[go: up one dir, main page]

It Hearrenfean (plak)

haadplak fan de gemeente It Hearrenfean

It Hearrenfean is it haadplak fan de gemeente It Hearrenfean. Der wenje 30.680 minsken (1 jannewaris 2023, boarne: CBS). Wat it ynwennertal oanbelanget is It Hearrenfean it fjirde plak fan de provinsje Fryslân, mar is net ien fan de alve Fryske stêden.

It Hearrenfean
Crackstate (ûnderdiel fan it gemeentehûs)
Crackstate (ûnderdiel fan it gemeentehûs)
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente It Hearrenfean
Sifers
Ynwennertal 30.680 (1 jannewaris 2023)[1]
Hichte 0,5 m. boppe seenivo
Oar
Stifting 1551
Ferkearsieren E22 A7 A32 N380 N924
Spoar fan Ljouwert nei Swol
Postkoade 8441-8448
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 57′ NB, 5° 55′ EL
Iisbaan Thialf
Iisbaan Thialf
Muntflats
Muntflats
Offisjele webside
Webside gemeente It Hearrenfean
Kaart
It Hearrenfean (Fryslân)
It Hearrenfean
Kaart
Crackstate (ûnderdiel fan it gemeentehûs)
Himrik fan It Hearrenfean

Yn earder tiden waard it in flekke (grut doarp mei merkrjocht), dat mei It Oranjewâld derby ek wol It Fryske Haachje neamd waard. De hjoeddeistige omgongsnamme foar minsken út de omkriten is It Fean. Nei bûten ta presintearret It Hearrenfean him as Sportstêd mei ûnder oaren it Thialf en it Abe Lenstra Stadion.

De skiednis fan it plak giet werom nei it stiftingsjier 1551, en begjint op it plak dêr't de Hearresleat en de Skoatterlânske Kompanjonsfeart byinoar komme.

Sûnt juny 2013 hat It Hearrenfean as slogan 'n gouden plak.[2]

 
Satellytfoto fan It Hearrenfean en omkriten

It Hearrenfean leit yn it suden fan de provinsje Fryslân. Westlik fan It Hearrenfean leit it Fryske marregebiet, noardlik leit it lege midden en eastlik fan It Hearrenfean leit it boskgebiet Oranjewâld.

It plak leit himelsbreed sa'n 25 kilometer súdlik fan Ljouwert, en sa'n 50 kilometer westlik fan Grins. It Hearrenfean is ûntstien op de krusing wêr't de Hearresleat en de Skoatterlânske Kompanjonsfeart eartiids byinoar kamen. It plak groeide nei de Tsjonger ta yn it suden en nei it doarp Haskerdiken ta yn it noarden. De doarpen Nijskoat en Aldskoat yn it suden, De Knipe yn it easten, en Nijehaske yn it westen binne oan 't Fean fêstgroeid mei behâld fan doarpstatus.

Troch de Feanskieding is it sintrum hjoed noch ferbûn mei de Engelenfeart en it Hearrenfeanster Kanaal en úteinlik mei it Nannewiid westlik fan It Hearrenfean. Noardlik fan It Hearrenfean komme it Hearrenfeanster Kanaal en de Hearresleat byinoar tichtby de Grevensmole, en rint tusken Akkrum en Terherne oer yn de Meinesleat. De Engelenfeart stiet oan de súdkant fan It Hearrenfean yn ferbining mei de Tsjonger.

Buorgemeenten fan It Hearrenfean binne mei de klok mei: Ljouwert, Opsterlân, Eaststellingwerf, Weststellingwerf, De Fryske Marren.

Troch it poalklimaat fan de lêste iistiid wie der gjin begroeiïng yn Fryslân en hie de wyn frij spul. De wyn brocht deksân mei út hjoeddeistige Noardseegebiet (dat doe noch foar in grut part drûch lei). Yn de oergong fan de iistiid nei it holoseen gong de temperatuer relatyf hurd omheech sadat de iiskapen begûn te smelten en it seenivo heger waard. Troch it hegere seenivo en de minne ûntwettering gong ek it grûnwetternivo omheech sadat der grutte sompen en marren ûntstean koenen. Yn dy gebieten koe it fean op grutte skaal oanwaakse. De geologyske ferhâldingen yn en om it plak hinne hawwe beskiedend west foar de namme It Hearrenfean. Yn it hjoeddeistige stedsgebiet en yn it gebiet deromhinne wie fean de meast foarkommende grûnsoarte. It fean is foar it grutste part ôfgroeven. Yn beboude gebieten binne de restanten fean gauris fermongen mei sân. Under de âlde feanlaach siet in laach deksân. Tichtby it sintrumgebiet sit dy laach deksân tusken de ien en twa meter djipte ûnder de grûn.[3] Yn it súdlike diel fan It Hearrenfean leit it rekreaasjegebiet De Heide mei de op sommige plakken 20 meter djippe heidemar dy't ûntstien is troch sânwinning. It heechste punt fan It Hearrenfean is in jiskebult fan 27 meter heech yn it noardwesten fan it stedsgebiet.

