[go: up one dir, main page]

Pieter van der Zaag

Pieter van der Zaag (Gryptsjerk, 12 novimber 1940) is in Nederlânsk bestjoerder.

Pieter van der Zaag

De CDA'er van der Zaag wennet yn Fryslân en wie boargemaster fan de eartydske gemeente Midwolda (1975-1983) en ek in skoftke waarnimmend boargemaster fant Bad Nijeskâns (1980-1981).

Dêrnei wie er earste boarger fan Nijkerk (1983-1989) en Smellingerlân (1989-2005). Letter hat er noch waarnimmend boargemaster west fan Arcen en Velden (2006) en Haren (2007). Fan febrewaris 2009 oant 31 desimber 2009 wie er waarnimmend boargemaster fan Wynskoat, opfolger fan Janny Vlietstra, dy't deputearre wurden is yn de provinsje Drinte. De gemeente Wynskoat is 1 jannewaris 2010 opheft. Op 11 oktober 2010 waard Van der Zaag waarnimmend boargemaster fan Winsum, in tydlike beneaming, neidat Rinus Michels oardelmoanne dêrfoar mei sykteferlof gien wie.