[go: up one dir, main page]

Verspreiding van de Berbers in Noordwest Afrika

Fersprieding fan de Berbers yn Noardwest Afrika.

         Shleuhs          Berbers (Midatlas)
         Riffinen          Sjenwa
         Kabyljers          Sjawy
         Tûarek          Sahara Berbers

De Berbers (betiden ek Imazigen, meartal fan Amazich, neamd), binne de oarspronklike ynwenners fan Noard-Afrika. De Lybjers, Numydjers en Moaren út de âldheid wienen Berberske folken. De eardere Berbers libben yn in gebiet dat rûn fan de Atlantyske Oseaan oant-en-mei de Siwa-Oäze yn Egypte, en fan Tuneezje oant de Sahel. Dat gebiet waard eartiids ek oantsjutten as Barbarije (Berberske Wrâld), wat ôflaat is fan it Grykske wurd Barbaros.

Tsjintwurdich binne Berbers fral te finen yn Marokko, Algerije en Lybje. Tuneezje lykwols is sadanich arabisearre, dat meastepart fan de Berbers de Arabyske kultuer en identiteit oernomd hawwe, mei alle aspekten dêrfan (bygelyks taal en keuken). Ek yn Mauritaanje, Maly en Gana, en troch emigraasje nei Jeropa (nei skatting trije miljoen; benammen yn Frankryk, Nederlân en Belgje), binne grutte mienskippen fan Berbers.

Der ûntstienen al hiel betiid Berberbeskavings yn Noard-Afrika, û.o. yn Numydje en Mauretaanje. Yn Egypte binne beskilderings fan grêftomben fûn dy't wize op in Berber-kultuer fan foar 2400 f.Kr. Bekende yntellektuele Imazigen wienen Aurelius Augustinus, Apuleius en Terentius Afer.

De oarsprong fan de Berbers is net wis. Relaasjes dy't mei Kanaäniten, Fenysjers, Kelten, Basken en Kaukaasjers lein wurde, binne fral spekulatyf fan aard. Ek wurdt der sein dat Berbers ôfstammelingen wêze soenen fan Saharabewenners doe't de woastyn yn de iistiden noch in fruchtbere flakte wie. Neffens de direkteur fan it Marokkaansk Ynstitút foar Amazigh-Kultuer (IRCAM), Mohamed Chafik, wie it ûntstean fan de Berberfolken in dynamysk proses.

Arabisearring fan de Berbers

bewurkje seksje

Trochdat de islamityske en Arabyske kultuer meastentiids as superieur beskôge waard, hat in sterke aribisearring plakfûn yn in protte Noard-Afrikaanske lannen. Dat proses gie lykop mei diskriminaasje fan Berbers, dêr't harren taal, kultuer en identiteit troch bedrige waard. Yn Tuneezje is dêrtroch it oantal Berbertaligen hiel bot tebekrûn dat it sawat net mear sprutsen wurdt.

Feitlik stammet de grutte mearderheid fan de befolking fan Marokko, Algerije, Tuneezje en Lybje ôf fan de Berbers. De ymmigrearre Fenysjers, Griken, Romeinen, Fandalen, Wytsingen en Arabieren hawwe altyd in lytse minderheid west neffens de lânseigen befolking.

  De Wikipedy hat ek in side Berbertalen.

De Berbers sprekke de Berbertalen (binnen Marokko en Noard-Algerije wurdt ek de term 'Tamazight' brûkt). De Berbertalen foarmje in tûke fan de Afro-Aziatyske taalfamylje en dêrtroch fier besibbe oan de Semityske talen. Yn Marokko en Noard-Algerije wurde de Berbertalen fan lofts nei rjochts skreaun (en net fan rjochts nei lofts, lykas by it Arabysk it gefal is); it skrift dat dêrfoar brûkt wurdt, wurdt Tifinagh neamd. Foarbylden fan Berbertalen of -dialekten binne it Tasjelhit, it Riffynsk, it Midatlas-Tamazight, it Kabilysk, it Tarifit, it Tamasjek (de taal fan de Tûarek yn de Sahara), en it Siwi (Egypte).

It meastepart fan de Berbers hat it soennityske moslims leauwe. Foar de feroverings fan de 7e iuw n.Kr. wienen de Berbers kristlik, mei in grutte joadske minderheid.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: