[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Haadrol

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tsjinspylster)

In haadrol is de rol fan it personaazje dat de grutste bydrage leveret oan 'e plot yn in wurk fan fiksje, lykas in mearke, koart ferhaal, stripferhaal, novelle, roman, toanielstik, musical, opera, operette, film, tekenfilm, tillefyzjesearje, fideospultsje of kompjûterspultsje. Sels beskate gedichten en reklamespotsjes omfetsje in haadrol. It tsjinstelde fan in haadrol is in byrol. In titelrol is faak ek de haadrol, lykas yn it toanielstik Hamlet of de tillefyzjesearje Magnum, P.I., mar net altyd, lykas yn 'e roman The Last of the Mohicans.

As it poer om it personaazje giet, wurdt ek wol sprutsen fan in haadpersoan, in haadpersonaazje of in haadfiguer. Op it mêd fan it aktearjen neamt men de akteur dy't de haadrol hat, de haadrolspiler (froulike foarm: haadrolspylster). As der twa of mear haadrolspilers binne, neamt men dy inoars tsjinspilers. Yn 'e narratology wurdt almeast de oantsjutting protagonist brûkt om nei it haadpersonaazje te ferwizen. It komt faak foar dat der mear as ien haadrol yn in fiksjewurk sit. Sa hat men gauris in manlike en in froulike haadrol of protagonist, en ek komt it geregeldwei foar dat de haadrollen weilein binne foar in 'held' (de protagonist) en in 'smjunt' (de antagonist).

In skaaimerk fan haadrollen is faak dat sokke personaazjes de measte tekst hawwe yn in fiksjewurk (útsein fansels yn stomme films). Mar dat giet lang net altyd op. Arnold Schwarzenegger (as cyborg yn The Terminator), Dustin Hoffman (as de autistyske Raymond yn Rain Man) en Rowan Atkinson (as de swijsume Mr. Bean) hawwe bygelyks krúsjale haadrollen út harren karriêre spile wêrby't se mar kwealk in stom wurd seine. De bêste fertolkings fan haadrollen wurde by in protte prizen op it mêd fan toaniel, film en tillefyzje bekroane mei oerwinnings yn 'e kategoryen 'bêste akteur' of 'bêste aktrise'. Dat is bygelyks sa by de Oscars, Emmys, Tonys, BAFTA's, Gouden Keallen, ensfh.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.