[go: up one dir, main page]

Súd-Koreä

(Trochferwiisd fan Republyk Koreä)

Súd-Koreä, offisjeel de Republyk Koreä, is in lân yn East-Aazje. De haadstêd is Seoul en de tsjintwurdige presidint is Roh Moo-hyun, dy't sûnt 2002 regearret.

Dit artikel is in stobbe oer lân.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
대한 민국
Daehan Minguk
Flagge fan Súd-Koreä Wapen fan Súd-Koreä
Flagge Wapen
Lokaasje fan Súd-Koreä
Offisjele taal Koreaansk
Haadstêd Seoel
Steatsfoarm Republyk
Presidint Moon Jae-in (문재인 ; 文在寅)
Gebiet
% wetter
99.274 km²
0,3­%
Ynwenners (2005) 48 miljoen
Munt Súd-Koreaanske won (KRW)
Tiidsône UTC +9
Lânkoade KOR
Ynternet .kr
Tillefoan 82

Súd-Koreä wurdt begrinzge troch:

 
De berch Hallansan op Jeju-do

It lânskip yn it súdlike part fan it Koreaanske skiereilân is foar it grutste part bercheftich en wurdt troch fiif grutte berchtmen trochsnien. Heechste berch is de fulkaan Hallasan (san = „Berch”) mei 1950 meter op it eilân Jeju-do, op it Súd-Koreaanske fêstelân is de heechste, de Jirisan mei 1915 meter en de Seoraksan yn it noardeasten mei 1708 meter. Oars as de kearsrjochte eastkust hawwe de súd- en westkust in protte ynhammen. Yn it suden leit in heuvelich en fruchtber gebiet dêr't de rivier de Natong rint en yn de Giele See útkomt. Omdat it lân foar om-ende-by 70% út bergen bestiet en de hellingen net beboud wurde meie, is it oerflak dat brûkt wurde kin foar lânbou net grut. Yn it westen leit in 50-100 km wide kustflakte. De grutte rivieren mûnje allen út yn de Giele See en binne beheind te befarren.

Foar de súdwestlike kust lizzen wol trije tûzen eilannen, dy't foar it grutste part lyts binne en net bewenne wurde. It grutste eilân is Jeju-do.

Utsein it subtropyske suden is it klimaat koel en evenredich.