Dokkumer Ie
De Dokkumer Ie is in trekfeart dy't fan Ljouwert nei Dokkum rint. It wetter rint troch (of oer de grins fan) de gemeenten Ljouwert, Tytsjerksteradiel, Dantumadiel en Noardeast-Fryslân.
Skiednis
bewurkje seksjeDe Dokkumer Ie is al yn de 13e iuw makke troch it ferbinen fan twa âlde seeslinken. De iene kaam út yn de Lauwerssee en de oare by Ljouwert yn de Middelsee. Trochdat dêr in ferbining tusken makke waard ûntstie de Dokkumer Ie. By de westlike ein fan dy ferbiningsgrêft leit Tergrêft. It stik tusken Tergreft en Burdaard is groeven.
Betsjutting
bewurkje seksjeDe Dokkumer Ie is fan grutte betsjutting foar de ôfwettering fan Fryslân. De rivier wie in wichtige skipfeartferbining tusken Ljouwert en de Waadsee, oer de Lauwerssee. No is er allinne fan belang foar de plezierfeart. De Dokkumer Ie is ûnderdiel fan de Alvestêdetochtrûte.