[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Grypskerk

Ut Wikipedy
De ferzje fan 22 jun 2024 om 16.08 troch Drewes (oerlis | bydragen) (Fasiliteiten: C1000 bestiet net mear)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Grypskerk/Gryptsjerk
Grijpskerk
It âlde gemeentehûs fan Grypskerk út 1913, de ferfanger fan in âlder gemeentehûs út 1887 oan oarekant fan de strjitte. Foar 1887 hierde de gemeente romte yn loozjemint Hotel Vogelzang. (2010)
It âlde gemeentehûs fan Grypskerk út 1913, de ferfanger fan in âlder gemeentehûs út 1887 oan oarekant fan de strjitte. Foar 1887 hierde de gemeente romte yn loozjemint Hotel Vogelzang. (2010)
Emblemen
                 
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Westerkertier
Sifers
Ynwennertal 2.905 (2023) [1]
Oerflak 31,11 km²
dêrfan lân: 30,56 km²
dêrfan wetter: 0,56 km²
Befolkingsticht. 93 ynw./km²
Oar
Ferkearsieren Steatsline B,
N355,
N388
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten
Kaart
Grypskerk (Grinslân)
Grypskerk
Kaart
It âlde gemeentehûs fan Grypskerk út 1913, de ferfanger fan in âlder gemeentehûs út 1887 oan oarekant fan de strjitte. Foar 1887 hierde de gemeente romte yn loozjemint Hotel Vogelzang. (2010)
Grypskerk (2007)

Grypskerk[2] of Gryptsjerk[3] (Nederlânsk en offisjeel: Grijpskerk; Grinslânsk: Gruupskerk) is in doarp yn de gemeente Westerkertier yn Grinslân. De ynwenners hiene eartiids de bynamme Smaalruggen. It doarp hat 2.905 ynwenners (1 jannewaris 2023).

Yn 1507 wurdt it plak foar it earst neamd as Grijpskercke. Op guon âlde kaarten en yn de pauslike bul fan 1561 komt de namme 'Engewerd' foar. Neffens Formsma (1986), s. 14-15 is dat lykwols in ferkearde stavering fan Rugewerd (Rûgewaard) omdat dy namme foar it earst op in kaart fan Jakob fan Dimter ferskynt, wylst 'Ruegewerdt alias Grijpskercke' (op in oar ôfskrift Grijpscapelle) al fan 1507 ôf foarkomt. Yn de 16e iuw wurdt it plak ôfwikseljend mei Grijpskerk en 'Westerdijken' oantsjut, mar nei ferrin fan tiid komt de namme Grijpskerk allinne noch foar. Yn de 17e iuw wurdt de namme 'Westerdijken' brûkt foar de kontrei Westerhorn ûnder Grypskerk. Westerdiken komt it earst foar yn in dokumint út 1426 en ferwiisde doe nei Sebaldebuorren-ûnder; it noardlike nij bepoldere part fan dat karspel, dat leger lei as it âlde gebiet.

It wapen fan Grypskerk

It wapen fan Grypskerk waard yn 1903 takend en bestiet út 2 dielen: it boppeste part hat in griffioen, it wapen fan de famylje Grijp (grijp=griffioen). It ûnderste part fan it wapen lit de tsjerke fan Nicolaas Grijp sjen.

Befolkingsûntjouwing fan Grypskerk
jier doarp gem.
1795 372 n.v.t.
1830 2388
1840 2611
1849 849 2772
1859 623 3045
1869 719 3233
1879 911 3454
1889 851 3200
1899 822 3214
jier doarp gem.
1909 883 3300
1919 3268
1920 953 3378
1930 1130 3442
1947 1349 3886
1956 3725
1960 3894
1971 3806
2006 2798 n.v.t.
Opm.1 Fan 1811 oant 1990 wie Grypskerk
in gemeente
Opm.2 Feiten oer it doarp binne net
folslein te fergelykjen troch ferskate
mjitienheden
Bron: www.volkstellingen.nl

It doarp hat ûnder oare in bedriuweterrein, in winkelstrjitte, in grutte supermerk, in ferwaarme swimbad, in sporthal (De Enk) en sportpark en in wensoarchsintrum (De Wierde). Op it bedriuweterrein stiet de âlde suvelfabryk 'de Kievit' (1889-1969), dat no tsjinnet as bedriuwesammelplak.

