[go: up one dir, main page]

In see is in grutte hoemannichte sâlt wetter, dy't yn ferbining stiet mei in oare see of mei in wrâldsee. Yn brede sin jildt it wurd foar al sokke wetters, mar it wurdt almeast beheind ta wetter op it kontinintaal plat mei in iepen ferbining nei de wrâldsee. In see bûten it kontinintaal plat dy't in selsstannich gehiel foarmet mei in eigen sirkulaasje hjit dan in wrâldsee; by in see, ynsletten troch lân mei in ferbining dy't út ien of mear seestrjitten bestiet, sprekt men dan fan in binnensee. In grutte hoemannichte sâlt wetter dy't lykwols gjin ferbining mei in see hat, hjit wol sletten see.

Atlantyske Oseaan foar Madeira

Seeën wurde fieden troch rivieren en troch reinwetter.

Seestreamings

bewurkje seksje

It wetter op ierde stiet net stil, krekt oarsom, it is oanienwei yn beweging. De tijwurking ferpleatst alle dagen grutte hoemannichten wetter oer ús planeet en troch drukferskillen, feroarsake troch ûnder oaren temperatuer en sâltgraad, en it koriolyseffekt ûntstean seestreamings dy't foar wettertransport oer ús planeet soargje. Dizze seestreamings binne ien fan de wichtichste faktoaren yn it klimaat op ierde, bygelyks de golfstream bringt waarmte út it Karibysk gebiet nei Jeropa, wêrtroch't Jeropa in mylder klimaat hat as bygelyks Kanada of Sibearje.

De seeën op ierde hawwe in fitale rol spile by de ûntwikkeling fan it libben op ierde. It libben spile him oant sa'n 400 miljoen jier ferlyn allinnich yn it wetter ôf. Earst yn it devoan kamen de earste planten oan lân en produsearje op grutte skaal soerstof, wêrnei't yn itselde tiidrek de amfibyen oan lân gean koenen. Noch altyd krioelt it yn de seeën fan libben, wêrfan't de minsken mar in lyts part yn kaart brocht hawwe. Foarbylden fan ekosystemen yn see binne koraalriffen en kelpwâlen.

See en minske

bewurkje seksje

Al sûnt de âldheid spylje de seeën in wichtige rol foar de minskheid. Se binne in belangrike boarne fan fiedsel foar ús en de skipsboutechniken út de âldheid makke it de minske foar it earst mooglik grutte hoemannichten massa oer grutte ôfstannen te ferfieren. Seeën waarden transport-ieren yn de hannel en krigen in militêr belang. It sêfte klimaat dat de golfstream Jeropa jout hat grif in krityske faktor west yn it ûntwikkeljen fan de Jeropeeske beskaving en troch de see is de Jeropeeske beskaving sûnt de renêssânse wer oer de rest fan de wrâld útdijd. Letter krigen de seeën in funksje yn it wrâldwide persoaneferfier en tsjintwurdich hawwe se benammen in belang yn it frachtferfier. De seeën foarmje hjoed de dei in fitale libbensier fan de wolfeart.

Sletten seeën

bewurkje seksje

Neffens boppesteande definysje binne dizze sletten seeën gjin see:

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  • Wikiwurdboek-side - see