[go: up one dir, main page]

Shaunae Miller-Uibo

Shaunae Miller-Uibo (ek bekend as Shaunae Miller; Nassau (Bahama's), 15 april 1994) is in Bahamaansk atlete dy't har spesjalisearre hat yn it hurddraven op 'e 400 m. Hja wennet om utens, yn Athens, yn 'e Amerikaanske steat Georgia. Miller-Uibo wûn twaris de Olympyske titel op 'e 400 m: op 'e Simmerspullen fan 2016 yn Rio de Janeiro en op 'e Simmerspullen fan 2020 yn Tokio.

Shaunae Miller-Uibo
sporter
Shaunae Miller-Uibo op it WK fan 2017 yn Londen.
Shaunae Miller-Uibo op it WK fan 2017 yn Londen.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Shaunae Miller-Uibo
nasjonaliteit Bahamaansk
bertedatum 15 april 1994
berteplak Nassau
lingte 1.85 m
gewicht 69 kg
sportive ynformaasje
sport atletyk
ûnderdiel sprint
O.S. Londen 2012
Rio de Janeiro 2016
Tokio 2020 (2021)
wichtige prestaasjes
2x goud Olympyske Spullen 2016, 2020
2x goud WK 2022
2x sulver WK 2015, 2019
2x brûns WK 2014, 2017

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Shaunae Millerwaard yn 1994 berne yn 'e Bahamaanske haadstêd Nassau. Se genoat middelber ûnderwiis oan it St. Augustine's College yn Nassau, en skreau har dêrnei yn foar in stúdzje oan 'e Universiteit fan Georgia, yn 'e Feriene Steaten.

As atlete lei Miller har ta op 'e sprint, wêrby't se har spesjalisearre op 'e 400 m, hoewol't se ek geregeldwei meidocht oan 'e 100 m en de 200 m. Yn 2010 wûn se op 'e 400 m in gouden medalje op it WK foar junioaren yn it Kanadeeske Moncton. Dêrmei waard se de earste Bahamiaan dy't op dy ôfstân ea in poadiumplak besette. Deselde prestaasje werhelle Miller nochris op 'e Wrâldjongereinkampioenskippen yn it Frânske Risel, yn 2011.

Op 'e Olympyske Spullen fan Londen, yn 2012, foel Miller blessearre út. Op it WK binnendoaratletyk yn Sopot, yn Poalen, behelle se yn 2014 in brûnzene medalje op 'e 400 m, wylst se op it WK yn Peking, fan 2015, in twadde plak op dy ôfstân behelle.

By yntocht fan 'e atleten ûnder de iepeningsseremoanje fan 'e Olympyske Spullen fan Rio de Janeiro, op 5 augustus 2016, droech Miller de flagge fan 'e Bahama's. Under dat sportevenemint wûn se de gouden medalje op 'e 400 m mei in persoanlik rekôr fan 49,44 s, wêrby't se har yn 'e lêste meters mei in snoekedûk oer de finishline hinne smiet om 'e Amerikaanske Allyson Felix te ferslaan.

Op it WK atletyk fam 2017, yn Londen, wûn Miller-Uibo it brûns op 'e 200 m sprint, wylst se op 'e 400 m mei in fjirde plak krekt njonken it poadium stapte. Op it WK atletyk fan 2019, yn Doha, wûn se de sulveren medalje op 'e 400 m. Op 'e Olympyske Simmerspullen fan 2020, dy't yn 2021 yn Tokio holden waarden, wûn Miller-Uibo op 'e 400 m op 'e nij de gouden medalje en prolongearre sa har Olympyske titel.

Priveelibben

bewurkje seksje

Oan 'e Universiteit fan Georgia kaam Miller yn 'e kunde mei Maicel Uibo, in tsienkamper út Estlân. Hja troude yn 2017 mei him, en neamt harsels sûnt 'Shaunae Miller-Uibo'.


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: (in) Shaunae Miller-Uibo.