Grêft
In grêft (regionaal ek: greft; mt.: grêften, regionaal ek: greften) is in troch de minske oanleine wetterwei troch de beboude kom fan in stêd (of soms in doarp), dy't foar it meastepart by de iggen lâns omseame wurdt troch gebouwen. It kin ek in oanleine barriêre ta ferdigening om in kastiel hinne wêze: in slotgrêft. In likernôch synonym foar grêft is singel. Etymologysk komt it wurdt 'grêft' fan it tiidwurd "grave".
Grêften binne te finen yn in protte histoaryske binnenstêden yn Hollân, lykas Amsterdam (ferneamd om syn Grêftegurle), Alkmar, Delft, Doardt, Gouda en Leien. Yn Fryslân komme grêften foar yn Ljouwert, Boalsert, Dokkum, Frjentsjer, Harns en Snits, en yn 'e rest fan Nederlân û.m. yn Amersfoart, Coevorden, it doarp Giteren, Grins, Meppel en Utert.
Bûten Nederlân komme grêften ek foar yn Flaamske stêden as Brugge, Antwerpen en Gint, en yn 'e Dútske stêden Hamburch en Duisburch. Yn guon stêden, lykas De Haach, binne de grêften fierhinne ferdwûn trochdat se tichtsmiten binne. Dat hat as foardiel dat dêrtroch moaie romme strjitten ûntsteane, mar it neidiel is in stikje ferlerne skiednis. Yn 'e Kop fan Oerisel wurde ek kanalen of fearten bûten de beboude kom 'grêften' neamd, lykas de Arembergergrêft tusken Swartslûs en Belterwijde en de Thijssengrêft tusken Giteren en de Giterske Mar.
De oarspronklike funksjes fan grêften wiene: ôfwettering, ferfier (oer it wetter), ferdigening en rioelearring. It saneamde skuorjen fan grêften wie, wêr't dat mooglik wie, in manear om 'e grêften iepen te hâlden, om't se oars stadichoan tichtslibben. Yn 'e njoggentjinde iuw ferlearen de stêden definityf harren funksje as fêstingwurk, en dêrmei rekken de grêften har ferdigeningsfunksje kwyt. Yn dyselde perioade waarden yn 'e measte plakken ek nije, bettere rioelen oanlein. Nei't se om 'e midden fan 'e tweintichste iuw hinne ek harren ferfiersfunksje foar it meastepart ferlearen oan it ferkear oer de wei, waarden in protte grêften dempt. Letter waarden yn guon plakken, lykas Breda, Utert, Meppel, Gint en Saandam inisjativen nommen oan 'e dempte grêften wer yn âlde steat werom te bringen.
Sjoch ek
bewurkje seksje- of
- De Grêft:
- De Grêft (Heech), in feart by it doarp Heech
- De Grêft (Pean), in feart by de buorskip Pean (by Aldeboarn)
- De Grêft (Rengerspôle), in feart yn De Alde Feanen
- De Grêft (Spangea), in feart by it doarp Spangea
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen,noten en/of referenties, op dizze side.
|