Ferkear en ferfier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grypskerk leit oan de N355 en it spoar Grins-Ljouwert (stasjon Grypskerk). Sa'n 1½ km besuden it doarp rint it Van Starkenborghkanaal. It Poeldjip (it ferlingde fan it Wolddjip nei it noarden) ferbynt it doarp mei it kanaal. It lêste stik is tichtsmiten, dat skippen moatte no fia it Hoeredjip (hoere = hore = slyk) farre.

It doarp hat in sportkompleks mei de namme 'De Enk', dêr't in ferskaat oan sporten beoefene wurde. Yn it park derefter lizze de fjilden fan fuotbalferiening VV Grijpskerk en in tennisbaan. Teffens leit dêr de iennichste fierljepbaan fan Grinslân.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1990 waard troch de NAM in protte ierdgas fûn tusken Grypskerk, Niesyl en Kommersyl. Boppedat waard ek in boaimlaach fûn dy't gaadlik is foar de opslach fan gas. Der is 1 miljard gûne ynvestearre yn in kompleks fan 50 hektare foar ûndergrûnske gasopslach dat op 1 jannewaris 1997 iepene waard en dat tsjinnet as lanlik opslachplak foar ierdgas, sadat foar it lanlike pykferlet ynstean wurde kin. Yn 2007 kaam in piiplieding nei Noard-Hollân klear, dêr't it gas ek troch nei it Feriene Keninkryk brocht wurde kin. Om de NAM-lokaaske hinne is in natoerpark, it NAM-park, oanlein, om de gebouwen en ynstallaasjes foar it grutste part oan it each te ûntlûken, om sa tsjinstanners en bewenners yn it gebiet yn de mjitte te kommen en tefreden te hâlden. It natoerpark wurdt ekologyske beheard.

Berne yn Grypskerk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Formsma, W.J. (1986), Grijpskerk: De geschiedenis van een Groninger gemeente. Grins: Wolters-Noordhoff/Forsten. 283 s.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Alle Cijfers
  2. Kaart van Friesland / Kaart fan Fryslân, 1986, in útjefte fan it Provinsjaal Bestjoer fan Fryslân, de Fryske Akademy, de Ljouwerter Krante, VVV Fryslân-Ljouwert, Falkplan-Suurland B.V. Eindhoven.
  3. https://www.delpher.nl/
Westerkertier
Doarpen:
AduardBoerakkerBriltilDe WylpDen HamDen HornDoezumEnumatilEzingeFeerwerdFisflietGarnwerdGrypskerkGruttegastJonkersfeartKommersylKoerherneLauwerssylDe LikeLettelbertLucaswoldeLytsegastMearumMidwoldeNiebertNiehoveNijtsjerkNijesylNoardhornNoardwykNuisOldehoveOldekerkOostwoldDe Grinzer PeinPitersylSaaksumSebaldebuorrenTolbertZevenhuizenSúdhorn
Buorskippen:
AalsumAduarder VoorwerkAduardersylAllardseach (foar in part)AllersmaAntumBakkeromBalktilBalmahuizenBarnwertBeswerdBlauwBoerestreekBokkebuertBolshuizenBrillerijBremenBuikstedeDe BombayDe EestDe HaarDe HaspelDe HolmDe JammerDe JouwerDe KampenDe LindeDe PoffertDe RuigewaardDe SnipperijDe TentenDe WierenDe WykDjipswâl (De Like)Djipswâl (Súdhorn)DorpDwarshaspelEekeburenEibersburenElectraEnglumFaanFransumFransumer VoorwerkFrytumGaaikemadykGaaikemaweerGaarkeukenHamrikHardeweerHeereburenHeineburenHet SchoorHilmahuisHoogemeedenIkumJuursemakluftKenwerdKeuningswijkKokswijkKornhornKrassumKroonsfeldKuzemerKuzemerbalkLagemeedenLammerburenLangeweerMokkenburgNieuwbrugNieuwklapNoorderburenNoordhornergaNoordhornertolhekOkswertOosterzandOostindië (foar in part)OostumOude WierdenPamaPasopPeeboskRûgesânSchifpotSelwerdSpanjaardsdijkSteentilSuttum't Hoekje't Kret't MalijkTolhekTopweerTrimuntUiterdijkVeldstreekWesterdijkWesterhornWesterzandWierumerschouwWillemstêdSânwykZethuisZuiderburen
Wetter:
Van StarkenborghkanaalWylpster WykAduarderdjipOldehoofsk kanaalFisflieterdjipHoendjipLykster Haaddjip
· · Berjocht bewurkje