Soldaat van Oranje (film)
Soldaat van Oranje (ynternasjonale titel: Soldier of Orange) is in Nederlânske histoaryske oarlochsfilm út 1977 ûnder rezjy fan Paul Verhoeven, mei yn 'e haadrollen Rutger Hauer en Jeroen Krabbé. De titel betsjut "Soldaat fan Oranje" en ferwiist nei it Nederlânske keningshûs, it Hûs fan Oranje-Nassau. De film waard basearre op it autobiografyske boek mei deselde namme fan 'e fersetsman en Ingelânfarder Erik Hazelhoff Roelfzema. It ferhaal giet oer in groepke freonen dat studearret oan 'e Ryksuniversiteit Leien. Nei't yn maaie 1940 nazy-Dútslân in ynfal yn Nederlân docht, kieze se ûnder de dêropfolgjende besetting allegearre in oar paad. Guon jouwe har by it Nederlânske ferset, oaren kolaborearje mei de Dútsers en wer oaren dogge hielendal neat. Soldaat van Oranje krige doedestiden fan 'e Nederlânske filmkritisy oer it algemien net al te bêste resinsjes. Letter is de wurdearring foar de film yn positive sin feroare. Om utens waard Soldaat van Oranje altyd al better wurdearre. De film wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen en betsjutte de ynternasjonale trochbraak foar sawol regisseur Paul Verhoeven as haadrolspilers Rutger Hauer en Jeroen Krabbé.
Soldaat van Oranje | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Paul Verhoeven | |
produsint | Rob Houwer | |
senario | Gerard Soeteman Kees Holierhoek Paul Verhoeven | |
basearre op | de memoires fan Erik Hazelhoff Roelfzema | |
kamerarezjy | Jost Vacano | |
muzyk | Rogier van Otterloo | |
filmstudio | Rob Houwer Film & TV Producties Excelsior Films Film Holland | |
distribúsje | Tuschinski Film Distributie (Ned.) The Rank Organisation (Fer. Ken.) The International Picture Show Company (Fer. Steaten) | |
spilers | ||
haadrollen | Rutger Hauer Jeroen Krabbé | |
byrollen | Belinda Meuldijk Eddy Habbema Huib Rooymans Derek de Lint Susan Penhaligon Edward Fox Rijk de Gooyer Reinhard Kolldehoff Lex van Delden Brûni Heinke | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Nederlân | |
premiêre | 22 septimber 1977 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | histoaryske oarlochsfilm | |
taal | Nederlânsk, Ingelsk en Dútsk | |
spyltiid | 152 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | ƒ5 miljoen | |
opbringst | ûnbekend |
Plot
bewurkje seksjeYn 1938 komt in groepke nijbakken studinten oan 'e Ryksuniversiteit Leien mei-inoar yn 'e kunde by harren mienskiplike ûntgriening foar it lidmaatskip fan 'e studinteferiening LSV Minerva. By ien fan harren, Erik Lanshof, rint de ûntgriening troch tadwaan fan Guus LeJeune, de praeses fan Minerva, sa út 'e hân dat der bloed floeit. Neitiid komt Guus by Erik del om syn ûntskuldigings oan te bieden en nimt er Erik oan as syn protezjee. Geandewei wurde sy beiden de bêste freonen. Harren freonegroepke bestiet fierders út de prinsipiële Nico, de timide Jacques, Jan Weinberg, dy't fan Joadsk komôf is, en Alex, dy't in Dútske mem hat. Fia Erik reitsje syn technysk ûnderleine maat Robbie Veenman en dy syn Joadske ferloofde Esther, dy't in eachje op Erik hat, ek by it klubke belutsen.
As begjin septimber 1939 de Twadde Wrâldoarloch útbrekt, wurdt it nijs troch Guus en de measte oare leden fan 'e groep negearre, om't it neat mei harren út te stean hat. Yn 'e Earste Wrâldoarloch wie Nederlân neutraal en dat sil no sûnder mis wêr sa wêze. Troch de mobilisaasje moatte Jan, Alex en Robbie yn militêre tsjinst. As op 10 maaie 1940 de Dútske ynfal yn Nederlân plakfynt, ride Erik en Guus yn rokkostúm op 'e motor nei in kazerne fan 'e Keninklike Lânmacht, dêr't se har oanmelde wolle as frijwilligers. Se treffe lykwols in troch it bombardemint op 'e kazerne swier traumatisearre rekrutearringsofsier, dy't harren mei in klútsje yn it reid stjoert. Underwilens ûnderfine Jan en Alex ek net folle aksje foar't op 15 maaie, nei it Dútske Bombardemint fan Rotterdam de Nederlânske kapitulaasje sûnder betingsten folget.
