerkomd is. Om't Asano him foar syn dea frege hat en tink om syn dochter en syn domein, oarderet Oishi de oare samoerai om harren wapens del te lizzen. Want as se har no tsjin it gebod fan 'e shōgun oankantsje soene, dan soe hiele Akō dêrûnder lije. Hear Kira hat der lykwols net folle fidúsje yn dat Oishi wurdhâlde sil, en om't er no gjin samoerai mear is en dus net mear beskerme wurdt troch de foarrjochten fan dy maatskiplike klasse, lit er Oishi finzen nimme en yn in djippe put smite om him geastlik te brekken.

In jier letter, as se miene dat se him brutsen hawwe, wurdt Oishi út 'e put helle en frijlitten troch de mannen fan hear Kira. Hy jout him wer by syn frou Riku en soan Chikara, dy't him fertelle dat de rōnin ûnderwilens fersille rekke binne en dat Kai op befel fan Kira as slaaf ferkocht is oan 'e VOC op Dejima. Oishi stjoert Chikara derop út om safolle mooglik fan 'e rōnin gear te bringen, wylst er sels nei Dejima reizget, dêr't er Kai befrijt. Mei in grutte groep rōnin reizgje se nei it doarp Uetsu, dêr't de bêste wapensmidden fan Japan wenje, om oan swurden te kommen (dy't se ommers dellein hiene nei de dea fan hear Asano). Dêr oankommen, blykt it doarp lykwols ûntfolke te wêzen en beset troch de samoerai fan hear Kira. Dêrop liedt Kai harren nei it wâld fan 'e tengu, in mystyk plak dat er as bern ûntflechte is.

De tengu binne in soarte fan demoanen dy't har net mei de minsklike wrâld bemuoie. Unwinske bern wurde op harren gerjochtichheid te fûnling lein, lykas Kai troch syn mem, in fanke dat swier rekke wie nei seksuele omgong mei in Ingelske seeman. De tengu brochten him grut en learden him witwat dingen oer tsjoenderij en fjochterij foar't er útnaaide. Wylst Oishi troch de tengu op 'e proef steld wurdt om syn weardichheid te bepalen, bepraat Kai de lieder fan 'e tengu om 'e rōnin swurden te jaan. Oishi trochstiet de beproeving en hy en Kai keare by de oare rōnin werom mei in lading swurden.

It plan fan 'e rōnin is om hear Kira yn in mûklaach rinne te litten as er ûnderweis is nei it hillichdom fan syn foarâlden om harren seine oer syn oankommend houlik mei frouwe Mika te freegjen. Isogai, de rōnin dy't Oishi derop útstjoerd hie om oan 'e weet te kommen wannear't Kira nei it hillichdom reizgje soe, is ûnderweis lykwols betsjoend troch Mizuki, dat ynstee dat Oishi-en-dy Kira yn in mûklaach rinne litte, wurde se sels yn ien lokke. Tsientallen rōnin komme om as harren flechtrûte ôfsnien wurdt troch in hommels oplôgjend fjoer. Under harren is ien oan wa't Oishi syn katana te lien jûn hie foar't hy en Kai swurden by de tengu hellen. As Mizuki neitiid de katana fan Oishi by it ferkoalde lyk fan 'e man oantreft, nimt se oan dat Oishi dea is, in misferstân dat se ek oan Kira trochjout. Dyselde hat har ûnthjitte litten dat se Mika neat oandwaan sil, mar om't Mizuki likegoed wol fan 'e ealfrouwe ôf wol om't se de iennnichste minneresse fan Kira bliuwe wol, jout se Mika in dagge en fertelt se har oer de dea fan 'e rōnin om har ta selsmoard te manipulearjen.

Underwilens wurdt Kai einlings akseptearre troch de rōnin. Oishi jout ta dat er mis wie doe't er wegere nei Kai syn warskôging oer de heks te harkjen, en Yasuno ûntskuldiget him foar syn hâlden en dragen yn it algemien en om't er mei de ear striek doe't Kai de kirin deade hie. As der in troep artysten foarby tsjocht, dy't ûnderweis binne nei it kastiel fan Kira om in optreden te fersoargjen by it houlik fan hear Kira en frouwe Mika, komt Kai op it idee om 'e rōnin harren foardwaan te litten as leden fan 'e troep om sa it kastiel binnen te glûpen. Oishi bepraat de artysten om harren te helpen. Ear't se ôfsette foar dizze lêste wraam om wraak te nimmen op Kira, dy't sels as se winne mei harren dea einigje sil, skriuwt Oishi harren doel en motiven op, om it fuortbestean fan in betrouber tsjûgenis te bewissigjen. It dokumint wurdt ûndertekene troch Oishi en de oare oerlibjende fjouwerenfjirtich eardere samoerai fan hear Asano, syn soan Chikara en, as sânenfjirtichste, troch Kai.

