[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Elizabeth Olsen

Ut Wikipedy
Elizabeth Olsen
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Elizabeth Chase Olsen
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 16 febrewaris 1989
berteplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Ingelsk
  Noarsk
jierren aktyf 19931996 en 2011 – no
offisjele webside
Elizabeth Olsen op Twitter

Elizabeth Olsen (folút: Elizabeth Chase Olsen; Los Angeles, 16 febrewaris 1989) is in Amerikaansk aktrise dy't de jongere suster is fan 'e bekendere twillingaktrises Mary-Kate en Ashley Olsen. Yn it sok fan har susters spile hja al as bern ferskate lytse roltsjes yn Amerikaanske tillefyzjesearjes. Olsen briek lykwols pas troch yn 2011, doe't se de haadrol hie yn it ûnôfhinklike skriller-drama Martha Marcy May Marlene, dêr't se in protte lof foar taswaaid krige. Neitiid wie se te sjen yn films as Silent House, Oldboy, Godzilla, Ingrid Goes West en Wind River. Ek hie se de haadrol yn 'e web-/tillefyzjesearje Sorry for Your Loss, dêr't se teffens as útfierend produsinte by belutsen wie. By it grutte publyk waard se it bekendst mei har fertolking fan 'e rol fan Scarlet Witch yn 'e superheldefilms fan Marvel Studios.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Olsen waard yn 1989 berne yn Sherman Oaks, in begoedige wyk fan 'e stêd Los Angeles, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Hja is de dochter fan Dave Olsen, in projektûntwikkeler en hypoteekbankier, en dy syn frou Jarnie (koart foar Jarnette), in ympressario. Olsen is de jongere suster fan 'e twilling Mary-Kate en Ashley Olsen, dy't al hiel jong wrâldferneamd waarden as tillefyzje-aktrises yn 'e komeedzjesearje Full House. Olsen hat ek in âldere broer, Trent, en twa jongere healsiblings. Se is fan mingd Ingelsk en Noarsk etnysk komôf. Har âldelju skieden yn 1996, doe't se sân jier âld wie.

Elizabeth Olsen yn 2011 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto.

As bern siet Olsen op ballet en krige se sjonglessen. Yn it sok fan har bekendere twillingsusters sette se ek al ier útein mei aktearjen. Sa hie se lytse roltsjes yn 'e tillefyzjefilm How the West Was Fun (1994), de komeedzjesearje Full House (1995) en de inkeld op fideo útbrochte searje The Adventures of Mary-Kate & Ashley (1994-1996). Olsen gie nei de Campbell Hall School, in basisskoalle yn North Hollywood. Nei't se de middelbere skoalle trochrûn hie, learde se fierder oan 'e Tisch School of the Arts, in fakulteit fan New York University. Yn 2009 studearre se in semester yn Moskou oan 'e skoalle fan it Moskovysk Teäter foar de Keunsten. Fierders wie se ek as stazjêre belutsen by de Atlantic Theater Company. Yn maart 2013 studearre se ôf mei in bachelorgraad yn toaniel nei seis gauris ûnderbrutsen stúdzjejierren.

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't se har aktearoplieding ôfrûne hie, sette Olsen útein mei in eigen karriêre as aktrise, los fan it wurk fan har susters. It hie der wol oan hân dat soks barre soe, want fanwegen de negative media-oandacht dy't de famylje Olsen yn 2004 oer it mad kaam yn ferbân mei Mary-Kate har anoreksia, hie Elizabeth op in hier nei it aktearjen deroan jûn. Sa wie it lykwols net gien, en yn 2011 briek se troch mei har haadrol yn it ûnôfhinklike skriller-drama Martha Marcy May Marlene. Sawol de film sels as Olsen har optreden yn 'e rol fan Martha, in famke dat oan waantinkbylden lijt nei har ûntsnapping út in sekte en de weromkear nei har famylje, krigen in protte lof taswaaid. Olsen wûn ferskate mindere prizen, lykas de New Generation Award fan 'e Los Angeles Film Critics Association, de priis foar meast ûnthjittende akteur fan 'e Chicago Film Critics Association en de priis foar bêste aktrise fan 'e Vancouver Film Critics Circle. Ek waard se nominearre foar de Independent Spirit Award, de Satellite Award en de Saturn Award yn 'e kategory bêste aktrise.

De folgjende film fan Olsen wie de horror-remake Silent House (2011), wêryn't se de rol fan Sarah spile. Dy film krige mingde kritiken, mar Olsen har aktearjen waard rûnom priizge. It smiet har de Fangoria Chainsaw Award yn 'e kategory bêste aktrise op. Fierders spile Olsen yn 2011 ek noch yn 'e film Peace, Love & Misunderstanding en yn 'e fideoklip fan it nûmer The Queen fan Carlotta. Yn 2012 wie se te sjen yn 'e films Red Lights en Liberal Arts, wêrfan't de lêste regissearre waard troch Josh Radnor.

Mei Dakota Fanning fertolke Olsen yn 2013 de haadrollen yn 'e film Very Good Girls. Datselde jiers wûn se ek in Britske BAFTA Award yn 'e kategory opgeande stjer. Se wie de tsjinspylster fan Josh Brolin yn 'e Amerikaanske remake (2013) fan 'e Súdkoreaanske film Oldboy (2003). Ek wie se yn 2013 te sjen as Edie Parker, de earste frou fan 'e Amerikaanske skriuwer Jack Kerouac, yn Kill Your Darlings, en as Thérèse Raquin yn In Secret, in filmadaptaasje fan 'e literêre klassiker Thérèse Raquin, út 1867, fan 'e Frânske skriuwer Émile Zola.