Under de besetting fan Nederlân troch de nazys meitsje de freonen allegearre in oare kar. Erik en Guus meitsje plannen om yn in roeiboat oer te stekken nei Ingelân, mar troch har eigen achteleazens misbeteart dat folslein. Jacques besiket te dwaan as is der neat feroare en giet gewoan troch mei syn stúdzje. Under ynfloed fan syn Dútske mem meldt Alex himsels oan foar tsjinst by de Waffen-SS. Nico giet by it ferset. Robbie set yn syn túnhúske in yllegale stjoerder op, wêrmei't er yn Morse-koade kommunisearje kin mei it Nederlânsk regear-yn ballingskip yn Londen. En Jan, dy't bokskampioen is, slacht twa lânwachters fan 'e NSB yninoar as er sjocht hoe't dy yn Leien út klearebare sadisme de bakfyts fan in Joadske keapman yn 'e grêft triuwe.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Fia Robbie kriget Erik, dy't noch altyd nei Ingelân ta wol, de mooglikheid om as koerier mei in kofferfol wichtige dokuminten dêrhinne. Nei Jan syn akkefytsje mei de lânwachters is dyselde in socht man, dat Erik biedt Jan oan om foar him yn 't plak nei Ingelân ta. As Jan lykwols troch in wetterfleantúch oppikt wurde sil op 'e Tsjûkemar, wurdt de ôfreis fersteurd troch in Dútske patrûljeboat. It fleantúch wit sûnder wat bedijd te hawwen te ûntkommen, mar Jan wurdt troch de Dútsers pakt. Robbie rekket ferwûne en Erik rêdt him it libben. Tegearre witte se nauwerneed fuort te kommen. Neitiid dûkt Erik ûnder by Guus thús. Guus is ûnderwilens úteinset mei it nimmen fan foto's fan Dútske bunkers yn 'e dunen by Skeveningen, dy't er hopet troch te spyljen oan 'e Alliëarden. Hy wurdt lykwols troch in Nederlânske boarger ferret oan 'e NSB, wêrnei't de Dútsers letter in ynfal dogge op 'e tennisklub dêr't Guus en Erik beide lid fan binne. Om't Guus troch hat dat it de nazys om him te dwaan is, kreëarret Erik wat trelit, sadat Guus útpike kin.
Yn it Oranjehotel yn Skeveningen sjocht Erik Jan werom. Dy hat nei syn arrestaasje slimme folterings ûndergien, mar hy wegeret nammen te neamen. By de ûnderfregings hawwe de Dútsers slûpe litten dat de ferrieder fan 'e operaasje op 'e Tsjûkemar in Van der Zanden is, dy't yn Londen sit. Mei't Jan yn in sel boppe Erik sines sit, jout er yn 'e nacht troch in ienfâldich systeem fan klopjen op 'e liedings dy kennis troch oan Erik. Net folle letter wurdt Jan troch de Dútsers ôffierd nei de Waalsdorperflakte, dêr't er stânrjochtlik eksekutearre wurdt. Erik wurdt lykwols frijlitten, mei't de SD hopet om syn meistanners te finen troch him te folgjen. As SD-er Breitner pontifikaal yn syn auto foar it studintehûs fan Erik sitten giet, hat dy daliks troch hokfoar spultsje de Dútsers spylje en hâldt er him katoen.