Stedsyndieling

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Wiken en buerten yn It Hearrenfean.
  De Wikipedy hat ek in side strjitten yn it Hearrenfean.

Foar it jier 1900 wie It Hearrenfean noch in lintdoarp mei de bebouwing om de Hearresleat en de Skoatterlânske Kompanjonsfeart hinne. Foaral nei de gemeentlike weryndieling fan 1934 koe It Hearrenfean fierder groeie. Hjoed-de-dei is 't Fean fan noard nei súd acht kilometer lang. Dêrtroch feroare de foarm fan it plak op de kaart; as lintdoarp hie It Hearrenfean syn grutste lingte fan east nei west wylst it plak hjoed-de-dei fan noard nei súd aardich wat grutter is. Troch nije wenwyk Skoatterwâld en it Ynternasjonaal Bedriuweterrein Fryslân is it plak yn 'e breedte groeid (fan east nei west). Mei de nije stedsgebieten derby rekkene is it plak oer it generaal noch net breder as fjouwer kilometer.

 
Stedsyndieling
# Namme Postkoade Bou Ynwennertal Funksje/bysûnderheden
1 Noard 8441 20e iuw 3.600 Blommebuert, sikehûs De Tsjongerskâns
2 Sintrum 8442 16e iuw 2.700 Winkels, útgeanssintrum, Flinterbuert
3 Lege Midden 8442 20e iuw 3.500
4 De Ikkers 8443 20e iuw ('60 jierren) 2.000 Strjitnammen: Waadeilannen en kriten
5 Ten Woude 8443 20e iuw 1.100
6 De Greiden 8446 20e iuw ('70 jierren) 7.800 Fûgel-, wetter-, boate-, krûdebuert. Winkelsintrum.
7a De Heide 8445 20e iuw ('80 jierren) 1.500
7b Heidemar 8445 20e iuw ('90 jierren) Golfbaan yn beboud parklânskip
8 Nijehaske 8447 20e iuw ('80 en '90 jierren) 3.500
9 Skoatterwâld 8448 21e iuw 2.000 Swannewâld
10 It Mar 8448 800
11 Ljouwerterstrjitwei 8441 150

Taljochting:

  • Ynwennertal neffens sifers CBS.
  • Postkoade 8444 is Hearrenfean-Súd.
  • In part fan de wyk Ten Woude is nij. Op it plak dêr't eartiids in iepenloftswimbad, túnsintrum en kuorbalfjilden wienen binne letter nije huzen boud. Noardlik fan de Keninginne Julianawei wie foar de midden fan de tachtiger jierren allinnich mar bebouwing oan de Boargemaster Falkenawei, Van der Sluisleane, Binnenwei en Parkwei.
  • Sportstêd Hearrenfean is op de kaart net yndield. It stedsdiel Sintrum en Sportstêd Hearrenfean wurde tegearre "Sintrum-Breed" neamd.
  • De doarpen Nijbrêge en Haskerdiken sille nei de gemeentlike weryndieling ûnderdiel wêze fan de gemeente It Hearrenfean.[4] De doarpen slute op de wenwyk Ljouwerterstrjitwei oan.
Yndustrygebiet
 
Topografyske kaart
# Namme Plak
A Kanaal noardlik fan A7, westlik fan A32
B Ljouwerterstrjitwei noardlik fan A7, westlik fan A32
C Businesspark Fryslân súdlik fan A7, westlik fan A32
D De Kavels súdlik fan A7, westlik fan A32
E Ynternasjonaal Bedriuweterrein Fryslân (YBF) súdlik fan A7, eastlik fan De Kavels/A32
F It Mar súdlik fan A7, westlik fan A32
G It Hearrenfean-Súd westlik fan A32
H Nijskoat westlik fan A32

Der binne ek noch twa yndustryterreinen dy't wol oan It Hearrenfean fêst sitte, mar dy't gjin ûnderdiel fan de gemeente It Hearrenfean binne. De yndustryterreinen, it Businesspark Fryslân West en Haskerfean, lizze beide westlik fan it Hearrenfeanster Kanaal.

