[go: up one dir, main page]

In koraalrif is in ekosysteem ûnder wetter, dat oanmakke wurdt troch rifbouwende soarten koraal. It bestiet út 'e gearklofte kalkstiennene eksoskeletten fan generaasjes ôfstoarne koraalpolipen. De earste polipen fan sa'n koloanje sette har fêst op 'e rotsen, wêrnei't hieltyd nije polipen boppe-op it skelet fan in genetysk identike foargonger groeie. Op dy wize wurde de measte koraalriffen opboud troch stienkoralen, wêrfan't de faak kleurrike polipen ûnderling ferbûn binne troch in stevich kalkskelet.

De biodiversiteit fan in koraalrif yn Austraalje.

Koralen binne primitive dieren, dy't hearre ta de klasse fan 'e blomdieren (Anthozoa) fan 'e stamme fan 'e netteldieren (Cnidaria), dêr't ek de see-anemoanen en de kwabben ûnder falle. Koralen, dy't binnen de blomdieren in parafyletyske groep foarmje, binne de iennichste blomdieren dy't in kalkskelet foarmje en dêrmei in rif opbouwe. Se ferskynden foar it earst sa'n 485 miljoen jier lyn oan it begjin fan it geologysk tiidrek fan it Ordovisium, doe't se mei harren koraalriffen de eardere mikrobiale en spûnsriffen út it Kambrium ferfongen.

Der besteane ferskate soarten koraalriffen. In kustrif rint deun by de kust lâns. In barriêrerif is in útstrutsen rif dat ek by de kust lâns rint (en dêr in barriêre foar foarmet), mar folle fierder yn see. In platfoarmrif is in rif dat net by de kust leit en fan boppen net in râne, mar in frij plat oansjen hat. In atol of atolrif is in rûneftich rif dat him by de kust lâns om in eilân hinne foarme hat, wêrnei't it eilân sels ûnder wetter weisakke is, mei as gefolch dat der inkeld noch in sirkelfoarmich rif oerbleaun is.

Koraalriffen wurde soms wol de "reinwâlden fan 'e see" neamd, om't se in ekosysteem foarmje mei ien fan 'e grutste biodiversiteiten fan 'e wrâld. Se beslane minder as 0,1% fan it see-oerflak op 'e wrâld (yn totaal likernôch 284.300 km², wat delkomt op rûchwei de helte fan Frankryk), mar dochs biede se in wenplak oan teminsten 25% fan alle libben yn 'e seeën. Njonken koralen giet it dêrby om oare netteldieren (lykas see-anemoanen en kwabben), mar ek fisken, weakdieren (lykas slakken en inketfisken), wjirmen, kreefteftigen, stikelhûdigen, manteldieren en spûnsdieren. Koraalriffen fynt men it measte yn tropyske (en dêrom relatyf waarme) ûndjippe seeën, mar se komme ek foar yn djipper en kâlder wetter.

De lokaasjes fan koraalriffen op 'e wrâld.

Behalven foar biodiversiteit yn 'e see soargje koraalriffen ek foar kustbeskerming tsjin stoarmen en orkanen, en yn 'e minsklike kontekst foar mooglikheden ta fiskerij en toerisme. De jierlikse wrâldwide ekonomyske wearde fan koraalriffen wurdt rûsd op tusken de $375 miljard en de $9,9 biljoen. It bekendste en populêrste koraalrif fan 'e wrâld is it Grutte Barriêrerif, foar de kust fan 'e Australyske dielsteat Queenslân.

Koraalriffen binne lykwols fragile dingen, foar in part om't se tige gefoelich binne foar de omstannichheden ûnder wetter. Yn 'e ienentweintichste iuw wurde se bedrige troch in oerskot oan fiedingstoffen (stikstof en fosfor), de klimaatferoaring dy't stiigjende temperatueren fan it seewetter ta gefolch hat, seefersuorring, oerbefisking (fral mei destruktive metoaden as eksploazjefiskjen en syanidefiskjen, mar ek troch spearfiskjen ûnder it snorkeljen), it rispjen fan koraal foar gebrûk yn 'e produksje fan sinnebrânoalje, en kwealike praktiken oangeande lângebrûk, lykas it yn see siperjen fan ôffloeiïng fan keunstdong en jarre.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.