In skoftke letter wurdt Erik opsocht troch Esther mei in boadskip fan Robbie. Troch heal neaken foar it finster fan 'e studintekeamer te ferskinen, liedt hja Breitner om 'e tún en kin Erik fia de efterdoar ûntkomme foar in koarte moeting yn De Haach. Erik sjocht dêr Alex werom, dy't yn in militêre parade meirint fan in ôfdieling fan 'e Waffen-SS dy't nei it Eastfront stjoerd wurdt. Neitiid hat er in petear mei Robbie, dy't him oanbiedt om op 'e nij te besykjen him nei Ingelân te stjoeren; Erik is nammentlik te gefaarlik wurden foar it ferset. Nei't Erik letter dy middeis yn syn keamer weromkeard is, dêr't Esther sa lang in boek lêzen hat, ferliedt Esther him om echt seks mei har te hawwen. Letter meunsteret Erik ûnder in falske identiteit as matroas oan op it Switserske frachtskip de St. Cergue. Breitner besiket de ôffeart tsjin te kearen, mar wurdt weromfluite troch in pear ofsieren mei hegere rang fan 'e Kriegsmarine, dy't op it skip meifarre. Oan board wurdt Erik weriene mei Guus, dy't ek fia Robbie op 'e St. Cergue bedarre is.
Underwilens wurdt de stjoerder fan Robbie troch Breitner-en-dy útpeild. Robbie wurdt foar de kar steld: mei de SD gearwurkje by it oprôljen fan it Nederlânske ferset, of oars sil syn Joadske ferloofde Esther nei in ferneatigingskamp yn Poalen ôffierd wurde. Hy kiest foar kollaboraasje mei de Dútsers. Mei noch in oare Ingelânfarder, Willem Oostgaarde, komme Erik en Guus yn Londen oan, dêr't it trijetal oer haren ûnderfinings yn beset Nederlân befrege wurdt troch kolonel Rafelli en syn sekretaresse Susan. Erik kriget foar it ferstân dat de ferrieder Van der Zanden oan it haad fan 'e Nederlânske ynljochtingetsjinst stiet. Hy besiket de man oer it mad te kommen en him te fermoardzjen, mar Van der Zanden sjocht him oankommen en lit him oermasterje troch in pear soldaten. Neitiid wit er Erik oan it ferstân te krijen dat de Dútsers syn namme mei opsetsin neamd hawwe as ferrieder om twaspjalt mank de Alliëarden te siedzjen.
Nei't de trije Ingelânfarders op besite west hawwe by keninginne Wilhelmina, meldt Guus him oan foar it Britske Leger, wylst Erik foar de Britske Keninklike Marine kiest en Oostgaarde him by de Britske Keninklike Loftmacht jout. Guus begjint in romantyske relaasje mei Susan. Keninginne Wilhelmina wol dat in stikmannich Nederlânske politike lieders nei Londen ta helle wurdt, sadat se taret wurde kinne op harren rollen yn 'e nei-oarlochske Nederlânske maatskippij. Erik en Guus stimme deryn ta om te besykjen dyselden beset Nederlân út te smokkeljen. Guus wurdt by Skeveningen oan lân set om mei de fersetsgroep fan Nico de operaasje ta te rieden, mar der blykt seewetter yn syn radiostjoerder kommen te wêzen, wat it apparaat ûnbrûkber makke hat. Sadwaande kommunisearret er mei Londen fia de stjoerder fan Robbie. Dyselde ynfiltrearret yn opdracht fan Breitner de groep en betinget dat er mei mei nei Ingelân.
By de ekstraksje-operaasje giet Erik by Skeveningen oan lân om kontakt te meitsjen mei de groep fan Guus. Dat slagget lykwols net, mar hy sjocht wol hoe't Breitner en de SD in mûklaach opsette en konkludearret dat Robbie, de iennichste swakke skeakel yn 'e hiele operaasje, kompromittearre wêze moat. Erik moat in feest yn it Kuhrhaus crashe om net op te fallen. Dêr treft er Alex wer, dy't him twingt om mei him de tango te dûnsjen foar't er fuortglûpe kin. Hy fynt Guus-en-dy yn 'e dunen en besiket harren te warskôgjen foar Robbie, mar it is al te let. As Robbie oan Erik syn hâlden en dragen sjocht dat syn rol útspile is, sjit er in ljochtkûgel ôf, wêrnei't de SD de fâle tichtklappe lit. De politike lieders dy't nei Ingelân smokkele wurde soene, wurde troch de Dútsers finzen nommen. Nico wurdt deasketten. Erik flechtet de see yn en ûntkomt nauwerneed as er oppikt wurdt troch it Britske marineskip dat him ôfset hie. Guus pykt út oer it strân en wit de Dútsers foar te bliuwen.
