[go: up one dir, main page]

In seeslach is in militêr treffen tusken skippen of oare fartugen op in oerflaktewetter. Yn 'e regel spilet soks him op see ôf (dêrfandinne de namme), mar it kin ek plakfine op in mar of in rivier, al is de oantsjutting yn dy gefallen wat misliedend. Seeslaggen komme al sûnt minskewitten foar, en binne nei alle gedachten like âld as de skipfeart sels. De earste skriftlik dokumintearre seeslach datearret fan 1210 f.Kr., doe't op 'e Middellânske See by Syprus de Hettiten de Syprioaten fersloegen.

Oanfal op 'e Medway, in skilderij fan Pieter Cornelisz. van Soest.
Dizze side giet oer it militêr treffen op see. Foar oare betsjuttings, sjoch: Seeslach (betsjuttingsside).

Troch de iuwen hinne binne it aard, it oansjen en de fermogens fan 'e skippen dy't oan seeslaggen dielnimme, drastysk feroare, fan 'e triremen út 'e Klassike Aldheid fia de galjoenen út 'e santjinde iuw en de slachskippen út 'e iere tweintichste iuw oant de dûkboaten en fleandekskippen fan tsjintwurdich. Nettsjinsteande dat binne de measte taktyske prinsipes fierhinne itselde bleaun. Men kin dan tinke oan it belang fan it útfieren fan maneuvers foarôfgeande oan 'e seeslach, om in sa geunstich mooglik útgongspunt foar jinsels te skeppen, en de winsklikheid om op in stuit de striid ôf te brekken as jins hiele float ferlern driget te gean.

Fan âlds binne der twa manearen om yn in seeslach de fijân te ferslaan:

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Sources en Further Reading, op dizze side.