Sânde Alvestêdetocht
De Sânde Alvestêdetocht wie de sânde offisjele edysje fan 'e Alvestêdetocht op redens, dy't ferriden waard op 6 febrewaris 1941. Dizze reedriderstocht waard organisearre troch de Feriening De Fryske Alve Stêden. De winner wie Auke Adema út Frjentsjer mei in tiid fan 9 oeren en 19 minuten. De Sânde Alvestêdetocht wie de earste fan twa edysjes fan 'e Alvestêdetocht dy't plakfûnen ûnder de Dútske besetting fan Nederlân yn 'e Twadde Wrâldoarloch. It wie ek de twadde fan 'e iennichste rige ea fan trije Alvestêdetochten dy't jier oan jier ferriden waarden.
Sânde Alvestêdetocht | ||
De rûte fan 'e Sânde Alvestêdetocht (tsjin 'e klok yn) | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
plak | Fryske alve stêden | |
datum | 6 febrewaris 1941 | |
evenemint | Alvestêdetocht | |
edysje | 7 | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | reedriderstocht | |
org. troch | Fer. De Fryske Alve Stêden | |
winner(s) | Auke Adema | |
winnende tiid | 9:19 oeren | |
tal dielnimmers | 970 wedstrydriders ±1.900 toerriders | |
offisjele webside | ||
www.elfstedentocht.nl |
Omstannichheden
bewurkje seksjeFoar it bestjoer fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden wie it yn 'e winter fan 1940 op 1941 net sasear de fraach oft it iis wol tsjûk genôch wie om in Alvestêdetocht te hâlden, want it wie in strange winter en in elk koe sjen dat it iis der goed hinne lei. It probleem wie oft de tocht wol holden wurde moast út polityk-maatskiplike omtinkens, no't Nederlân suchte ûnder de Dútske besetting.
Los fan dat morele fraachstik leveren ek de regels, dy't de nazys de Nederlânske befolking opleine, swierrichheden op foar de organisaasje fan in Alvestêdetocht. Sa moasten tusken it ûndergean en opgean fan 'e sinne alle finsters fertsjustere wurde om it foar de piloaten fan 'e Britske Royal Air Force dreger te meitsjen om it paad nei Dútslân te finen foar harren bombardeminten. Foar de Alvestêdetocht, dy't foar in wichtich part by tsjuster ferriden waard, betsjutte dat lykwols dat ek de reedriders sokke werkenningspunten ûntsein waard.
It stânpunt fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden wie dêrom dúdlik: der soe gjin Alvestêdetocht holden wurde salang't de besetting duorre. Doe't de strange froast lykwols mar oanhold, waard de druk op it bestjoer fan it publyk, dat snakte nei in fersetsje, almar grutter. Uteinlik gie it bestjoer op in gearkomste op moandei 3 febrewaris 1941 oerstaach. De Sânde Alvestêdetocht waard útskreaun foar 6 febrewaris. De dielnimmers waard op it hert drukt dat it net de bedoeling wie om 'e tocht oan te gripen foar protesten tsjin 'e besetting.
Ynskriuwing
bewurkje seksjeNettsjinsteande (of miskien wol just troch) de oarlochssitewaasje dêr't Nederlân yn ferkearde, skreaune de reedriders har by de hûnderten yn foar de Sânde Alvestêdetocht. Dat koe by seis kantoaren dy't troch it bestjoer fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden foar dat doel ynrjochte wiene. Troch de grutte tarin kamen de meiwurkers fan 'e ynskriuwingskantoaren der lykwols net oan ta om alle dielnimmers te tellen. De Sânde Alvestêdetocht is sadwaande de iennichste edysje wêrfan't net krekt bekend is hoefolle lju der oan meidiene.
Wedstryd
bewurkje seksjeFoar de wedstryd giene yn Ljouwert 970 riders fan start. Foar it earst sûnt de Fjirde Alvestêdetocht yn 1929 waard de rûte yn 1941 wer tsjin 'e klok yn riden, dus fan Ljouwert earst nei Dokkum. Al op it stik tusken Ljouwert en Dokkum yn namen Auke Adema fan Frjentsjer, Cor Jongert fan Maarssen en Joop Bosman fan Breukelen de lieding. Sawol Adema as Jongert hearden ta it Pakt fan Dokkum, de fiif riders dy't yn 1940 de Sechsde Alvestêdetocht wûn hiene. De trijekaart kaam 51 minuten nei de start yn Dokkum troch. Op 'e weromwei út Dokkum oer Dokkumer Ie ried Jongert yn it tsjuster by in oare dielnimmer op, dy't noch ûnderweis wie nei Dokkum tà. Hy ried noch fierder, mar de klap wie sa swier oankommen dat er yn Frjentsjer op doktersadvys opjaan moast.
