[go: up one dir, main page]

De Pioneer 10 (ek wol Pioneer F neamd) is in net-bemanne romtefartúch fan de NASA, dat op 3 maart 1972 lansearre waard. It doel fan de missy wie it ferkennen fan de bûtenste dielen fan ús sinnestelsel en is ûnderdiel fan it Pioneer programma.

Lansearring Pioneer 10 missy.
Foto: NASA
Gouden plaat befestige oan Pioneer 10.
Foto: NASA

De Pioneer 10 wie de earste sonde nei de planeet Jupiter, dy't op 3 desimber 1973 hiel ticht benei kaam waard, en gong as earste troch de planetoïdegurdle. Ek wie de Pioneer 10 de earste sonde dy't it sinnestelsel ferliet op 13 juny 1983 doe't er Neptunus efter him liet (dat doe de bûtenste planeet wie troch de elliptyske baan fan de planeet Pluto).

Oant 17 febrewaris 1998 wie de Pioneer 10 it fierst ferwidere troch minsken makke objekt yn de romte. Op dy dei waard de berikte ôfstân fan de ierde benei kaam troch de Voyager 1 dy't fan dat stuit ôf in foarsprong oan it opbouwen is.

De Pioneer 10 reizget yn de rjochting fan de stjer Aldebaran yn it stjerrebyld Taurus dêr't er oer mear as 2 miljoen jier oankomme sil.

Pioneer 10 baan yn it sinnestelsel