De Holm
Appearance
De Holm is in buorren yn de gemeente Westerkertier yn Grinslân. It leit oan de trochgeande dyk tusken Tolbert en Niebert. Lâns it buorskip rûn eartiids de Tramline Drachten - Grins.
De namme De Holm komt fan holm, dat is 'eilantsje, sânige hichte'. De buert leit op de sânrêch yn it súdlik Westerkertier, dêr't ek Tolbert, Niebert en Nuis op lizze. Yn de stêd Grins binne meardere strjitten mei it taheaksel holm, lykas Munnikeholm en Schoolholm. Oan de Schoolholm waard in buertsintrum 'de Holm' neamd. De Holm is no in aktiviteitensintrum en leit oan in binnenterrein tusken de Schoolholm en de Folkingestrjitte. Destiids waard dit gebou as skoalle brûkt.