Elizabeth Olsen yn 2019 op 'e San Diego Comic-Con.

Yn 2014 fertolke Olsen mei Bryan Cranston en Aaron Taylor-Johnson de haadrollen yn 'e film Godzilla, de reboot fan de filmsearje mei dy namme troch filmstudio Legendary Entertainment. Dat jiers hie Olsen ek foar it earst de rol fan Scarlet Witch yn in superheldefilm fan de Marvel Studios, te witten yn in bonussêne dy't healwei de ôftiteling te sjen wie oan 'e ein fan Captain America: The Winter Soldier. Dyselde rol soe se op 'e nij spylje yn Avengers: Age of Ultron (2015), Captain America: Civil War (2016), Avengers: Infinity War (2018) en Avengers: Endgame (2019).

Olsen fertolke yn 2015 ek de rol fan Audrey Williams, de frou, ympressario en duëtpartner fan countrysjonger Hank Williams (spile troch Tom Hiddleston) yn 'e biografyske film I Saw the Light, ûnder rezjy fan Marc Abraham. Yn 2017 wie Olsen te sjen as Taylor Sloane yn 'e film Ingrid Goes West, wêryn't se de tsjinspylster wie fan Aubrey Plaza. Datselde jiers fertolke se yn 'e neo-western Wind River, fan regisseur Taylor Sheridan, de rol fan FBI-aginte Jane Banner, dy't mei help fan in spoarsiker fan 'e U.S. Fish and Wildlife Service (spile troch Jeremy Renner) yn it Wind River Yndianereservaat fan Wyoming de moard op in jonge Yndiaanske frou besiket op te lossen.

Ein 2018 makke Disney bekend dat Olsen en Paul Bettany de haadrollen spylje soene yn in noch te meitsjen tillefyzjesearje fan Marvel Entertainment, dy't útstjoerd wurde soe op 'e eigen video-on-demandtsjinst Disney+. De titel fan 'e searje soe WandaVision wurde, sa waard yn april 2019 befêstige. De searje moast streekrjocht yn ferbân stean mei de noch te meitsjen film Doctor Strange in the Multiverse of Madness, dêr't Olsen ek yn meispylje soe.

Olsen en akteur Boyd Holbrook ferloofden harren yn maart 2014, mar brieken de relaasje yn jannewaris 2015 ôf ear't it ta in houlik komme koe. Neitiid krige Olsen yn 2016 in relaasje mei muzikant Robbie Arnett fan 'e band Milo Greene. Mei him ferloofde se har yn 2019.

Yn in fraachpetear hat Olsen sein dat se harsels al as ateïst beskôget sûnt se trettjin jier âld wie.

Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1994 How the West Was Fun famke yn auto tillefyzjefilm
2016 Drunk History Norma Kopp gastrol; ôfl. Siblings
2017 HarmonQuest Stirrip gastrol; ôfl. The Keystone Obelisk
2018–2019 Sorry for Your Loss Leigh Shaw fêste rol; ek útfierend produsinte
nom. Critics' Choice Television Award foar bêste aktrise yn in dramasearje
2021 WandaVision Scarlet Witch (Wanda Maximoff)   haadrol; minysearje
nom. Emmy Award foar bêste aktrise yn in minysearje of tillefyzjefilm
2021–2022 Marvel Studios: Assembled n.f.t. efter-de-skermendokumintêresearje, 2 ôfl.
2022 Saturday Night Life harsels gastrol; ôfl. Benedict Cumberbatch/Arcade Fire
2023 Love & Death Candy Montgomery minysearje
2023 What If... Scarlett Witch (Wanda Maximoff) as stimaktrise, seizoen 2
films
2011 Martha Marcy May Marlene Martha nom. Independent Spirit Award foar bêste aktrise
nom. Satellite Award foar bêste filmaktrise
nom. Saturn Award foar bêste aktrise
2012 Red Lights Sally Owen
2012 Silent House Sarah
2012 Peace, Love & Misunderstanding Zoe
2012 Liberal Arts Zibby
2013 Kill Your Darlings Edie Parker
2013 Oldboy Marie Sebastian / Mia Doucett
2014 In Secret Thérèse Raquin
2014 Captain America: The Winter Soldier Scarlet Witch (Wanda Maximoff) cameo yn sêne nei ôftiteling; net fermeld op ôftiteling
2014 Very Good Girls Gerry Fields
2014 Godzilla Elle Brody nom. Teen Choice Award foar trochbraak fan in filmstjer
2015 Avengers: Age of Ultron Scarlet Witch (Wanda Maximoff) nom. Teen Choice Award foar trochbraak fan in filmstjer
2015 I Saw the Light Audrey Williams
2016 Captain America: Civil War Scarlet Witch (Wanda Maximoff) nom. Teen Choice Award foar bêste gemy op it wite doek
2017 Ingrid Goes West Taylor Sloane
2017 Wind River FBI-aginte Jane Banner
2018 Kodachrome Zooey Kern
2018 Avengers: Infinity War Scarlet Witch (Wanda Maximoff) nom. Teen Choice Award foar favorite aktrise yn in aksjefilm
2019 Avengers: Endgame Scarlet Witch (Wanda Maximoff)
2022 Doctor Strange in the Multiverse of Madness   Scarlet Witch (Wanda Maximoff)
2023 His Three Daughters ?

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.