[go: up one dir, main page]

Tokio (Japansk: 東京, Tōkyō, betsjut "eastlike haadstêd"), neffens it Hepburnsysteem stavere as Tokyo, is de haadstêd fan Japan.

Tokio
Bestjoer
Lân Japan
Regio Kantō
Sifers
Ynwennertal 13.283.225 (2013)
Oerflak 2.187,05 km²
Befolkingsticht. 6074 ynw. per km²
Stêdekloft sa'n 35,5 miljoen
Oar
Tiidsône UTC +9
Koördinaten 35,68° NB, 139,76° EL
Offisjele webside
www.metro.tokyo.jp
Baai fan Tokio (boarne: NASA)

De stêd is in prefektuer yn de regio Kanto op it eilân Honsjû. Yn 'e prefektuer wenje likernôch 13,3 miljoen minsken. Grut-Tokio is de grutste stêdekloft op ierde mei sa'n 35,5 miljoen ynwenners. Tokio wurdt as ien fan de fjouwer grutste wrâldstêden beskôge njonken Parys, New York en Londen. Tokio is de grutste stêd fan Japan en in metropoal yn Aazje.

De metropoal omfiemet trije grutte stedsdielen: de trijentweintich spesjale stedsdistrikten (dy't meiïnoar Tokio Stêd foarmje); Tama gebiet, en de eilannen.

It part fan Tokio op it fêstelân leit noardwestlik fan de bocht fan Tokio mei en is fan east nei west 90 km en fan noard nei súd 25 km. It wurdt begrinzge troch it Chiba Prefektuer yn it easten, it Yamanashi Prefektuer yn it suden, en it Saitama Prefektuer yn it noarden. It fêstelân is yndield yn spesjale stêdsdistrikten (it eastlike part) mei westlik dêrfan it Tama gebiet (多摩地方).

Ek de twa eilannen groepen yn 'e Pasifyske Oseaan hearre by Tokio; de Izu eilannen, dy't suver parallel lizze fan de Izu Peninsula; en de Ogasawara eilannen, dy't mear as 1,000 km fan it fêstelân ôf lizze.

Bestjoerlike yndieling

bewurkje seksje

Under Japânske wetjouwing is Tokio in to (都, oerset: "stêdekloft"). De bestjoersstruktuer komt oerien mei oare Japânske prefekturen. Yn Tokio lizze ferskate lytsere bestjoersienheden, dy't konvinsjoneel as stêden neamd wurde. It omfiemet de trijentweintich spesjale stedsdistrikten (特別区 -ku) dy't oant 1943 meiïnoar de stêd Tokio foarmen. Mar no binne dat in soarte gemeenten mei in eigen bestjoer, boargemaster en in ried, dy't de status fan in stêd hawwe. Boppedat hat Tokio 26 oare stêden en trettjin doarpen, dy't allegear in eigen bestjoer hawwe. It Tokio Metropolysk Regear hat in keazen gûveneur mei in fertsjinwurdiging fan de hiele Metropoal. It gebou fan dat regear stiet yn it distrikt Shinjuku. It Tokio Metropolysk Regear hat foech oer hiel Tokio, mei de marren, rivieren, dammen, boerepleatsen, eilannen en nasjonale parken.

Trije definysjes fan Tokio

bewurkje seksje

It is in protte minsken net dúdlik, wêrom't der net ien bestjoerlike ienheid Tokio is. De stêd Tokio is as politike ienheid yn 1943 opheven. Tokio hat hjoed de dei trije definysjes, dy't sels yn Japan ferskate nammen hawwe.

  1. De 23 stêdsdistrikten fan Tokio dy't foar 1943 de stêd Tokio wienen, koartsein de binnenstêd. Elts distrikt hat bestjoerlik rûchwei de status fan in stêd. Yn 't Ingelsk wurde se offisjeel City neamd (Shinjuku City, Shibuya City) en net as eartiids Ward (stêdsdistrikt).
  2. De Agglomeraasje (stêdekloft), dy't de gebieten en alle foarstêden, dêr't fjouwer prefekturen ûnderdiel fan binne (ek de miljoenenstêden Yokohama en Kawasaki).
  3. De Prefektuer Tokio, dy't de 23 stêdsdistrikten fan Tokio omfiemet, mei westlik dêrfan it Tama gebiet, de Izu eilannegroep en de Ogasawara eilannegroep.

Dizze side beslaat definysje trije.

Tokio leit yn fochtige subtropyske klimaat sône, dêr't it simmerdeis hiet en fochtich is en mylde winters. Troch de lokaasje oan de kust fan de Pasifyske Oseaan hat it in mylder klimaat as oare stêden dy't op 'e selde poalshichte lizze. Der falt sa'n 138 sm rein yn 't jier, mei wiete simmers en drûge winters. Der falt net folle snie, mar alle jierren wol wat.

Op 1 july 2011 hie de prefektuer Tokio 13.190.383 ynwenners (6.547.551 manlju en 6.642.832 froulju), it tal húshâldingen wie 6.445.202. Mar 3,1 persint fan de hiele befolking (410.184) komt út it bûtenlân.[1]

 
De stêd Tokio yn 1945 nei it fjoerbombardemint.