  De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan It Hearrenfean.
 
Hearresleat

It Hearrenfean is net it âldste feankanaaldoarp fan Nederlân. It plak is yn 1551 ûntstien op it krúspunt fan de Hearresleat en de Skoatterlânske Kompanjonsfeart, dy't beide oanlein binne foar it ferfier fan de turf. Hjir lei ek de Hearewei, de ferbiningswei Swol-Ljouwert. It graven fan dizze twa kanalen barde op inisjatyf fan trije hearen: Pieter van Dekema, Johan van Cuyck en Floris Foeyts. Op 24 july 1551 rjochten se de Skoatterlânske Feankompanjy op mei as doel grutte stikken lân te keapjen om oan feanûntginning te dwaan. Dêr komt de namme It Hearrenfean wei; de hearen fan it fean. It is woeksen troch it belang fan de feanwinning. Crackstate waard yn 1648 as wenhûs boud troch Johannes Sytzes Crack. Neffens alle wierskyn op itselde plak dêr't syn heit yn 1608 al in stins boude; it earste Crackstate. De Oenemastate oan de Lindegrêft is yn 1640 boud. Yn 1637 waard de Skoatterlânske Krústsjerke oan de Hearresleat en de hjoeddeistige Lindegrêft boud. De tsjerke waard fanwege brân yn 1969 sloopt.

Yn it tiidrek 1581-1594 waard troch de Steaten fan Fryslân en steedhâlder Willem Loadewyk om ferskillende skânsen te meitsjen.[5] Dy skânsen foarmen mei elkoar de Fryske Wetterliny. De Skoatterskâns is yn 1598 oanlein[6], by de Skoatterbrêge oer it Tsjonger by Aldskoat, en wie in ûnderdiel fan dy wetterliny.[7] Yn de nacht fan 18 op 19 augustus 1672 dienen troepen fan Bearend fan Galen in oanfal op de Skoatterskâns, dy’t oan trije kear ta ôfslein waard troch de militêren dy’t op It Hearrenfean leinen.

 
Ferdinand Domela Nieuwenhuis (ek wol ús ferlosser neamd).

Om 1830 hinne siet it ynwennertal krekt ûnder de 3.000 minsken.[8] Yn de rin 19e iuw ûntwikkele It Hearrenfean him trochdat, behalve dat der begoedige boargers wienen, der ek in soad middenstân kaam. En mei it tichtby lizzende It Oranjewâld wurdt it plak sûnt dy tiid ek wol It Fryske Haachje neamd. De feanarbeiders hienen it gâns minder. Yn de twadde helte fan de 19e iuw en oan it begjin fan de 20e iuw wennen dy yn spitketen op it lân. Yn it súdeasten fan de provinsje kaam yn dy tiid it sosjalisme op. De helden fan de arbeidersklasse wienen Piter Jelles Troelstra en Ferdinand Domela Nieuwenhuis. Ferdinand Domela Nieuwenhuis waard by de ferkiezings foar de Twadde Keamer yn 1888 troch in suksesfolle listferbining fan de SDB en de ARP yn it kiesdristrikt Skoatterlân keazen, en dêrtroch waard Domela Nieuwenhuis it earste sosjalistyske keamerlid.

Der wie lykwols ien bestjoerlik probleem foar It Hearrenfean. Troch it plak rûn de grins fan de twa gemeenten; Aengwirden en Skoatterlân. Pas op 1 july 1934 waard út stikken fan dizze twa gemeenten, en in stikje fan de gemeente Haskerlân, de gemeente It Hearrenfean foarme. It Hearrenfean waard it haadplak fan de nije gemeente. Fan 1965 oant 2003 hearde in grut stik fan Aldskoat ûnder de namme It Hearrenfean-Súd by it plak It Hearrenfean.

