[go: up one dir, main page]

In kânsel of preekstoel is in ferhege plak yn in tsjerke dêr't de geastlike fan ôf sprekt. Net tsjinsteande it wurd preekstoel docht hy dat altyd steande. De preekstoel stiet symboal foar de berch dêr't Jezus fan ôf preke[1].

Kânsel fan Hindrik II út it jier 1014 yn de Dom fan Aken

It wurd kânsel stamt út it Latyn cancelli en betsjut "traaljewurk" of "hikke". De preekstoel is fuortkomd út de âldkristlike ambo en út it midsiuwske doksaal dat tsjinst docht as ôfskieding tusken it skip fan de tsjerke en it koar. De Dominikanen brûkten yn Dútslân en Itaalje draachbere kânsels dy't op liuwefigueren rêsten (symboal fan it oerwûne kwea). Fêststeande preekstuollen wienen al bekend yn de 15e iuw, mar waarden pas algemien yn de 16e en 17e iuw troch it Konsylje fan Trente (1545-1563) dat oan de preken mear oandacht bestege wurde moast.

Yn grutte tsjerken waarden de preekstuollen faak heech boud mei elaborearre fersieringen. De preek waard dan ek 'fan boppe ôf' ferteld. De kânsel bleau ek nei de reformaasje bestean yn protestantske tsjerken. Yn Eastersk-Ortodokse Tsjerken is it faak in leechsteand platfoarm.

Boppe de preekstoel sit faak in klankboerd, dat fanâlds de akoestyk ferbettere. Omdat der tsjintwurdich lûdsynstallaasjes brûkt wurde, is dat no net mear needsaaklik.

De tradisjonele kânsel is in lytse romte, faak mei in tagongsdoarke, dêr't it ûnderlichem fan de foargonger efter net sichtber is. Yn moderne protestantske tsjerken is de lytse kânsel ferfongen troch in poadium wêrop't romte is foar mear aktiviteiten. Dêrop stiet dan in lessener. Hat de foargonger dan ek noch in triedleaze mikrofoan op de revers, dan hat er hjir folle mear bewegingsfrijheid.

  1. Fernijing fan it tsjerkeynterieur nei it twadde Fatikaans konsylje