Tokio hat syn groei te tankjen oan twa manlju: Tokugawa Ieyasu en Keizer Meiji. Tokugawa Ieyasu makke fan Edo (de foarrinner fan Tokio) syn basis. Doe't er yn 1603 shogun waard, woeks de haadstêd en groeide as nasjonaal militêr regear. It waard ien fan de grutste stêden op 'e wrâld mei al in miljoen ynwenners yn 'e 18e iuw. Winliken wie it de haadstêd, wylst de keizer yn de keizerlike haadstêd Kyoto libbe. Nei 263 jier kaam der in ein fan it shogunskip om de keizerlike macht te fuortsterkjen.

De 17-jierrige keizer Meiji ferfarre yn 1869 nei it plak Edo, dat doe syn hjoeddeistige plaknamme Tokio (Eastlike haadsted) krige. Tokio wie doe al it politike, ekonomyske en kulturele sintrum fan it lân. Meidat de keizer ferfarre nei Tokio waard dit de ienige haadstêd, mei it Edo Kastiel as syn paleis. Tokio bleau de haadstêd oant 1943, doe't it gearfoege waard mei oare stêden ta de Metropoalyske Prefektuer fan Tokio. Sintraal Tokio, lykas Osaka, is fan in ûntwerp om 1900 hinne, dêr't treinferbinings har gerak yn krigen en de befolking rinnendewei nei it stasjon koe om goedkeap te reizgjen. It iepenbier ferfier is dus bettere regele as yn oare grutte stêden lyk as Los Angeles, dêr't al in treinspoar leit, mar it basis ûntwerp oant hjoed de dei net feroare is.

 
Tokio yn 1933.

Tokio hie twaris te lijen hân fan in ûnk en kaam der bjusterbaarlik gau boppe-op. Ien wie de Grutte Kanto Ierdskodding fan 1923, en it oare wie de Twadde Wrâldkriich. It fjoerbombardemint yn 1945, dêr't om de 75.000 oant 200.000 hinne stoaren en de helte fan de stêd ferwoastige waard, dat wie hast like slim as de atoombommen op Hiroshima en Nagasaky meiïnoar.

Nei de kriich waard Tokio renovearre, en wie it plak foar de Olympyske Simmerspullen fan 1964. De sântiger jierren brochten nij grutte ûntwikkelings sok as Sunshine 60, in nij en nuver fleanfjild by Narita (krekt bûten Tokio), en it befolkingstal woeks nei de 11 miljoen (yn 'e stêdekloft). De metro en it regionale iepenbier ferfier hiene de measte passazjiers op 'e wrâld, meidat hieltyd mear minsken har nei wenjen setten yn Tokio. Yn 'e tachtiger jierren skeaten de prizen fan hûzen omheech troch in ekonomyske dúst. Yn 'e iere njoggentiger jierren gong it like hurd omleech en banken, bedriuwen en gewoane minsken wienen klos fan dy delgong. Der kaam in resessy, en de njoggentiger jierren wiene in ferlearen desennium, dêr't Japan no wer wat fan oplibbet. Tokio hat oare plannen mei stêdsdielen dy't net al te botte folle mear opsmite. Koartlyn binne it Tokio Haadstasjon en in stikmannich oare gebouwen sljochte. Gebouwen fan belang wurde ferfange troch nijmoadrige winkelsintrums. De ôfrûne iuwen hawwe der in protte lân ûntginning projekten west. De meast foarname is dy fan it Odaiba gebiet, dat no in grut winkel- en ferdivedaasjesintrum is. Tokio hat is troffen troch machtige ierdskoddings yn 1703, 1782, 1812, 1855 en 1923. De ierdskodding fan 1923 hie in gruttens fan 8.3 (Skaal fan Richter), wêrby't 142,000 minsken stoarn binne.

Der binne ferskate plannen útsteld om regearôfdielings fan Tokio nei oare stêden yn Japan te ferplakken, om de rappe ûntwikkeling fan Tokio wat te bedimmen en oare regio's opbloeie te litten. Dizze plannen binne lykwols in striidpetear en binne noch net útfierd. Wilens de iere Meiji perioade, wie de namme fan de stêd "Tōkei". Yn gâns âlde Ingelske dokuminten skreaune hja fan "Tokei". Dy namme, wurdt skriftlik of mûnling net mear brûkt.

Fan 23 july oant 8 augustus 2021 waarden yn Tokio midden yn de koroanapandemy de Olympyske Simmerspullen 2020 holden. Dy wiene al in jier útsteld yn 'e hoop dat de pandemy dan foarby wêze soe, mar dat wie net sa.

Susterstêden

bewurkje seksje

Tokio hat alve partnerstêden oer de hiele wrâld:

Boppedat hat Tokio in partnerskip oerienkomst mei de stêd Londen, en in stikmannich stêden yn Tokio hawwe sels ek partnerstêden yn oare lannen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
Commons  Commons: Tokyo – foto, fideo en harktriemmen

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Tokyo Metropolitan Government News No. 792, útjefte septimber 2011 (in nijsbrief fan it stedsbestjoer oan alle húshâldingen fan Tokio)