[go: up one dir, main page]

Kambodja

De ferzje fan 5 mai 2011 om 03.03 troch KamikazeBot (oerlis | bydragen) (r2.6.4) (Bot - oars: nah:Camboya (nci))
Preah-reach-anachâk Kampuchea
Flagge fan Kambodja Wapen fan Kambodja
Flagge Wapen
Lokaasje fan Kambodja
Offisjele taal Kmer
Haadstêd Phnom Penh
Steatsfoarm Monargy
Gebiet
% wetter
181.040 km²
2,5­%
Ynwenners (1998) 11.437.656
Munt Riel (KHR)
Tiidsône UTC +7
Nasjonale feestdei 9 novimber
Lânkoade KHM
Ynternet .kh
Tillefoan 855

Kambodja is in lan yn Súdeast-Aazje. De haadstêd is Phnom Penh en de kening fan de monargy is sûnt 2004 Norodom Sihamoni.

Geografy

Lizzing

Kambodja wurdt begrinzge troch:

Lânskip

De Tônlé-Sap-bekken en de Mekong-delta foarmje in leechflakte dy't begrinzge wurdt troch bergen. Dizze flakte foarmet it tichtbefolke part fan Kambodja en is tige fruchtber. It wichtichste lânbouprodukt dat hjir ferboud wurdt is rys. Troch de flakte streamt de Mekongrivier fanút Laos út nei de Golf fan Tailân.

Yn it noarden fan Kambodja leit it Dongrek-berchte mei piken oant 700 meter hichte en yn it suden en súdwesten it Kardamom-berchtme mei as heechste pyk de Aoralberch dy't op 1771 meter hichte leit.

It lân hat in fochtich tropysk klimaat mei in fegetaasje dat fariearet fan mangrove oan de kust fia moessonbosken yn it sintrale part, oant reinwâlden yn it berchlân.

Skiednis

 
In Kmer leger set útein ta kriich tsjin de Gam, fan it relyf op de Bayon

Yn de 1e ieu fan de jiertelling sette minsken har nei wenjen yn Kambodja. Fan 802 oant likernôch 1350 hearde Kambodja by it Kmer-Ryk. Dat ryk besloech grutte dielen fan Súdeast-Aazje. Angkor Wat en oare Hindûtimpels binne oerbliuwsels fan dy tiid. Nei ferskate oarloggen mei it keninkryk Ayutthaya en Lan Xhang waard de Phnom-Penh haadstêd fan it Kmer-ryk en yn dy tiid feroaren hja de namme nei Kambû-ja (Kambodja).

Healwei de 15e ieu oant de Frânske tiid hienen de keningen net folle macht en hienen ynlânske problemen. Troch kriich mei it Keninkryk Ayutthaya en Fietnam ferliest Kambodja sawol grûngebiet as rykdom. De glory tiid fan it Khmer-ryk soe net wer weromkomme. Tusken 11 augustus 1863 en 9 novimber 1953 wie Kambodja in Frânske kolony. Op 9 novimber 1953 ferklearre kening Norodom Sihanouk de ûnôfhinklikens.

Yn 1970 ûntstie in boargerkriich dy't einige yn it foardiel fan de kommunistyske Reade Kmer. Fan 1975 ôf fierden hja in wier skrikbewâld dat pas troch in ynfal fan Fietnameeske troepen beëinige wurde soe. Neidat it Fietnameeske leger harren weromluts waarden frije ferkiezings holden. De lêste ienheden fan de Reade Kmer joegen har oer yn 1998.

Demografy

Befolking

It meastepart fan de Kambodjanen (94%) hearre etnysk sjoen by de Kmer. De Sjinezen binne de ien nei grutste groep mei sawat 3%, de Moslim Gams folgje mei 2%. De rest fan de befolking bestiet út Fietnamezen, Tais en berchfolken.

Der is ek in grutte groep Kambodjanen dy't bûten it lân wenje, nammentlik yn de noardeasten fan Tailân en yn it súdlike diel fan Fietnam. Kambodja hat in jonge befolking dy't hurd waakst.

Religy

De wichtichste religy yn Kambodja is it boedisme dêr't om-ende-by 88% fan de befolking by heart. De islam hat mei 3% fan de befolking de twadde grutste religy. Fierders is er in lytse kristlike minderheid.

Ekonomy

 
Rysfjilden spile in wichtige rol yn de enkonomy fan it lân

De lânbou draacht foar 50% by oan it Bruto Nasjonaal Produkt en jout wurk foar 85% fan de befolking. Utsein rys wurdt der sojabeanen, stynske weet en peper ferboud. Tabak, fisk en tropysk hout wurde allyksa útfierd.

De yndustrysektor is lyts en produsearret fral foar de eigen merk.

Berjocht:Link FA