[go: up one dir, main page]

Mauretaanje

(Trochferwiisd fan Mauritaanje)
République Islamique de Mauritanie
Al-Ğumhūriyyah al-Islāmiyyah al-Mūrītāniyyah

الجمهورية الإسلامية الموريتانية
Flagge fan Mauretaanje Wapen fan Mauretaanje
Flagge Wapen
Lokaasje fan Mauretaanje
Offisjele taal Arabysk
Haadstêd Nouakchott
Steatsfoarm Islamytyske republyk
Gebiet 1.030.700 km²
Ynwenners (2013/2016) 3.537.368
4.301.018
Munt Ouguiya (MRO)
Tiidsône UTC +0
Nasjonale feestdei 28 novimber
Lânkoade MRT
Ynternet .mr
Tillefoan 222

Mauretaanje, folút de Islamityske Republyk Mauretaanje, is in lân yn Afrika.

It lân wurdt begrinzge troch:

Efter de Atlantyske kust lizze grutte flakten en wiidweidige plato's mei steppefegetaasje. It grutste diel fan it lân wurdt yn beslach nommen troch de Sahara mei sân- en rotswoastinen. De heechste gebieten fan Mauretaanje binne de plato's fan Adrar en Tagant op sawat 500 meter hichte.

It klimaat is tige skrok en allinnich yn it uterste suden by de rivier de Senegal lâns kin savannes waakse mei palmen en beammen. De stêden Chinguetti, Oulata, Tichit en Oudane binne fan ienich toeristysk belang. Oan de kust leit it fûgelreservaat Djoudj en it nasjonaal park Banc d'Arguin.

Al yn de 11e iuw wie Mauretaanje in islamitysk lân. It waard yn 1902 troch Frankryk ferovere, dy't it gebiet tafoege oan harren Frânske koloanje West-Afrika. Yn 1960 krige it ûnôfhinklikens. Mauretaanje oermastere it súdlike part fan de doetiidske Spaanske Sahara yn 1976. Troch de jierrenlange striid tsjin de guerrilla beweging Polisario moast Mauretaanje de eardere Spaanske Sahara belies jaan (tsjintwurdich de Westlike Sahara.

Presidint Taya hat in skoftlang tusken 1984 en 2005 regeare oer Mauretaanje. Hy kaam op 12 desimber 1984 troch in steatsgreep oan de macht. Under syn regear waarden yn 1992 ferkiezings hâlden, dêr't hy derby yn slagge in mearderheid fan stimmen te beheljen. Yn juny 2003 waard tsjin him in steatsgreep besocht dy't lykwols mislearre. Hy waard yn novimber datselde jier opnij werkeazen as presidint foar in nij tiidrek fan seis jier, mar op 3 augustus 2005 waard hy lykwols ôfset mei help fan de militêren. In protte boargers hawwe syn presidintskip as diktatoriaal belibben.

Nei de machtsgreep waard kolonel Ely Ould Mohamed Vall de nije presidint fan Mauretaanje. Under syn regear waarden twa jier letter demokratyske ferkiezings hâlden. Dizze ferkiezings waard wûn troch Sidi Ould Sjeikh Abdallahi dy't op 26 maart 2007 de nije presidint waard.

In tredde fan de befolking is Moarsk komôf, in mingeling fan Arabieren en Berbers, in tredde wurdt rekkene ta de negers, it swarte part fan de befolking en it oare part is wer in mingeling fan Moaren en Negers.

Wat de godstsjinst oanbelanget is sawat de hiele befolking moslim en libje yn it lân mar in pear tûzen kristenen.

Troch oanhâldende drûchte is it oandiel fan de tradisjoneel nomadyske befolking tebek rûn en beheine. De fersteedliking is fierder tanommen en mar 0,2 persint fan in lân geskikt foar lânbou. Fruchtbere boulân leit by de Senegal lâns en yn oases en wadys yn it suden. It wurdt lytsskalich beboud en leveret allinnich it heechst needsaaklike. Yn de súdlike steppegoardel wurdt dien oan feefokkerij. De seefiskerij smiet it measte op troch de eksport nei oare lannen.