[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Ulefûgels

Ut Wikipedy
De ferzje fan 27 sep 2022 om 15.18 troch Ruurd Jorritsma (oerlis | bydragen) (Klassifikaasje)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Oehoe

De ûlefûgels (Strigidae) foarmje ien fan de twa famyljes yn it skift fan de ûle-eftigen. De oare famylje is dy fan de goudûlefûgels.

Ulefûgels hawwe in knobsk lichem, mei in grutte kop mei in koarte haaksnaffel en mei eagen dy't nei foaren sjogge. Ulefûgels komme foar yn hast alle omstannichheden, en mei de skerpe eagen en earen en de stadige, stille flecht binne it typyske nachtjagers. De flecht is lykwols net hielendal lûdleas, om't oars as by goudûlefûgels de wjukken fan ûlefûgels elkoar reitsje by it fleanen.

De famylje hat 23 skaaien. It tal soarten yn dizze famylje is sa'n 230.