1989
jier
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Jierren: | 1984 | 1985 | 1986 | 1987 | 1988 | 1989 | 1990 | 1991 | 1992 | 1993 | 1994 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1989 MCMLXXXIX |
Ab urbe condita | 2742 |
Armeenske kalinder | 1438 ԹՎ ՌՆԼԸ |
Etiopyske kalinder | 1981 – 1982 |
Hebriuwske kalinder | 5749 – 5750 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 2044 – 2045 |
- Shaka Samvat | 1911 – 1912 |
- Kali Yuga | 5090 – 5091 |
Iraanske kalinder | 1367 – 1368 |
Islamityske kalinder | 1410 – 1410 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4685 – 4686 乙辰 – 丙巳 |
1989 is in gewoan jier dat begjint mei in snein. (Gregoriaanske kalinder foar 1989.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1980-er jierren.
Foarfallen
bewurkje seksje- 1 jannewaris - De Nederlânske PTT wurdt privatisearre.
- 20 jannewaris -George H.W. Bush wurdt beëdige as 41e presidint fan de Feriene Steaten.
- 15 febrewaris - De Sovjet-Uny lûkt syn lêste troepen werom út Afganistan, wêrmei't nei tsien jier in ein komt oan 'e Russysk-Afgaanske Oarloch.
- 21 maart - Foar it earste jout in mearderheid fan de Nederlânske befolking oan bûtentsjerklik te wêzen.
- 24 maart - De tanker de Exxon Valdez rjochtet op 'e kust fan Alaska in ûnbidige miljeuramp oan as it skip lekslacht en it ekwivalint fan 260.000 oant 750.000 fetten rouwe ierdoalje ferliest.
- 15 april - By de Hillsborough-ramp yn it Ingelske Sheffield wurde 94 minsken deadrukt as by in fuotbalwedstryd tusken Liverpool FC en Nottingham Forest FC yn it Hillsboroughstadion tefolle publyk nei binnen ta litten wurdt yn in mei hege stekken ôfsletten fak.
- 2 maaie - Hongarije begjint as earste Eastbloklân mei de ûntmanteling fan it Izeren Gerdyn.
- 3 juny - Ajatolla Rûholla Chomeiny, de geastlik lieder fan Iraan, komt te ferstjerren.
- 4 juny - De studinteprotesten op it Plein fan de Himelske Frede yn Peking wurde troch it Sineeske Folksbefrijingsleger bloedich ûnderdrukt mei tûzenen deaden ta gefolch.
- 19 july - United Airlines-flecht 232 ferûngelokket yn Sioux City, yn 'e Amerikaanske steat Iowa, as de piloaten in needlâning prebearje nei't se de kontrôle oer it fleantúch kwytrekke binne. Fan 'e ynsittenden komme 111 om, mar 185 oerlibje it.
- 24 augustus - Tadeusz Mazowiecki wurdt de earste net-kommunistyske premier fan Poalen sûnt de Twadde Wrâldoarloch.
- 6 septimber - Underdrukking fan 'e opstân fan 'e Koerden yn noardlik Irak: de ein fan 'e Sechsde Koerdysk-Arabyske Oarloch.
- 2 oktober - RTL-Véronique begjint har útstjoerings. RTL-Véronique is de earste kommersjele telefyzjestjoerder dy't him folslein op Nederlân rjochtet.
- 17 oktober - By de swiere ierdbeving fan Loma Prieta, yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, falle 63 deaden en wurdt foar $5,6 miljard oan skea oanrjochte.
- 9 novimber - Fal fan de Berlynske Muorre.
- 16 novimber - Moard op 6 jezuïten, harren húshâldster en dy har dochter yn El Salvador, troch leden fan it Salvadoraanske leger.
- 17 novimber - Yn Tsjechoslowakije begjint de Ferwielen Revolúsje, dy't oer in perioade fan seis wiken op freedsume wize in ein makket oan it kommunistysk bewâld yn it lân.
- 16 desimber - Yn Roemeenje brekt de uterst gewelddiedige Roemeenske Revolúsje út, dy't in ein makket oan it bewâld fan diktator Nicolae Ceauşescu.
- 20 desimber - Amerikaanske troepen dogge in ynfal yn Panama om diktator Manuel Noriega ôf te setten.
- 25 desimber - De Roemeenske diktator Nicolae Ceauşescu wurdt tegearre mei syn frou Elena eksekutearre.