 
Monumint foar de slachtoffers fan de Twadde Wrâldkriich

Op 10 maaie 1940 foel Dútslân Nederlân binnen yn it ramt fan de Slach om Frankryk. It ferset yn it noarden wie net grut. Twa lynjen waarden gau ferslein, de O-lynje en de Q-lynje, dy’t bedoeld wienen om de noardlike provinsjes te beskermjen. Al nei twa dagen rûnen de Dútsers troch It Hearrenfean en Ljouwert. Yn 1944 waarden ferskate bern fan Amsterdamske fuotbalferienings nei It Hearrenfean ta stjoerd. De bern hienen it yn de hongerwinter gâns better yn Fryslân. Hja krigen mear iten as dat se yn Amsterdam krije soenen en boppedat stie de 'útwiksel' yn it ramt fan fuotbal.[9] Yn de Twadde Wrâldkriich waard Crackstate troch de Dútsers as finzenis brûkt. Crackstate wie in plak dêr't finzenen hiel swier martele waarden. By de befrijing fan It Hearrenfean op 14 april 1945 kamen mear as 60 finzenen frij, de measten wienen slim tamtearre. De Feansters hawwe de finzenis sels op 14 april 1945 iepen makke, mar se wienen der net wis fan oft de Dútsers al of net fuort wienen. Ut it suden wei kamen letter dy dei de Kanadezen.[10] Yn in gefjocht by De Tynje wurdt fersetsstrider Sieger van der Laan troch in Dútser deasketten.[11] Itselde lot oerkomt Jan Harm Kruis dy dei by Haskerdiken.

Nei de Twadde Wrâldkriich wreide It Hearrenfean him út. It Hearrenfean westlik fan it spoar fan Swol nei Ljouwert (Nijehaske, De Greiden, De Heide) waard nei de Twadde Wrâldkriich boud. Eastlik fan it spoar waard de Ikkers as folslein nije wenwyk yn de sechtiger jierren oanlein. In part fan de wenwyk Midden bestie al foar de Twadde Wrâldkriich, mar it grutste part fan de wyk is nei de Twadde Wrâldkriich boud. Mei Hearrenfean Noard lei de sitewaasje der itselde hinne. Thialf waard yn 1967 iepene as in iisstadion mei in bûtendoar keunstiisbaan. Yn 1986 waard de baan feroare yn in binnenbaan, de twadde yn de wrâld, en de earste mei in frije kape. It wie op dat stuit de fluchste baan yn de wrâld, mei yn it earste seizoen 10 wrâldrekôrs. Oan it begjin fan de jierren ’90 waard dúdlik dat it âlde Sportpark Noard te lyts wie foar de ambysjes fan fuotbalklup SK It Hearrenfean. Der waard besletten om in nij stadion te bouwen oan de eastkant fan It Hearrenfean. Yn augustus 1994 waard de earste wedstryd yn it nije Abe Lenstra Stadion spile. Yn septimber 1999 waard de sneldyk A32 offisjeel iepensteld.[12]

Eastlik fan de A32 waard oan it begjin fan de 21e iuw begûn mei de oanlis fan de wenwyk Skoatterwâld. Yn 2006 waard Sportstêd It Hearrenfean offisjeel iepene.[13]

Ferdivedaasje

bewurkje seksje
 
Museum Belvédère

It Posthûs Teater is it iennichste teater op It Hearrenfean en omkriten. It teater hat sa'n 400 sitplakken. It Museum Belvédère yn it easten fan de wenwyk Skoatterwâld is in museum foar moderne en hjoeddeiske keunst. De Rinkelbom yn wenwyk De Greiden is in muzyksintrum. It Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse hat op It Hearrenfean de Fryske Krite 't Hearrenfean. De organisaasje fan De Rinkelbom wurket gear mei it Sintrum foar de Keunsten a7, dy't ek yn de Hearrenfeanske Skoalle fertsjintwurdige is. It Sintrum foar de Keunsten a7 ûndernimt ferskate aktiviteiten op it mêd fan teater, muzyk, dûns, literatuer en byldzjende keunst. Oan it Boargemaster Kuperusplein is in bioskoop mei fjouwer sealen, oan itselde plein sit ek de iepenbiere bibleteek.

Yn de Hearrenfeanske Skoalle oan de eastkant fan it sintrum is ûnder oaren it Museum Willem van Haren, in kultuerhistoarysk museum mei ferskate útstallings. Yn it museum is in makette fan It Hearrenfean yn it jier 1830 makke. It is de grutste stedsmakette fan Nederlân.[14] It Ferdinand Domela Nieuwenhuis Museum is ûnderdiel fan it Museum Willem van Haren en is wijd oan Ferdinand Domela Nieuwenhuis, de earste sosjalist yn it Nederlânske parlemint. Oare brûkers fan de Hearrenfeanske Skoalle binne Keunstromte It Hearrenfean en Kreaktiviteissintrum De Sirkel.