Guus siket neitiid yn De Haach Robbie op, dy't er op ljochtskyndei op 'e strjitte deasjit. Hy besiket en ûntkom op 'e fyts, mar dat slagget net en hy wurdt troch de Dútsers pakt. Erik keart werom nei Ingelân, dêr't er Guus syn plak ynnimt yn 'e relaasje mei Susan. Sy soarget dat er, nettsjinsteande syn minne eagen, oannommen wurdt troch de Britske Keninklike Loftmacht. As ko-piloat fan Willem Oostgaarde nimt er neitiid diel oan it Alliëarde bombardemint fan nazy-Dútslân. Yn Konsintraasjekamp Wolfenbüttel wurdt Guus nei gâns folterings trochstien te hawwen, stânrjochtlik eksekutearre mei de guillotine. Underwilens komt Alex oan it Eastfront om as der, wylst er gebrûk makket fan 'e latrine, troch in Russyske jonge in hângranaat nei binnen goaid wurdt.
Erik wurdt tsjin 'e ein fan 'e oarloch oansteld as persoanlik adjudant fan keninginne Wilhelmina, en yn dy hoedanichheid beselskippet er har as hja nei de befrijing weromkeart nei Nederlân. Yn De Haach siket er Esther op. It hûs fan har en Robbie blykt plondere te wêzen troch de froede boargerij, dy't by har, as "moffehoer", ek it hier ôfknipt hat. Yn Leien giet Erik nei it studintehûs dêr't hy en syn maten earder wennen. Dêr wennet no inkeld Jacques ten Brink noch, dy't de oarloch oerlibbe hat troch de oare kant út te sjen en neat te dwaan.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Erik Lanshof1 | Rutger Hauer |
Guus LeJeune2 | Jeroen Krabbé |
- byrollen
1) echte namme: Erik Hazelhoff Roelfzema.
2) in gearstald personaazje, basearre op Ernst de Jonge, Peter Tazelaar en Chris Krediet.
3) in optocht personaazje, komt net foar yn it boek fan Hazelhoff Roelfzema.
4) basearre op Jean Mesritz.
5) basearre op Aad Robertson, mar hjit yn it boek Alexander Rowerth.
6) basearre op kolonel Euan Rabagliatti.
7) basearre op Matthijs Ridderhof.
8) basearre op majoar Hermann Giskes, haad fan 'e Abwehr yn De Haach.
9) basearre op Frits van der Schrieck.
10) basearre op generaal François van 't Sant.
11) basearre op Toon Buitendijk.
12) der wurdt wol spekulearre dat dit personaazje basearre wie op Herman Bernard Wiardi Beckman.
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeSoldaat van Oranje waard regissearre troch Paul Verhoeven nei in senario fan Gerard Soeteman, Kees Holierhoek en himsels. Dat wie loskes basearre op it non-fiksjeboek Soldaat van Oranje út 1971, de memoires fan 'e echte 'Soldaat fan Oranje', fersetsman en Ingelânfarder Erik Hazelhoff Roelfzema. Om 'e film dramatyk mei te jaan waarden gâns eleminten út it boek oanpast. Ien fan 'e wichtichste feroarings wie it personaazje fan Guus LeJeune, dat net yn it boek foarkomt; Verhoeven-en-dy stalden Guus gear út trije wiere fersetslju. It personaazje fan Esther waard hielendal troch de senarioskriuwers optocht en hat nea echt bestien. Krekt as by de measte grutte moderne films oer de Twadde Wrâldoarloch waard ek yn it gefal fan Soldaat van Oranje besletten om alle nasjonaliteiten har eigen taal sprekke te litten, sadat de film behalven Nederlânsktalich ek foar in diel Ingelsktalich en Dútsktalich is.
As produsint wie Rob Houwer by it projekt belutsen foar syn eigen filmstudio Rob Houwer Film & TV Producties y.g.m. Excelsior Films en Film Holland. Foar Soldaat van Oranje wie in budget beskikber fan ƒ5 miljoen. Dêrmei wie it doedestiden de djoerste Nederlânske film dy't ea makke wie. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Jost Vacano, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Rogier van Otterloo. In diel fan 'e cast en crew, ûnder wa regisseur Verhoeven, senarioskriuwer Gerard Soeteman en haadrolspiler Rutger Hauer, hie earder fan 1968 ôf gearwurke oan 'e tillefyzjesearje Floris.
