[go: up one dir, main page]

Brieden (fûgels)

It brieden fan fûgels is it troch waarm hâlden útkomme litten fan 'e aaien dy't it produkt binne fan it fuortplantingsproses. Sok gedrach is ynstinktyf, en net oanleard. It fynt yn 'e regel plak yn in tiid dat der in grut oanbod oan fretten beskikber is, sadat de jongen makliker fuorre wurde kinne as se út it aai komme, wat har in bettere kâns biede sil om te oerlibjen oant se selsstannich binne.

In lyster (Turdus merula) sit te brieden.

It fuortplantingsproses begjint by fûgels mei de balts dy't folge wurdt troch de pearing fan in mantsje- en in wyfkefûgel. Dat resultearret koarte tiid letter yn it lizzen fan 'e aaien troch it wyfke. Foartiid bout it wyfke, of bouwe it mantsje en it wyfke tegearre, in fûgelnêst, dat ornaris bestiet út gers, twiichjes en oar plantaardich materiaal, mar soms ek út oare dingen, lykas stientsjes of plestik of oarsoartich ôffal dat troch de minske weismiten is. It plak dêr't sa'n nêst boud wurdt, hinget fan 'e fûgelsoarte ôf; guon meitsje har nêst op 'e grûn, faak mank wat hege begroeiïng, wylst oaren it op hege(re) plakken boppe de grûn oanlizze, yn beammen, op rotsrichels of yn of op gebouwen.

Nei't it wyfke de aaien lein hat, begjint daliks it briedproses, want as de aaien tuskentiids net waarm holden wurde, sille de embryo's dy't deryn sitte, ôfstjerre. It tal aaien dat dêrby bebret wurdt, is ek wer ôfhinklik fan 'e soarte, en rint útinoar fan mar ien oant wol tweintich. In beheinende faktor is dêrby it tal aaien dat tagelyk waarm holden wurde kin. De brieddoer ferskilt ek fan soarte ta soarte, en fariëarret fan likernôch tsien dagen oant trije moannen.

By in protte soarten is it wyfke allinnich ferantwurdlik foar de briedsoarch, mar by oare soarten wikselje it mantsje en it wyfke inoar ôf. Hiel inkeld komt it foar dat it mantsje it brieden allinnich op him nimt. Der besteane ek soarten dy't har aaien hielendal net bebriede, mar dat putsje troch oare fûgels opknappe litte. Dêrta lizze se har aai yn it nêst fan oare fûgels, wêrby't de oarspronklike aaien fan dy fûgels troch harrensels of letter troch it jong dat út harren aai komt út it nêst wurke wurde. Sokke fûgels wurde briedparasiten neamd, en it bekendste foarbyld dêrfan is de koekoek.

Njonken it brieden troch de âlderfûgels, kinne aaien ek útbret wurde yn in briedmasine. Dat is in apparaat dêr't de aaien yn lein wurde, en dat in konstante temperatuer hanthavenet wylst it de aaien stadichwei omdraait. Yn it natuerlike briedproses wurde de aaien geregeldwei omdraaid troch de âlderfûgels. Masinaal brieden wurdt fral tapast yn 'e hinnehâlderij foar rassen wêrfan't de hinnen net bruodsk wurde wolle. (Soks kin by beskate rassen foarkomme as in bywurking fan it fokproses.) Dêrnjonken wurde briedmasines ek wol ynset foar it útbrieden fan aaien fan fûgelsoarten dy't slim yn har fuortbestean bedrige wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.