[go: up one dir, main page]

Utert (provinsje)

Utert (Nederlânsk: Utrecht) is in provinsje fan Nederlân, dy't as sadanich bestiet sûnt 1814. It hat 1.400.187 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS), en in oerflak fan 1.560 km².

Utert
     
folksliet: Langs de Vecht en d'Oude Rijnstroom
polityk
lân Nederlân
status provinsje
oprjochting 1814
offisjele taal Nederlânsk
haadstêd Utert
tal gemeenten 26
kommissaris fan
   de kening
Hans Oosters
  (PvdA)
geografy
geograf. koördinaten 52°08' NB 5°13' EL
oerflak 1.560,05 km² (2015)
  •  dêrfan lân 1.484,47 km²
  •  dêrfan wetter 75,59 km²
  rang provinsjes 11e fan 12
demografy
ynwennertal 1.400.1871
  teldatum 1 jannewaris 2024
  rang provinsjes 5e fan 12
befolkingstichtens 935 / km²
grutste plak Utert
religy (2015) 54,4% ateïsten en agnosten
20,3% protestanten
13,2% roomsk-katoliken
5,6% moslims
6,6% oaren
oar
NUTS NL35
ISO 3166-2 NL-UT
tiidsône MET (UTC+1)
simmertiid MEST (UTC+2)
offisjele webside
www.provincie-utrecht.nl
1) boarne: CBS-StatLine
Utert (2019)

Utert is de lytste provinsje fan Nederlân. Yn it flakke westen fan de provinsje leit in grut feangreidegebiet, yn it easten leit de Utertske heuvelrêch mei stowâlen, bosken en greiden. Yn it noardwesten fan de provinsje lizze ferskate wettergebieten lykas de Loosdrechtse Plassen en de Vechtstreek.

De provinsje leit sintraal yn Nederlân en grinzet oan de provinsje Súd-Hollân yn it súdwesten, Noard-Hollân yn it noardwesten en Gelderlân yn it easten en suden. De stêd Utert leit yn it midden fan de provinsje mei forinzeplakken lykas Nieuwegein en Houten. Eastlik fan de heuvelrêch lizze de grutte plakken Amersfoart en Veenendaal.

Untjouwing ynwennertal

bewurkje seksje
  • 1850 – 153.000
  • 1900 – 254.000
  • 1960 – 677.000
  • 1980 – 895.000
  • 2000 – 1.108.000
  • 2020 – 1.355.000
  • 2023 – 1.388.000

Utert bestiet sûnt 2011 út 26 gemeenten.

  1. Amersfoart
  2. Baarn
  3. Bunnik
  4. Bunschoten
  5. De Bilt
  6. De Rûne Feanen
  7. Fiifhearelannen
  8. Houten
  9. Eemnes
  10. Iselstein
  11. Leusden
  12. Lopik
  13. Montfoort
  1. Nieuwegein
  2. Oudewater
  3. Renswoude
  4. Rhenen
  5. Seist
  6. Soest
  7. Stichtske Fecht
  8. Utert (haadstêd)
  9. Utertske Heuvelrêch
  10. Veenendaal
  11. Woudenberg
  12. Woerden
  13. Wyk by Duerstede

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Utert
Flagge fan de provinsje Utert 
Flagge fan de provinsje Utert
Aldewetter - Amersfoart - Baarn - De Bilt - Bunnik - Bunschoten - Eemnes - Fiifhearelannen - Houten - Iselstein - Leusden - Lopik - Montfoort - Nieuwegein - Renswoude - Rhenen - De Rûne Feanen - Seist - Soest - Stichtske Fecht - Utert (haadstêd) - Utertske Heuvelrêch - Veenendaal - Wyk by Duerstede - Woudenberg - Woerden
  ·   · Berjocht bewurkje 
  Provinsjes fan Nederlân  
Drinte - Flevolân - Fryslân - Gelderlân - Grinslân - Limburch - Noard-Brabân - Noard-Hollân - Oerisel - Seelân - Súd-Hollân - Utert
  ·   · Berjocht bewurkje