De woansdei foar Pinkster begjint de jierlikse merke op it Kuperusplein. De Twadde Pinksterdei is de lêste dei fan de merke. Op de Twadde Pinksterdei wurdt ek de jierlikse Skoattermerk yn Aldskoat holden. De Skoattermerk bestiet al sûnt de 15e iuw en is fanâlds in hynstemerk.[15] Neist de hynstemerk bestiet de Skoattermerk hjoed-de-dei foar it grutste part út diskes en feesttinten. Elke sneon wurdt op It Hearrenfean de wykmerk holden op it Gemeenteplein by de Lindegrêft.

 
Oenemastate
 
Meniste Tsjerke
 
Heremastate
 
It Grutte Hûs

It Hearrenfean hat 31 ryksmonuminten, wêrfan 3 stinzen. Crackstate is ûnderdiel fan it hjoeddeistige gemeentehûs fan de gemeente It Hearrenfean. De stins waard om 1599 hinne boud as Crack-zathe troch Hypolitus Crack, de grytman fan Aenjewier. Yn 1648-1649 liet grytman Johannes Crack de stins ôfbrekke en boude dêr Crackstate mei syn ymposante gevel en klokkekoepel. De hjoeddeistige trouseal yn Crackstate is bewarre bleaun yn syn oarspronklike Renêssânse-styl. In oare stins Oenemastate wie eartiids it gemeentehûs fan Skoatterlân en It Hearrenfean. Op it plak fan Oenemastate hat mooglik it âldste hûs fan It Hearrenfean stien. Om 1640 hinne waard de hjoeddeistige stins op dat plak boud en krige de namme Oenemastate. Yn 1876 waard Oenemastate oan de linkerkant útboud en krige in nije gevel. De tredde stins op It Hearrenfean is Herema State, boud yn 1832 as wenhûs.

It 17e-iuwske Groote Huys oan it Breedpaad krige yn de 19e iuw de gevel dy't it hjoed-de-dei noch hat, yn de keuken fan it hûs is in 18e-iuwsk tegeltablo dat makke is troch Tichelaars Ierdewurkfabryk yn Makkum. Nieuw Friesburg is om 1872 hinne boud troch Georg Wolfgang Franciscus Lycklama à Nijeholt. It gebou stie dêrfoar yn Aldeberkeap en waard stien foar stien ôfbrutsen en op deselde manier wer opboud op It Hearrenfean. It earste Huize Voormeer waard nei alle gedachten om it jier 1650 hinne boud. It gebou waard yn 1753 sloopt en der waard in nij hûs delset. De gevel dy't it hûs hjoed-de-dei noch hat is út it jier 1846. It hjoeddeistige Posthûs is fan 1885 en waard yn 1966 troch de gemeente kocht. Yn 1983 waard it Posthûs Teater iepene. De nôtmole Welgelegen út 1849 is de lêste mole dy't oerbleaun is, eartiids hie It Hearrenfean 14 moles.

De Meniste Tsjerke út 1762 is de âldste tsjerke dy't hjoed-de-dei noch oerein stiet. Yn 1812 waard it ynterieur fan de sealtsjerke feroare en krige twa wapenstiennen yn 1838. De sawat 50 meter hege Hillige Geasttsjerke út 1933 hat krekt as de Meniste Tsjerke de status fan ryksmonumint. It oargel fan de tsjerke (Adema-oargel), oernommen út de eardere roomske tsjerke oan it gemeenteplein, komt út it jier 1867.

Oant yn de jierren 80 fan de foarrige iuw stie der yn it sintrum in wettertoer. De 17e-iuwske Skoatterlânske Krústsjerke yn it sintrum waard yn 1969 sljochte. Ek it âlde stasjonsgebou út 1868 stiet net mear oerein. Yn 1984 is it nije stasjonsgebou iepene.[16] De heechste gebouwen yn It Hearrenfean binne de trije Muntflats: Lânsicht, Romsicht en Heechsicht. De bouwurken binne 15 ferdjippings heech en begjin jierren 70 boud.

 
Rekreaasjegebiet De Heide

De Heide is it rekreaasjegebiet fan It Hearrenfean dêr't de minsken swimme, fiskje en kuierje kinne. De Heide is yn de tachtiger jierren ûntstien nei jierren fan sânôfgravings. Yn de wenwyk Ten Woude, eastlik fan wenwyk de Ikkers, leit it park Ten Woude mei in lyts dierepark. Yn it noarden fan It Hearrenfean foarmet it Hepkema's Bosk mear in echte bosk as in part. De tunen oan de Kennedyleane en Europaleane mei in langte fan 1 kilometer binne ein jierren sechtich en begjin jierren santich troch Louis le Roy oanlein. Yn de santiger jierren kamen tûzenen minsken nei de tunen sjen.[17][18] Oan de strjitte Efter de Tsjerke waard yn juny 2009 it Amelius van Oenemapark iepene. Yn it park binne de fûneminten fan de Nederlânske Herfoarme Krústsjerke restaurearre, dy't yn 1969 ôfbrutsen wie. Krekt bûten It Hearrenfean leit it Parkgebiet It Oranjewâld mei de Oertún