Opnamen
bewurkje seksjeDe opnamen foar Soldaat van Oranje fûnen ein 1976 en begjin 1977 plak. De iepeningssêne mei de ûntgriening spilet him ôf yn 'e sosiëteit fan 'e studinteferiening LSV Minerva yn Leien, mar is filme yn 'e sosiëteit Phoenix fan it Deltsch Studenten Corps yn Delft. Reden dêrfoar wie dat de âlde sosiëteit fan Minerva nei de oarloch troch brân ferwoastge wie. It Leiske pân dêr't yn it echt Café Barrera fêstige wie, tsjinne as filmlokaasje foar it studintehûs fan Erik Lanshof en Guus LeJeune. De sênes yn it Londenske ûnderkommen fan keninginne Wilhelmina waarden opnommen yn 'e tún fan it Cultureel Maçonniek Centrum 'Prins Frederik', oan 'e Javastraat yn De Haach.
It Dútske bombardemint op in Nederlânske kazerne yn 'e opienfolging fan sênes oer de Dútske ynfal yn Nederlân yn maaie 1940, moat it echte bombardemint op 'e Alexanderkazerne yn De Haach foarstelle. Dêrfoar waard filme yn 'e Prins Willem III-kazerne yn 'e binnenstêd fan Amersfoart. Mei't dat gebouwekompleks sloopt wurde soe, koe de filmcrew de gelegenheid te baat nimme om echte skea oan te rjochtsjen. De sêne wêryn't Lanshof yn Londen ûnderfrege wurdt troch kolonel Rafelli en dy syn sekretaresse Susan waarden yn deselde kazerne opnommen (yn in fertrek fan it haadgebou oan it binnenplak) en datselde gou foar de sjitoefening mei de omheech flappende ôfbyldings fan Hitler (tankwurkplak) en de sêne wêryn't Guus LeJeune mei de guillotine ûnthalze wurdt (efterkant fan it haadgebou). De Prins Willem III-kazerne waard yn 1980 ôfbrutsen; tsjintwurdich leit op deselde lokaasje in wenwyk.
De sênes wêryn't Jan Weinberg troch in Britsk wetterfleantúch oppikt wurde sil op 'e Tsjûkemar waarden ek echt op 'e Tsjûkemar opnommen. Dat foarfal is wier bard en wie in mislearre operaasje om Lodo van Hamel en oare fersetslju, ûnder wa Jean Mesritz (op wa't it personaazje fan Jan Weinberg basearre wie) ôf te heljen. Yn it echt wie Erik Hazelhoff Roelfzema (yn 'e film Erik Lanshof) der lykwols net by, en boppedat barde it net op ljochtskyndei, mar ûnder dekking fan it nachtlik tsjuster. Regisseur Paul Verhoeven en produsint Rob Houwer ornearren lykwols dat it fierstente djoer wurde soe om 'e sênes mei adekwate beljochting by nacht op te nimmen.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Soldaat van Oranje waard yn Nederlân fersoarge troch Tuschinski Film Distributie, yn it Feriene Keninkryk troch The Rank Organisation en yn 'e Feriene Steaten troch The International Picture Show Company. Om utens krige de film oer it algemien de ynternasjonale titel Soldier of Orange, mar yn it Feriene Keninkryk waard er útbrocht ûnder de titel Survival Run ("Oerlibbensrin"). Soldaat van Oranje gie op 22 septimber 1977 yn Theater Tuschinski yn Amsterdam yn premiêre.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy yn Nederlân krige Soldaat van Oranje oer it algemien negative resinsjes. Sa skreau NRC Handelsblad: "Nederlâns djoerste spylfilm docht neat foar de filmkultuer yn Nederlân." Het Parool skreau: "De huzarestikjes dy't de flapdrolhelden Erik en Guus folbringe, binne foarsisber en sûnder ferrassings." En Trouw murk op: "Films as Soldaat van Oranje fynt men om utens ienentweintich fan yn in snies." De resinsjes yn it Algemeen Dagblad, De Telegraaf en De Volkskrant wiene justjes positiver.
Yn letter jierren waard Soldaat van Oranje oer it algemien better wurdearre. Sa waard Soldaat van Oranje yn 1999 op it Nederlânsk Filmfestival yn Utert by in stimming útornearre as de op ien nei bêste Nederlânske film fan 'e tweintichste iuw (nei Turks Fruit, in oare film fan Paul Verhoeven). En yn 2006 waard Soldaat van Oranje nei in enkête ûnder 9.000 besikers fan 'e webside Filmwereld.net útroppen ta de bêste Nederlânske film aller tiden. Frjemd genôch is Soldaat van Oranje net opnommen yn 'e Kanon fan 'e Nederlânske Film.
