Nettelkrûper
De nettelkrûper (Sylvia atricapilla) is in moskeftige út de famylje fan de Sylviidae. Se wurde sa'n 13,5 oant 15 sm grut. It is in skou, wat ferhoalen libjend fûgeltsje dat syn oanwêzigens ferried troch it sjongen. Winterdeis lit er him út-en-troch op de foerplanke sjen.
nettelkrûper | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
mantsje wyfke | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Sylvia atricapilla | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Uterlik
bewurkje seksjeDe nettelkrûper hat in opfallend mûtske, dat by it mantsje swart is en by it wyfke brún. Hy wurdt dêrom ek wol Swartkop (=atricapilla) neamd. De kleur fan it kleed is fierder griis: ûnder wat ljochter as boppe. De snaffel is griiseftich.
Biotoop
bewurkje seksjeDe nettelkrûper komt foar yn tunen en parken mei beammen en strûken en yn bosken mei in soad ûndergroei.
Ferspriedingsgebiet
bewurkje seksjeIt ferspriedingsgebiet is suver hiel Europa, oant Aazje en Noard-Afrika. Winterdeis lûke se nei wat mear súdlike streken, it suden fan Ingelân, Ierlân en Westfrankryk.