[go: up one dir, main page]

Willem van Althuis

Willem van Althuis (Dronryp 31 maart 1926 - It Hearrenfean 9 oktober 2005) wie in byldzjend keunstner; ûnderwerp en keunstrjochting: lânskippen en realitsysk abstrakte of abstrakt-realistysk.

Syn pake Age en syn heit Tjeerd hienen in pleats 'Op Hatsum'. Doe't er trettjin wie ferhuze de húshâlding nei Dronryp en Willem gie nei de lân- en túnbouskoalle yn Berltsum. Althuis wurke earst yn lân- en túnbou en wurket tusken 1947-1950 as feefersoarger yn de Feriene Steaten. Yn 1950 komt er werom en wurdt los wurkman, mar komt dan as strjitmakker yn tsjinst by de gemeente It Hearrenfean. Yn 1956 begjint wer mei tekenjen. Nei inkele winters tekenlessen folge te hawwen begûn er yn 1962 mei skilderjen. Paste earst symboalyske referinsjes ta yn syn wurk dy't nei ferrin fan tiid ferdwûnen doe't er it skilderjen better yn de macht krige. De troch himsels kontra-revers neamde romten fan kleur lit er op elkoar ynwurkje. Yn 1971 skildere hy "Sicht op Dronryp". Dêrmei toande hy foar it earst it geleidlike kleurferrin dat letter eigen wêze soe oan syn wurk. Troch de postsegelklup kaam er yn kontakt mei Thom Mercuur, Sjoerd de Vries, Boele Bregman en sadwaande mei keunst en oare wearden as dy fan it deiske bestean. Ek it wurk fan Louis le Roy hat him beynfloede. Yn 1967 krijt er in eigen atelier op Sechtjinroeden by De Knipe. Mear en mear jout er syn bylden wer yn skakearrings fan mar in inkele haadkleur.

Syn earste tentoanstelling, simmer 1973 yn it 't Coopmanshûs yn Frjentsjer, luts lanlike oandacht. Yn 1976 giet er yn de vut. Yn de hjerst fan 1975 eksposearre hy yn it Steedlik Museum fan Amsterdam en yn 1976 waard in tv-portret fan in heal oere fan him útstjoerd yn it keunstprogramma Beeldspraak fan de NOS. Yn de hjerst fan 2004 waard Museum Belvédère iepene mei in grutte oersjochtentoanstelling fan syn wurken.

Yn 2005 is op It Hearrenfean de Willem van Althuis Stichting oprjochte. De stichting wol it wurk fan de keunstskilder trasearje, ynventarisearje, sammelje en tagonklik meitsje middels tentoanstelling, publikaasjes en reproduksjes.

Tentoanstellingen

bewurkje seksje
  • Berg, Susan van den (2013). Willem van Althuis : achter de horizon / red.: Ernst Bruinsma; foto's: Ed Brandon ... e.o. De Kunst/De Willem van Althuis Stichting, Wezep/It Hearrenfean. 191 s. + dvd-fideo fan 3 TF-útstjoerings. ISBN 978-949-119-643-0. Oersjochkatalogus by de útstalling yn Museum Belvédère, 14 juny o/m 1 septimber 2013.
  • Wal, Gijsbert van der (2013). Fluisterzachte op-art uit Friesland. In: NRC Handelsblad, 23-07-2013, p.19.
  • Vermeijden, Marianne (2013). De dampkring in totale rust : het nevelige universum van de Friese schilder Willem van Althuis. Yn: NRC Handelsblad, 28-06-2013, Seksje Boeken, s.14.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: