[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Jemen

Ut Wikipedy
De ferzje fan 1 nov 2020 om 00.30 troch Drewes (oerlis | bydragen) (ynwennertal fan en:)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
الجمهوريّة اليمنية
Al-Jumhuriyah al-Yamaniyah
Flagge fan Jemen Wapen fan Jemen
Flagge Wapen
Lokaasje fan Jemen
Offisjele taal Arabysk
Haadstêd Sana'a
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
527.970 km²
0,0­%
Ynwenners (2018) 28.498.683 (rûsd)
Munt Yemeni rial (YER)
Tiidsône UTC +3
Nasjonale feestdei 22 maaie
Lânkoade YAR
Ynternet .ye
Tillefoan 967

Jemen, sûnt 1990 de Republyk Jemen, is in lân yn Súdwest-Aazje. De haadstêd is Sana'a en de presidint fan de republyk is sûnt 1990 Ali Abdullah Saleh. It is in oaljeprodusearend lân en ûnderdiel fan de Arabyske Liga.

Jemen wurdt begrinzge troch:

Jemen bestiet foar in part út woestynlânskip, geberchten en bylâns de kust ek út leechlân.

Oant en mei it ein fan de Earste Wrâldkriich yn 1918 makke Noard-Jemen part út fan it Ottomaanske Ryk, dernei waard it noarden ûnôfhinklik, it suden wie sûnt 1839 in protektoraat gebiet (protektoraat Aden) fan de Britten. Yn 1967 gongen de Britten dêr fuort en waard it suden Súd-Jemen. Yn 1990 waarden Noard-Jemen en Súd-Jemen mei inoar feriene yn de Republyk Jemen.

De befolking fan Jemen bestiet benammen út Arabieren en hat it heechste bertesifer (3%) fan de wrâld. De wichtichste godstsjinst is de Islam en der wenje in lyts oantal Joaden, Kristenen en Hindoeïsten. De taal dy't sprutsen wurdt is Arabysk.

Wichtige stêden yn Jemen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Kaart fan Jemen