Syprus
| |||||
Offisjele taal | Gryksk, Turksk | ||||
Haadstêd | Nicosia | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Gebiet % wetter |
9.250 km² 0% | ||||
Ynwenners (2001) | 689.565 | ||||
Munt | Euro (EUR) | ||||
Tiidsône | UTC +2 | ||||
Nasjonale feestdei | - | ||||
Lânkoade | CYP | ||||
Ynternet | .cy | ||||
Tillefoan | 357 |
Syprus is in lân en eilân yn 'e Middellânske See. De haadstêd is Nicosia. Njonken it Grykske en Turkske diel fan Syprus is der in lyts stikje Britsk Syprus, twa Britske basissen dy't Britsk bleaun binne doe't de rest fan it eilân ûnôfhinklik waard.
Geografy
bewurkje seksjeMei in oerflak fan likernôch 9.251 km² is Syprus nei Sisylje en Sardynje it tredgrutste eilân yn de Middellânske See. Fan west nei east is it eilân likernôch 230 km, fan noard nei súd sa'n 95 km. Fan it eilân nei de súdkust fan Turkije is 68 km. De berch Olympos (1,952 m) is it heechste punt fan it eilân. De kust om it eilân hinne is 671 km.
Skiednis
bewurkje seksjeIt noarden fan it each is sûnt 1974 beset troch it Turkske leger en foarmet de facto in eigen steat, dy't lykwols troch gjin oar lân as Turkije erkend wurdt.
Yn 'e maitiid fan 2004 waard Syprus lid fan de Jeropeeske Uny en op 1 jannewaris 2008 krige it lân de euro as betelmiddel.
Demografy
bewurkje seksjeOp Syprus wenje etnyske Griken en Turken. 77 % fan de eilânbewenners is Gryksk en Ortodoksk Kristlik, 17 % is Turksk en Moslim. De talen fan it eilân binne:
Gearwurking
bewurkje seksjeSyprus is sûnt 1960 lid fan de Feriene Naasjes. It lân is sûnt 24 maaie 1961 lid fan de Rie fan Jeropa. Sûnt 2004 is Syprus lid fan de Jeropeeske Uny, mar it hat gjin diel oan de monetêre uny.
Ekonomy
bewurkje seksjeBYP per persoan is $27.100 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 2,7% lânbou, 19,2% yndustry en 78% tsjinsten.
Militêr
bewurkje seksjeOp it eilân is der in Grykske folksmilysje en Turkske folksmilysje.
Jeropeeske Uny | ||
---|---|---|
Lidsteaten: Belgje • Bulgarije • Denemark • Dútslân • Eastenryk • Estlân • Finlân • Frankryk • Grikelân • Hongarije • Ierlân • Itaalje • Kroaasje • Letlân • Litouwen • Lúksemboarch • Malta • Nederlân • Poalen • Portegal • Roemeenje • Syprus • Sloveenje • Slowakije • Spanje • Sweden • Tsjechje | ||
Ultraperifeare regio's: Frankryk: Frânsk-Guyana • Gûadelûp • Majot • Martinyk • Réunion • Sint-Marten Portegal: Azoaren • Madeara Spanje: Kanaryske Eilannen | ||
Kandidaat-lidsteaten: Albaanje • Bosnje • Georgje • Moldaavje • Montenegro • Noard-Masedoanje • Oekraïne • Servje • Turkije | ||
· · |