Monuminten (tinktekens)

bewurkje seksje

Kriichsmonuminten binne it Oarlochsmonumint It Hearrenfean (27 slachtoffers Twadde Wrâldkriich) en it Nederlânsk-Ynje monumint

 
Thialf

Mei It Hearrenfean Sportstêd wurdt bedoeld dat It Hearrenfean bekend stiet as in plak dat op sportgebiet in soad te bieden hat. Der is ek de oantsjutting Sportstêd It Hearrenfean, dat brûkt wurdt foar de lokaasje om it fuotbalstadion. Yn 2007 waard sportkompleks (swimbad) De Telle sloopt. It nije swimbad is ûnderdiel fan Sportstêd Hearrenfean. By it SKS Skûtsjesilen is it Feanster skûtsje Gerben van Manen 16 kear (stân 2008) kampioen west.

De grutste sportfasiliteiten fan It Hearrenfean binne:

 
Abe Lenstra Stadion

Sportkompleksen op It Hearrenfean binne:

De ynwenners fan It Hearrenfean wurde ornaris Feansters neamd. De talen dy't op It Hearrenfean praat wurde binne Frysk en Nederlânsk. Ut en troch ferskine der stikken oer it Feanstersk (ek wol Feensters), dat in dialekt fan it Stedsfrysk wêze soe.

Befolkingsûntjouwing

bewurkje seksje

Fan 2000 oant en mei 2012 groeide it ynwennertal fan gemeente It Hearrenfean mei 7,6 persint en hie dêrmei de heechste befolkingsgroei fan de provinsje Fryslân.[20] Yn dy tiid waarden de measte huzen fan de wenwyk Skoatterwâld oplevere.

Befolkingsûntjouwing fan It Hearrenfean:

 
Heilige Geest Kerk Heerenveen 02.JPG
 
Joadsk begraafplak yn It Oranjewâld

Oare tsjerken op It Hearrenfean binne de Fonteintsjerke (Midden), Kristengemeente De Weg (Ikkers), Pinkstergemeente Philadelphia (Noard, oan de sintrumkant), Frije Baptistegemeente Elim (Sintrum), Baptisten Gemeente It Hearrenfean (Noard).

Yn 1819 waard oan de Hearewâl in synagoge boud. Yn 1899 wie de Joadske mienskip yn It Hearrenfean op syn hichtepunt mei 71 leden. Yn 1933 gie de Joadske gemeente fan It Hearrenfean gear mei dy fan Snits. Yn itselde jier waard de synagoge op It Hearrenfean ôfbrutsen. Yn de maitiid fan it jier 2000 wie op It Hearrenfean de oprjochting fan de Liberaal Joadske Gemeente foar Noard-Nederlân Beth Hatsafon, in gemeente mei 36 leden.[21]

De Jehova's Tsjûgen hawwe in gebou op De Greiden.

De Turkske moskee op It Hearrenfean stiet oan de Hesselstrjitte yn it noardwesten fan de wyk Midden. De Marrokaanske moskee sil boud wurde oan de Amelânleane.[22]

Op It Hearrenfean binne trije lôges fan de frijmitselderij:

  • Op It Hearrenfean wie sûnt 5 oktober 1911 in frijmitselerslôge fêstige ûnder de namme KenUzelven. Yn it ferline wie Johan Winkler Prins ien fan de leden. De frijmitselers kamen gear yn it kafee Paul Kruger. Letter krige de lôge in eigen gebou. It gebou waard om hege ûnderhâldskosten ferkocht. De leden komme no gear yn in lôgegebou yn Hoarnstersweach.
  • De Iris Rebekkah Lôge Nr 21.
  • De Johan Willem Friso Lôge Nr 61.

Ekonomy & ynfrastruktuer

bewurkje seksje
 
Sikehûs De Tsjongerskâns is de grutste wurkjouwer op It Hearrenfean

Bekende bedriuwen yn It Hearrenfean binne: Batavus, Koga-Miyata, Jongbloed en VDL Berkhof (Hainje). De grutste wurkjouwer fan It Hearrenfean en de omkriten is it sikehûs De Tsjongerskâns.[23] De measte yndustry fan It Hearrenfean sit oan de sneldyk A7, de saneamde A7-sône. In protte bedriuwen yn de tsjinstferlienende sektor sitte yn it stadiongebiet (Abe Lenstra Stadion), it stasjonsgebiet en oan de eastlike K.R. Poststrjitte, justjes noardlik fan it fuortbalstadion.