Adema wie nei Dokkum allinne foarop rekke en kaam as lieder troch yn syn wenplak Frjentsjer en letter ek yn Harns. Underweis nei Boalsert waard er by Wytmarsum wer byhelle troch Bosman. Tegearre rieden se fierder en kamen se troch yn Boalsert. Mei't se in flinke foarsprong op har efterfolgers opboud hiene, besleaten se yn Warkum eefkes oan te stekken. Pas doe't se hearden dat it publyk begûn te jûchheien, krigen se foar it ferstân dat se ynhelle wiene. Halje-trawalje skeaten se ta de herberge út om 'e efterfolging yn te setten.
Yn Hylpen namen Adema en Bosman fannijs de lieding yn 'e wedstryd. By Starum sleat Hendrik de Boer fan Wergea him by harren oan, mar dy moast by de oerstek fan 'e Fryske marren en de trochrin troch Gaasterlân, tusken Starum en Sleat, wer ôfheakje. Yn Sleat kaam Bosman in minút letter oan as Adema, mar by Snits trof Adema de man mei de hammer. Hy stie yn bestân om op te jaan, mar nei in pear minuten plat op 'e wâl lein te hawwen om te bekommen, bûn er dochs de redens wer ûnder om te besykjen en riid de tocht út. Hy kaam yn Ljouwert oer de einstreek mei in tiid fan 9 oeren en 19 minuten, de fluchste tiid ea. Bosman folge trije minuten letter en trêde waard Lo Geveke út Ljouwert, dy't dêr wer twa minuten efteroan kaam.
Utslach
bewurkje seksjeposysje | dielnimmer | wenplak | tiid |
---|---|---|---|
1 | Auke Adema | Frjentsjer | 9:19 |
2 | Joop Bosman | Breukelen | 9:22 |
3 | Lo Geveke | Ljouwert | 9:24 |
4 | Auke de Vries | Frjentsjer | 9:24 |
5 | Abe de Vries | Gitern | 9:31 |
6 | Jan van der Bij | Anna Paulowna | 9:31 |
7 | Hendrik de Boer | Wergea | 9:31 |
8 | Sietze de Groot | Weidum | 9:36 |
9 | P. Boekestijn | Maasland | 9:47 |
10 | W. Heeringa | Grou | 9:47 |
Toertocht
bewurkje seksjeOan 'e toertocht diene yn 1941 likernôch 1.900 riders mei. Troch it mylde waar wist in grutte mearderheid fan 1.672 dielnimmers de Sânde Alvestêdetocht út te riden en it fel begearde Alvestêdekrúske te bemachtigjen. Der bestie yn dy tiid gjin aparte wedstryd foar froulju, mar dochs ûntstie der in striid tusken de 26-jierrige Sjoerdtsje Faber en de 16-jierrige Wopkje Kooistra, dy't allebeide út Wergea kamen en inoar goed koene, om as earste frou te finishen. Oant Frjentsjer ta behold Faber de lieding, mar doe't hja kaam te fallen, wist Kooistra har krekt foar Harns yn te heljen. By Hylpen ried Faber Kooistra wer foarby, mar dy helle har by Starum op 'e nij yn. Dêrnei bleau se oan 'e lieding en kaam mei in tiid fan 11 oeren en 9 minuten yn Ljouwert oer de einstreek. Faber berikte de finish nei 11 oeren en 27 minuten.
Ek it fernijen wurdich binne de folgjende prestaasjes. In K.L. Kamp ried de Alvestêdetocht net inkeld op 6 febrewaris yn organisearre ferbân, mar hie de tocht in wike dêrfoar op eigen manneboet ek al ôflein. De Amsterdammer Wim Augustin woe beslist oan 'e Sânde Alvestêdetocht meidwaan, en sette dêrfoar de jûns tefoaren op 'e fyts út syn wenplak ôf. Om 2.00 oere arrivearre er oer de Ofslútdyk yn Harns, dêr't er troch de Dútske besetters prompt ynrekkene en opsletten waard foar it negearjen fan 'e Spertiid, de jûnsklok dy't ûnder de besetting fan krêft wie. Nei twa oeren waard er om 4.00 oere frijlitten, wêrnei't er daliks wer op 'e fyts stapte om fierder nei Ljouwert, dêr't er krekt op 'e tiid oankaam foar de start fan 'e toertocht.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Alvestêdetocht | |
---|---|
alvestêdetochten foàr 1909 • Earste Alvestêdetocht (1909) • Twadde Alvestêdetocht (1912) • Tredde Alvestêdetocht (1917) • Fjirde Alvestêdetocht (1929) • Tolhúster Alvestêdetocht (1929) • Fyfde Alvestêdetocht (1933) • Sechsde Alvestêdetocht (1940) • Sânde Alvestêdetocht (1941) • Achtste Alvestêdetocht (1942) • Njoggende Alvestêdetocht (1947) • Tsiende Alvestêdetocht (1954) • Alfde Alvestêdetocht (1956) • Tolfde Alvestêdetocht (1963) • Trettjinde Alvestêdetocht (1985) • Fjirtjinde Alvestêdetocht (1986) • Fyftjinde Alvestêdetocht (1997) • Alternative Alvestêdetocht |