[go: up one dir, main page]

Moarden fan Dokkum

De Moarden fan Dokkum wienen op 22 jannewaris 1945 in Dútse ferjildingsaksje.

Monumint oan de Wâldwei
It oarlochsmonumint op it Noarderbolwurk, ûntbleate yn 1949 ta neitins oan 51 slachtoffers yn de besetting. Op 'e linkerkant de nammen fan 'e tweintich fusillearden.

Op freed 19 jannewaris 1945 waarden trije fersetslju, wylst se troch de Sicherheitsdienst nei Ljouwert transportearre waarden, befrijd troch it Ferset. Ien fan harren, de Dokkummer apteker Piet Gunster, wie in wichtich man yn it Dokkummer ferset, dat omdat er finzen nommen wie, wienen der in protte minsken yn gefaar. Neist Gunster sieten Jan Formsma en Rienk Hacquebord yn de auto dy't tagelyk mei him finzen nommen wiene, mar net direkt yn it ferset behelle wienen. Op de Falom waard de brêge iepenset om de auto fan de Sicherheitsdienst stopje te litten, en doe't dat slagge, waard dy oerfallen. By de aksje rekke ien Dútser om hals, en net folle letter ferstoar in twadden. Gunster rekke ferwûne oan in skonk, mar koe ûntkomme. Formsma en Hacquebord bleaunen yn de auto efter om sadwaande sjen te litten dat se gjin skuld oan 'e oanslach hienen; beide waarden letter frijlitten[1]

As ferjilding waarden op moandei 22 jannewaris tsien finzenen út Ljouwert helle, en nochris tsien út Grins. Dy hienen neat mei dy oerfal te krijen, mar se waarden meinommen om in boadskip dúdlik te meitsjen. De tweintich manlju waarden nei Dokkum brocht, en dêr oan de súdkant fan 'e stêd, oan de Wâldwei, yn ploechjes fan fiif fusilearre. SS-Hauptsturmführer Artur Albrecht hie de lieding oer de fusillade. Elts ploechje moast earst de liken fan de eardere groep rjochtlizze, en dan waarden se sels deasketten. De liken bleaunen in etmel lizzen om it boadskip noch better oerkomme te litten.

Anno 2005 wurde de Moarden fan Dokkum noch hieltiid alle jierren betocht op 22 jannewaris.

De slachtoffers

bewurkje seksje
  • Adler, David - Hongarije (Banyhád), keapman, wenne yn Amsterdam, 59 jier
  • Blauw, Harm - Amsterdam, opsichter, wenne yn Grins, 27 jier
  • Boersema, Hendrik – Antwerpen, gemeenteamtner, wenne yn Stedem, 41 jier
  • Bukers, Jan – berne yn Ljouwert, fertsjintwurdiger, wenne yn Grins, 41 jaar
  • Dijken, Jan van – Appingedam, direkteur postkantoar, wenne yn Dokkum, 41 jier
  • Duursma, Jan, berne en wenne yn Marum, brânwarman, 41 jier
  • Frensdorf, Arnold, Dútslân (Frankfurt am Main), keapman yn Amsterdam, 63 jier
  • Gelder, Herman van – berne en wenjend yn Grins, slachter, 33 jier
  • Heijdenrijk, Aris - út Rotterdam, kelner, wenjend yn Ljouwert, 36 jier
  • Hulshoff, Louwrens – berne en wenjend yn Dokkum, bankmeiwurker, 24 jier
  • Krohne, Heinrich - berne yn Grins, boufakker, Grins, 41 jier
  • Krolis, Hinne – berne yn Nijlân, gemeenteamtner, Ljouwert, 51 jier
  • Lommert, Hendrik – berne yn Grins, tekener, út Grins, 21 jier
  • Meinsma, Ernst – berne en wenjend Nes (Dongeradiel), lânbouwer, 55 jier
  • Moorman, Wilhelmus – berne yn Dimter, kantoarklerk yn Didam, 19 jier
  • Postma, Geale – berne en wenjend yn Driesum, boere-arbeider, 23 jaar
  • Ruinen, Jarl – berne yn Nederlânsk-Ynje (Kota Radja), hûsdokter, wenjend yn Ie, 38 jier
  • Sachs, Abraham – berne yn Wynskoat, keapman, wenne yn Amsterdam, 55 jier
  • Walters, Freerk – berne en wenjend yn Oude-Pekela, polysje yn Oude Pekela, 19 jier
  • Woldringh, Hendrik – berne yn Zuidwolde, belêstingamtner, wenjend yn Grins, 60 jier

[2]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Tracesofwar, Overval op gevangenentransport en Duitse vergelding in Dokkum op 22 januari 1945
  2. Overval op gevangenentransport en Duitse vergelding in Dokkum op 22 januari 1945 by TracesOfWar