It persintaazje wurkleazen leit om de 5,9 persint (2009/10).[24]

Winkelgebiet

It Hearrenfean hat ferskate winkelstrjitten lykas de Dracht, Sievertstrjitte, Lindegrêft, Pleinwei, Minckelerstrjitte, Fleismerke. Sneon is der merk yn de Sieverstrjitte en it Gemeenteplein.

Parkearplakken binne der oan it Moleplein (160 parkearplakken), Boargemaster Kuperusplein (280), Gashâldersplein (180), Ernst van Harenplein (80). Oan de tsjerkestrjitte yn it sintrum leit de ûndergrûnske parkeargaraazje Geerts Willigen mei twa ferdjippings en 325 parkearplakken. Yn it sintrum fan It Hearrenfean wurdt sûnt 1999 betelle om parkearje te meien.

 
Kantongerjocht It Hearrenfean
  De Wikipedy hat ek in side It Hearrenfean (gemeente).

It Hearrenfean is it haadplak fan de gemeente It Hearrenfean en foar de minsken út de omkriten hat It Hearrenfean in sintrumfunksje. It gemeentehûs stiet oan de Crackstrjitte en is ferbûn mei Crackstate. De brânwacht fan It Hearrenfean sit oan It Hege Stik (Ikkers, oan de kant fan de Rottumerwei). It plysjeburo sit oan de Atalantastrjitte, tusken it sintrum en it Abe Lenstra Stadion yn. Oan de Weegbree op De Greiden sit in stipepunt fan de plysje. Oan de Thorbeckestrjitte is it kantongerjocht fêstige. Oan de trambaan sit in regionaal belestingkantoar.

Skoallen mei iepenbier basisûnderwiis binne: De Kommanderije, Ekke de Haan, De Letterbeam, De Ljepper, Van Kleffensschool, Van Maasdijkskoalle. Kristlike basisskoallen binne: De Akker, De Burcht, De Hoekstien, It Kompas, De Roergonger.

De Meester Duisterhoutschool is in iepenbiere skoalle foar spesjaal ûnderwiis foar bern dy't grutte swierrichheden mei it learen hawwe en foar bern mei in (geastlike) handicap. De skoalle hat twa lokaasjes op It Hearrenfean (Gooilandleane en Engelsmanstrjitte) en ien yn Easterwâlde.

Fan VMBO oant en mei gymnasium wurde alle farianten fan it fuortset ûnderwiis op It Hearrenfean oanbean. It Bornego Kolleezje is in kristlike skoalle foar VMBO, HAVO, Ateneum en Gymnasium mei lokaasjes oan de Kingwei (De Greiden) en oan de Boargemaster Falkenawei (Hearrenfean-Midden). De OSG Sevenwolden hat ferskate lokaasjes op It Hearrenfean. De Skoallemienskip foar beropstariedend Underwiis (SBO) en de OSG Sevenwolden hawwe begjin 2009 it VMBO-plein oan de Kingwei (oan de krusing mei de Rottumerwei) iepene.

It Fryslân Kolleezje jout ferskate MBU-opliedingen lykas it CIOS en in oplieding foar ferfier en logistyk.

Sportstêd It Hearrenfean is ien fan de fjouwer plakken yn Nederlân mei in Sintrum foar Topsport en Underwiis[25]

Op It Hearrenfean wurde twa provinsjale deiblêden besoarge; it Frysk Deiblêd en de Ljouwerter Krante. De Hearrenfeanske Krante en De Koerier ferskine ien kear yn 'e wike, dêrneist wurde alle wiken noch in stik as wat oare kranten ferspraat op It Hearrenfean. Omrop Fryslân is de regionale radio- en TV-stjoerder.

Ferkear en Ferfier

bewurkje seksje
 
De A32 by It Hearrenfean is in wichtige noard-súd ferbining.
 
Stasjon It Hearrenfean
 
De Jousterbrêge oer it Nije Hearrenfeaster Kanaal hinne.