Yn it bûtenlân wiene kritiken fan it begjin ôf oan al better. Sa skreau Vincent Canby yn 1977 yn The New York Times: "Soldaat van Oranje is miskien gjin hege keunst, mar it is wol in goed ferhaal. En it kombinearre effekt fan it treastryk âlderwetske ambacht fan Verhoeven en de ûnferwachts brekbere aktearprestaasje fan Hauer hâlde it tempo deryn." Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Soldaat van Oranje in tige heech goedkarringspersintaazje fan 91%, basearre op 11 ûnderskate resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksjeIt is ûnbekend hoefolle oft Soldaat van Oranje yn 'e bioskopen opbrocht. Wol is bekend dat foar de film yn 'e Nederlânske bioskopen 1.547.183 kaartsjes ferkocht waarden en dat it dêrmei de populêrste Nederlânske film fan 1977 wie. Ofset tsjin it budget fan ƒ5 miljoen liket de film dêrmei yn elts gefal út 'e kosten kommen te wêzen. Yn 'e Feriene Steaten waard de film ek goed ûntfongen en loek er yn 'e bioskopen (relatyf, yn acht nommen dat it in bûtenlânske film wie) gâns besikers.
Prizen
bewurkje seksjeYn 1978 wie Soldaat van Oranje de offisjele Nederlânske ynstjoering foar de Oscar foar Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal. Hy waard lykwols net útornearre foar in nominaasje. Yn 1979 wûn Soldaat van Oranje wol de priis fan 'e Los Angeles Film Critics Association foar bêste bûtenlânske film. Yn 1980 waard Soldaat van Oranje nominearre foar de Golden Globe foar Bêste Bûtenlânske Film, mar dy priis ferlear er oan 'e Frânsk-Italjaanske film La Cage aux Folles fan Édouard Molinaro.
Adaptaasjes en skraste ferfolchfilm
bewurkje seksjeFan Soldaat van Oranje waard yn 1979 in fjouwerdielige minysearje makke troch tafoeging fan sênes dy't oarspronklik by de filmmontaazje fuortknipt wiene. De searje krige dêrtroch in spyldoer fan 215 minuten, yn ferhâlding ta in spyldoer fan 152 minuten fan 'e film. De minysearje hie de titel Voor Koningin en Vaderland en waard krekt as de film letter op dvd útbrocht.
Yn 2001 waard nei jierren fan geroften oer dit ûnderwerp einlings offisjeel oankundige dat filmprodusint Rob Houwer in ferfolch op Soldaat van Oranje yn preproduksje nommen hie. De film, dy't regissearre wurde soe troch Jean van de Velde, soe gean oer de fierdere aventoeren fan Soldaat fan Oranje Erik Hazelhoff Roelfzema. Haadpersoan Erik Lanshof soe sadwaande nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch as meiwurker fan 'e Feriene Naasjes te meitsjen krije mei de Molukske striid foar ûnôfhinklikheid fan 'e RMS yn Yndoneezje en Nederlân, mei û.m. de Molukske treinkapings yn Drinte yn 'e 1970-er jierren. Houwer krige lykwols de finansiering net rûn, sadat de ferfolchfilm úteinlik ôfblaasd wurde moast.
Letter waard Soldaat van Oranje wol adaptearre ta in toanielmusical, dy't ek Soldaat van Oranje hiet. De musical gie op 30 oktober 2010 yn premiêre yn in spesjaal ynrjochte teäter yn in âlde hangaar op 'e eardere Fleanbasis Valkenburg fan 'e Nederlânske Marineloftfearttsjinst by Katwyk. Ynstee dat de sets op it poadium feroare waarden, draaide dêrby de tribune mei it publyk nei ferskillende poadia ta (in systeem dat SceneAround hjit). Ien fan 'e sets bestie út in keunstmjittige see mei in strân en in oaren befette in echte Douglas DC3-fleanmasine. De musical wie in grut súkses en waard letter ek yn plakken yn it bûtenlân opfierd, wêrûnder Londen.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side, en ûnder References, op dizze side. |