Oishi en Kai ynfiltrearje mei in stikmannich oare rōnin as leden fan 'e artystetroep op ljochtskyndei it kastiel fan Kira. Nei't it tsjuster wurden is, en de artysten in foarstelling fersoargje dêr't alle eagen op rjochte binne, kringe de oare rōnin it kastiel binnen en romje ien foar ien de skyldwachten fan Kira út 'e wei. Ien oplettende skyldwacht slacht lykwols alaarm, wêrnei't in iepentlike striid ûntbrânt. Mika wit te ûntsnappen oan Kira troch him mei de dagge tenei te kommen dy't Mizuki har jûn hat. De golem fan Kira wurdt troch de rōnin opblaasd mei buskrûd. Oishi efterfolget Kira, dy't yn it kastiel keamer yn, keamer út flechtet om oan him te ûntkommen. As it úteinlik tusken harren ta in gefjocht komt, wurdt Oishi Kira oermânsk en stekt him in dagge yn it weak fan 't liif, wêrnei't er him ûnthalzet, dêrmei de rituele selsmoard fan hear Asano wjerspegeljend. Underwilens hat Kai Mika weromfûn. Mizuki, dy't de foarm fan in draak oannimt, falt harren oan, mar as se Mika deadzje wol, brûkt Kai de mystike krêften dy't er leard hat fan 'e tengu (en dy't er sward hie nea wer brûke te sillen) om har te rêden en de draak te deadzjen. Nei't Oishi mei de ôfsleine holle fan hear Kira út it kastiel nei bûten komt, jouwe de mannen fan Kira de striid oer.

Neitiid keare de rōnin mei frouwe Mika werom nei Akō, dêr't se harsels oerjouwe oan 'e autoriteiten. De shōgun nimt de saak heech op en komt persoanlik del. Hy feroardielet de rōnin ta de deastraf om't se rjocht yngien binne tsjin syn eksplisite gebod om gjin wraak te sykjen foar de dea fan hear Asano. Om't se lykwols de begjinsels fan 'e bushido, de koade fan ear, oant op 'e letter folge hawwe, jout er harren de status fan samoerai werom. En ynstee dat se eksekutearre wurde, meie se sels op earfolle wize seppuku dwaan. In fierder earbewiis dat er harren tastiet, is dat se yn itselde grêf as hear Asano begroeven wurde meie. Foarôfgeande oan 'e seppuku-seremoanje nimme Kai en Mika yn triennen ôfskie en ûnthjitte se inoar dat se inoar yn harren takomstige libbens wer sykje sille. As de seremoanje begjint, grypt de shōgun jitris yn om 'e jonge Chikara amnesty te jaan, sadat de bloedline fan sa'n foarbyldige samoerai as Oishi foar it lân beholden bliuwe sil. Akō jout de shōgun werom oan frouwe Mika, dy't tenei troch Chikara tsjinne wurde sil. Dêrnei wurdt de seremoanje ferfette en dogge de fiifenfjirtich rōnin en Kai rituele selsmoard.

In ôfslutende tekst fertelt dat de 47 rōnin yn 'e Japanske kultuer noch altyd yn heech oansjen steane, en dat elts jier op 14 desimber tûzenen minsken harren grêf besykje om fan harren respekt blyk te jaan.

Keanu Reeves.
Hiroyuki Sanada.
Ko Shibasaki.
haadrollen
personaazje             akteur/aktrise
Kai Keanu Reeves
Yoshio Oishi Hiroyuki Sanada


byrollen
personaazje akteur/aktrise
hear Yoshinaka Kira Tadanobu Asano
frouwe Mika Asano Ko Shabasaki
Mizuki de kitsune Rinko Kikuchi
hear Naganori Asano Min Tanaka
Chikara Jin Akanishi
Yasuno Masayoshi Haneda
shōgun Tsunayoshi Tokagawa Cary-Hiroyuki Tagawa
Basho Takot Yonemoto
Hazama Hiroshi Sogabe
Hara Hiroshi Yamada
Isogai Masayuki Deai
Horibe Shu Nakajima
lieder fan 'e tengu Togo Igawa
Riku Natsuki Kunimoto
foaroanman fan 'e artysten Gedde Watanabe
kapitan fan 'e VOC Yorick van Wageningen
ferteller Ron Bottitta

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

47 Ronin waard regissearre troch Carl Rinsch nei in senario fan Chris Morgan en Walter Hamada, dat ynspirearre wie troch it wiere foarfal fan de Sânenfjirtich Rōnin út 'e jierren 1702-1703. It histoaryske ynsidint op himsels wurdt yn 'e film frij sekuer folge, mar de senarioskriuwers foegen dêr fantasy-eleminten oan ta, lykas de heks, it meunster, de demoanen en alderhanne tsjoenderij. Dêrnjonken waard it personaazje Kai spesifyk kreëarre sadat der in Westerske akteur, Keanu Reeves, yn 'e film spylje koe.