Berne
bewurkje seksje- jannewaris
- 9 - Michaella Krajicek, Tsjechysk-Nederlânsk tennisster
- 18 - Janna Eijer, Frysk sjongster/dûnster en tekstskriuwster
- febrewaris
- 15 - Mo Tae-bum, Súdkoreaansk reedrider
- 16 - Elizabeth Olsen, Amerikaansk aktrise
- 19 - Preeti en Priya Young, Britske neakenmodellen (twilling)
- 25 - Lee Sang-hwa, Súdkoreaansk reedrydster
- maart
- 2 - Marcel Hirscher, Eastenryksk skyer
- 18 - Lily Collins, Amerikaansk aktrise
- 28 - Alyda Norbruis, Frysk hurdfytster
- april
- 1 - Jan Blokhuijsen, Nederlânsk reedrider
- maaie
- 2 - Sallie Harmsen, Nederlânsk aktrise
- 10 - Marrit Leenstra, Nederlânsk langebaanrydster
- 16 - Behati Prinsloo, Namibysk mannekên en fotomodel
- 17 - Aletta Jorritsma, Frysk roeister
- 31 - Tanner Mayes, Amerikaansk pornoaktrise
- juny
- 1 - Brooklyn Lee, Amerikaansk pornoaktrise
- 1 - Anna Veith, Eastenryksk skyster
- 2 - Roxy Raye, Amerikaansk pornoaktrise
- 5 - Britte Lagcher, Nederlânsk aktrise
- 21 - Madison Parker, Hongaarsk pornoaktrise
- 25 - Gert-Anne van der Bos, Frysk keatser
- july
- 1 - Daniel Ricciardo, Australysk autokoereur
- 5 - Sjinkie Knegt, Frysk short-tracker
- 16 - Miko Dai, Sineesk-Amerikaansk pornoaktrise
- 19 - Jenny Poussin, Kanadeesk glamour-, fitness- en neakenmodel
- 31 - Lûdjeen al-Hatlûl, Saûdysk minskerjochte-aktiviste
- augustus
- 3 - Jules Bianchi, Frânsk Formule 1-koereur († 2015)
- 5 - Veronica van Hoogdalem, Nederlânsk presintatrise
- 7 - Lennart Adema, Frysk keatser en fuotballer
- 18 - London Keyes, Amerikaansk pornoaktrise
- septimber
- 3 - Ashley Hobbs, Amerikaansk neakenmodel
- 8 - Avicii, Sweedsk live-discjockey en muzykprodusint († 2018)
- 8 - Abby Lee Brazil, Brazyljaansk pornoaktrise
- 9 - Amber Brantsen, Nederlânsk nijslêzeresse
- 23 - A.J. Applegate, Amerikaansk pornoaktrise
- oktober
- 7 - Paulina Seikola, Russysk pornoaktrise
- 13 - Alexandria Ocasio-Cortez, Amerikaansk politika
- 21 - Ashley Callingbull, Kanadeesk model en aktrise
- 28 - Camille Muffat, Frânsk swimster († 2015)
- 29 - Primož Roglič, Sloveensk hurdfytser en skânsspringer
- novimber
- 10 - Kjeld Nuis, Nederlânsk reedrider
- 15 - Henessy, Russysk pornoaktrise
- desimber
- 21 - Jorien ter Mors, Nederlânsk shorttrackster en langebaanrydster
- 28 - Nielson, Nederlânsk sjonger
Ferstoarn
bewurkje seksje- jannewaris
- 7 - keizer Hirohito fan Japan (* 1901)
- 8 - Johnny Jordaan, Nederlânsk sjonger (* 1924)
- 23 - Salvador Dalí, Spaansk keunstskilder (* 1904)
- febrewaris
- 1 - John Tootoosis, Kanadeesk aktivist en politikus (* 1899)
- 3 - Harry Linthorst Homan, kommissaris fan de keninginne fan Fryslân (* 1905)
- 5 - Nico Onkenhout, Nederlânsk byldzjend keunstner (* 1918)
- 22 - Sándor Márai, Hongaarsk skriuwer en sjoernalist (* 1900)
- 27 - Bas Paauwe, Nederlânsk fuotballer en fuotbaltrainer (* 1911)
- maart
- 27 - Maria Suzanna Willinge-Sligcher, Nederlânsk sosjaal aktivist (* 1902)
- april
- 19 - Daphne du Maurier, Britsk skriuwster (* 1907)
- 26 - Lucille Ball, Amerikaansk aktrise (* 1911)
- 27 - Konosuke Matsushita, Japansk ûndernimmer (* 1894)
- juny
- 5 - Jan Schurer, Frysk politikus (* 1931)
- 16 - Helga Haase, East-Dútsk reedrydster (* 1934)
- 28 - Joris Ivens, Nederlânsk filmmakker (* 1898)
- july
- 10 - Mel Blanc, Amerikaanske stimakteur (* 1908)
- 22 - Geart van der Zwaag, Frysk skriuwer en dichter (* 1924)
- septimber
- 4 - Georges Simenon, Waalsk skriuwer (* 1903)
- 22 - Jan Teulings, Nederlânsk akteur en filmregisseur (* 1905)
- 27 - Sergie Sovoroff, Amerikaansk kajakbouwer (* 1902)
- oktober
- 6 - Bette Davis, Amerikaansk aktrise (* 1908)
- 22 - Ewan MacColl, Ingelsk folksmuzikant, lietsjeskriuwer, akteur, en aktivist (* 1915)
- novimber
- 9 - André Kloos, Nederlânsk politikus en bestjoerder (* 1922)
- 18 - Hendrik de Vries, Nederlânsk dichter en skilder (* 1896)
- 27 - Frank Fools Crow, Amerikaansk medisynman en aktivist (* 1890)
- desimber
- 10 - Johannes Siderius, Frysk politikus (* 1922)
- 11 - Ymkje Hofstra-Booi, âldste frou fan Nederlân (* 1881)
- 14 - Andrej Sacharov, Russysk atoomlearde en dissidint (* 1921)
- 22 - Samuel Beckett, Iersk skriuwer en dichter (* 1906)
- 25 - Nicolae Ceauşescu, presidint fan Roemeenje (* 1918)
- 25 - Elena Ceauşescu, Roemeensk presidintsfrou (* 1916)
- 29 - Wiert Berghuis, Frysk politikus en fersetsstrider (* 1911)
Literatuer
bewurkje seksje- romans
- novelles
- ferhalebondels
Films
bewurkje seksjeTillefyzje
bewurkje seksje
Jierren: | 1984 | 1985 | 1986 | 1987 | 1988 | 1989 | 1990 | 1991 | 1992 | 1993 | 1994 |
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|