Slobodan Milošević
Slobodan Milošević (Syrillysk: Слободан Милошевић) (Požarevac, 20 augustus 1941 — De Haach, 11 maart 2006) wie in Servysk politikus en wie yn it tiidrek 1989 oant en mei 2000 presidint fan Servje en letter fan de republyk Joegoslaavje. Hy stoar yn De Haach, dêr't er om syn misdieden yn de Joegoslaavje kriich foar syn proses wie. Krekt foar syn dea hie er oan it kriich tribunaal frege om yn Moskou behannele te wurden yn in kardologyske klinyk, mar it tribunaal karde syn fersyk ôf.
Libbensrin
bewurkje seksjeSlobodan wie de twadde soan fan de famylje Milošević. Syn âlden wienen Montenegrinen. Slobodon fielde him lykwols mear Servysk, oars as syn broer, dy't warber wie yn de polityk yn Montenegro. Syn beide âlden dienen harsels tekoart. Syn heit skeat himsels yn 1962 del, syn mem hong harsels yn 1974 op.
Yn 1959 waard Slobodan Milošević lid fan de kommunistyske partij. Hy studearre rjochten oan de universiteit fan Belgrado. Yn 1984 waard er partijlieder foar de ôfdieling Belgrado. Yn 1987 waard er partijlieder fan de dielsteat Servje en 1989 waard er presidint fan de dielrepublyk Servje. By de earste frije ferkiezings sûnt de Twadde Wrâldkriich waard Milošević op 'e nij keazen as presidint mei 65 persint fan de stimmen. Yn it ramt fan de 'antyburokratyske revolúsje' hefte er as de autonome status fan de gebieten Kosovo en Vojvodina op. Op 28 juny 1989 hold er syn taspraak by 600e betinking fan de Slach op it Lysterfjild, de saneamde Amselfjild-taspraak.
Sloveenje krige nei 10 dagen kriich mei Servje syn ûnôfhinklikens. Foar Milošević bestjutte Sloveenje net folle, omdat der hast gjin etnyske Serven wennen. Dat wie oars yn Kroaasje, dêr't 650.000 Serven wennen. Dêr waard fûl fochten yn Vukovar en yn de krajina's. Kroaasje en Sloveenje ferklearren harsels yn 1991 ûnôfhinklik. Dêrnei folge Bosnje en Hersegovina. Linkedewei waard it Albaneeske ferset út Kosovo wei hieltyd grutter. Yn 1992 begûn de kriich tsjin Bosnje en Hersegovina. Milošević besocht Bosnje en Hersegovina, dêr't 40% moslims, 32% Servjers en 17% Kroaten wennen, op te dielen mei de Kroatyske presidint Tudjman. Dat plan mislearre. Troch militêre druk út it westen einige de kriich mei Bosnje en Hersegovina mei it Ferdrach fan Dayton.
Yn de njoggentiger jierren fan de 20e iuw waard it skeel tusken de Albaanjers en de Servyske minderheid yn Kosovo hieltyd slimmer. Yn 1996 kaam it ta in wapene konflikt tusken it Kosovaarsk Befrijdingsleger (UÇK) en de Servyske polysje. Troch de stipe fan de NAFO oan de Albanezen yn Kosovo en de ferhûddûke hâlding fan Milošević begûn yn 1999 de Kosovo kriich. Kosovo kaam ûnder it bestjoer fan de Feriene Naasjes, mar hearde formeel noch by Servje. Dat hat Slobodan Milošević skeind. By de presidintsferkiezings fan 24 septimber 2000 wie de winst as gefolch fan fraude tawiisd oan Milošević. Nei lange protesten en grutte demonstraasjes en in folksopstân op 2 oktober 2000, moast Milošević belies jaan as presidint fan Servje.
Yn 'e maitiid fan 1999 waard Milošević troch it Ynternasjonaal Joegoslaavje-tribunaal oanklage foar kriichsmisdieden en misdieden tsjin it minskdom. Op 1 april waard Milošević yn Belgrado pakt.
Keppling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Slobodan Milošević fan Wikimedia Commons. |