As produsinten wiene senarioskriuwer Morgan en Hossein Amini by it projekt belutsen foar de filmstudio's H2F Entertainment, Mid Atlantic Films, Moving Picture Company, Stuber Productions, Relativity Media en 3 Arts Entertainment. Foar 47 Ronin wie in budget beskikber fan $175 miljoen (of, neffens oare boarnen, fan wol $225 miljoen). De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan John Mathieson, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Ilan Eshkeri.

Opnamen en postproduksje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opnamen foar 47 Ronin setten op 14 maart 2011 útein yn 'e Hongaarske haadstêd Boedapest. Der waard ek filme yn 'e Shepperton Studios yn it Ingelske greefskip Surrey, de Pinewood Studios yn it greefskip Buckinghamshire en op lokaasje yn Japan. Mei't op Keanu Reeves nei de hiele cast út Japanske akteurs bestie, waarden de sênes hieltyd earst yn it Japansk rippetearre om 'e akteurs der bekend mei te meitsjen, om dêrnei yn it Ingelsk opnommen te wurden. Reshoots waarden ein augustus 2012 yn Londen filme, dêr't se fertrage waarden troch de Olympyske Simmerspullen fan dat jier en Reeves syn debút as regisseur mei de film Man of Tai Chi.

Healwei it filmmontaazjeproses yn 'e postproduksjefaze helle finansier Universal Pictures út ûnfrede oer de gong fan saken regisseur Carl Rinsch by de film wei. It tafersjoch oer de filmmontaazje waard dêrnei oernommen troch Universal-direkteur Donna Langley persoanlik. Sy besleat om it oandiel fan Reeves yn 'e film te fergrutsjen troch in leafdessêne en ekstra close-ups en dialooch foar him ta te foegjen.

De distribúsje fan 47 Ronin waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 6 desimber 2013 yn Tokio yn premiêre en iepene dêrnei op 25 desimber yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 17 desimber by platemaatskippij Varèse Sarabande. Op 1 april 2014 waard 47 Ronin útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige 47 Ronin oer it algemien negative resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie 47 Ronin in leech goedkarringspersintaazje fan 16%, basearre op 87 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is in ferrassend saai fantasy-aventoer, dat syn talintearre ynternasjonale cast strânje lit yn iendiminsjonale rollen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle 47 Ronin in goedkarringspersintaazje fan 28%, basearre op 21 resinsjes.

47 Ronin brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $38,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $113,4 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $151,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $175 miljoen of miskien wol $225 miljoen betsjut dat in ferlies fan $23,2 oant 73,2 miljoen, dêr't dan de marketingkosten noch ris boppe-op komme.

It floppen fan 'e film hie ferskate oarsaken. Yn Japan tsjutte de krante Nikkan Gendai op 'e ôfkear fan 'e Japanners foar in Hollywoodprodukt dat alhiel net liek op it dierbere histoaryske ferhaal fan de Sânenfjirtich Rōnin. Kristen Acuña fan it Amerikaanske blêd Business Insider wiisde noch trije oare redens oan: yn it foarste plak iepene de film yn desimber yn in fersêde filmmerk fuort foar de kryst; oard hie it nei de oankundiging te lang duorre foar't de film útbrocht waard, sadat it entûsjasme fan bioskoopbesikers wilens belune wie; en trêd waarden, benammen yn 'e Feriene Steaten, yn 2013 net folle filmfans oanlutsen troch Keanu Reeves, dy't doe, tusken The Matrix en John Wick yn, yn in dip yn syn karriêre siet.

47 Ronin waard yn 2014 nominearre foar twa Saturn Awards, yn 'e kategoryen bêste kostúmûntwerp (Penny Rose) en bêste produksje-ûntwerp (Jan Roelfs).

Nettsjinsteande it minne kommersjele en krityske resultaat fan 47 Ronin, waard yn augustus 2020 oankundige dat der in ferfolchfilm yn produksje nommen wurde soe. Dat barde yn febrewaris 2021. De nije film soe 300 jier de takomst yn springe nei de hjoeddeistige tiid en fuortborduerje op it ûnthjit fan Kai en Mika om inoar yn harren folgjende libbens te sykjen. It ferfolch soe de sjenres horror, aksje en cyberpunk mei-inoar ferminge. Under de titel Blade of the 47 Ronin gie de film yn oktober 2022 op Netflix yn premiêre, mei yn 'e haadrollen Ana Akana en Marc Dacascos.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.