Settela Steinbach
Anna Maria (Settela) Steinbach (Buchten (Limboarch), 23 desimber 1934 – Auschwitz, 31 july 1944) wie in Nederlânsk famke dat yn Auschwitz fergast waard. Sy hat lange tiid in ikoan foar de Nederlânske Joadeferfolging west, mar 1994 waard dúdlik dat hja net Joadsk wie, sa't altyd tocht wie, mar dat hja ta de Sinty-famylje fan de Roma (sigeuners) hearde.
Biografy
bewurkje seksjeSteinbach wie in dochter fan keapman en fioelist Heinrich (Moeselman) Steinbach en Emilia (Toetela) Steinbach. Op 16 maaie 1944 waard yn hiel Nederlân in razzia tsjin Roma holden. Settela waard yn Eindhoven oppakt. Deselde deis kaam se mei noch 577 oaren yn kamp Westerbork oan. Yn Westerbork waard Settela preventyf kealskeard tsjin hollelús. Lykas ek de oare Romafroulju dy't harren skammen foar in keale holle krige hja in ôfskuord stik lekken om de holle.
Op 19 maaie waard hja mei 244 oare Sinty op transport set nei Auschwitz-Birkenau. Krekt foar't de doarren fan de frachtwagon sletten waarden seach sy noch efkes nei bûten, nei in hûn dy't dêr rûn. Dat byld waard fêstlein troch Rudolf Breslauer, in Joadsk finzene yn Westerbork, dy't fanwege kampkommandant Gemmeker in film oer it kamp oan it meitsjen wie. Har mem sei "Settela ga bij die deur weg, straks komt je kop er nog tussen". Sa kaam Crasa Wagner dy't efter har stie te witten dat hja Settela hiet.
Op 21 maaie kamen de Nederlânske Sinty, ek Settela, yn Auschwitz-Birkenau oan. Sy waarden nei registraasje nei de Romaôfdieling brocht. Doe't simmer 1944 in heal miljoen Joaden út Hongarije yn Auschwitz-Birkenau oankamen ûntstie romtekrapte yn it kamp. De Roma makken rebûlje dy't lykwols mislearre troch ferried. Roma dy't noch wurkje koene waarden dêrnei nei múnysjefabriken yn Dútslân brocht. Fan ein july oant 3 augustus waarden de oerbliuwende 3000 fergast, dêr't ek 213 Nederlânske Sinty by wiene. Settela en har mem, twa broerkes, twa suskes, har muoike, twa neefkes en in nichtsje sieten ek yn dy groep, dat de datum fan har ferstjerren is net wis. Fan de famylje oerlibbe allinne de heit fan Settela de Twadde Wrâldoarloch. Hy stoar 1946 en kaam te hôf yn Maastricht.
Sykje nei in namme
bewurkje seksjeNei de oarloch waard it fragmint út Rudolf Breslauer syn film faak brûkt yn dokumintêres. Ien byld út de film waard in ikoan foar de Joadeferfolging. Omdat de namme fan it famke net witten wie, waard sy 'it famke mei de holdoek'. Meidat kamp Westerbork fral in trochfierkamp foar Joaden wie, waard ynearsten oannaam dat it om in jooadsk famke gie.
De sjoernalist Aad Wagenaar ûntduts dat der yn de filme trein twa wagons wiene dy't Nederlânske Sinty ferfierden. Op 7 febrewaris 1994 hearde Wagenaar op in wenweinkamp yn Spijkenisse fan Crasa Wagner de namme fan it famke. Letter fûn er út dat hja mei har mem, fjouwer broerkes en suskes en noch fjouwer oare famyljeleden yn Auschwitz fergast wie.
Publikaasjes
bewurkje seksjeCherry Duyns makke de dokumintêre Settela, gezicht van het verleden (1994). Sjoernalist Aad Wagenaar socht nei har identiteit en publisearre it boek Settela; het meisje heeft haar naam terug (ISBN 90-295-5612-9).