Yn it noardeastlike stedsgebiet komme twa sneldiken by elkoar by knooppunt It Hearrenfean, sûnt it jier 2000 in klaverblêd fan de sneldiken A7 (De Jouwer - Grins) en A32 (Ljouwert - Swol). It Hearrenfean hat ien ferbining mei de A7 en trije ferbiningen mei de A32. De ferbining mei de A7 is ôfrit 26 Hearrenfean-west (allinnich foar ferkear fan Grins nei De Jouwer). De ferbiningen mei de A32 binne de ôfritten 10 Hearrenfean-Súd, 11 Hearrenfean-Oranjewâld en 12 Hearrenfean-sintrum. Yn de jierren njoggentich waard de âlde Rykswei 32 in sneldyk, de A32 waard yn it jier 1999 iepensteld.

Ut it westen wei is de N924 út Dolsterhuzen en Rottum mei It Hearrenfean ferbûn. Ut it easten komt de N380 út Donkerbroek en Nijhoarne. Der is ien ûndergrûnske parkeargaraazje oan de noardkant fan it sintrum mei twa ferdjippingen en 325 parkearplakken. De automaat fan dy garaazje reagearret yn skreaun Frysk. Oare parkeargelegenheden yn en om it sintrum hinne binne de ferskillende parkearterreinen.

It Hearrenfean leit oan it spoar fan Swol nei Ljouwert. Foar it deistige treinferkear wurdt stasjon It Hearrenfean brûkt as halte. By dat stasjon stopje sawol de intercity's as stoptreinen fan de NS. Inkeld by grutte eveneminten yn Thialf wurdt stasjon It Hearrenfean Iisstadion brûkt. It spoar fan Swol nei Ljouwert wurdt neist persoaneferfier ek brûkt foar frachttreinen.

Foar de skipfeart hat It Hearrenfean in ferskaat oan kanalen. Oan de (noard-)westkant fan It Hearrenfean leit it Nije Hearrenfeanster Kanaal dat nei it suden ta oergiet yn de Engelenfeart (allinnich plezierfeart) en úteinlik yn ferbining stiet mei de Tsjonger. Yn it noarden fan it stedsgebiet leit oan it Nije Hearrenfeanster Kanaal in lytse yndustryhaven en in jachthaven, beide binne se ûnderdiel fan yndustryterrein It Kanaal.

Yn it sintrum fan It Hearrenfean komme Feanskieding en de Hearresleat by elkoar. De Feanskieding stiet yn direkte ferbining mei it Nije Hearrenfeanster Kanaal en de Engelenfeart, de Hearresleat slút noardlik fan it stedsgebiet oan op it Nije Hearrenfeanster Kanaal. Noardlik fan de A7 lizze oan de Hearresleat en ferskate jachthavens.

Oan de súdeastkant fan treinstasjon It Hearrenfean leit it busstasjon. Op dit stuit wurde de ferskate bustsjinsten riden troch QBuzz en Arriva.

Troch It Hearrenfean hinne lizze twa ferskillende lange fytsrûtes (LF-rûtes). LF3 is de Reidlânrûte mei in ôfstân fan 145 kilometer dy't begjint yn Kampen en einiget op It Amelân. De LF20 is de Flevorûte mei in ôfstân fan 250 kilometer dy't begjint yn Haarlim en einiget yn de stêd Grins. It Japikspaad is sawol in fyts- as kuierrûte dy't fan Sint Jabik oer It Hearrenfean nei Hasselt ta rint.

Bekende Feansters

bewurkje seksje
 
Plaknamboerd
 
Posthûs Teater

Sjoch ek: List fan Hearrenfeansters

Partnerstêd

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:


Commons  Commons: It Hearrenfean – foto, fideo en harktriemmen


 
Wenwiken fan It Hearrenfean

De Heide | De Greiden | De Ikkers | Hearrenfean-Midden | Hearrenfean-Noard | Nijehaske | Skoatterwâld

Oanswettende buorskippen & doarpen
Aldskoat (1965-2003 Hearrenfean-Súd) | It Mar | It Oranjewâld | Nijskoat

  It Hearrenfean  
Doarpen en útbuorrens:
AldeboarnAldhoarneAldskoatAkkrumBontebokGersleatHaskerdikenHoarnstersweachIt HearrenfeanJobbegeaKetlikDe KnipeLúnbertMildaamNesNijbrêgeNijhoarneNijskoatIt OranjewâldTerbantTsjalbert
Buorskippen:
AldskouAnnebuorrenBrongergeaBurstumEasterboarnJinshuzenMeskenwierPeanPoppenhuzenJobbegea-SkuorregeaSoarremoarreSpitsendykSythuzenWarniahuzen
  ·   · Berjocht bewurkje